III. De protter en de ko, yn: Nuttich

Publisearre op 19 april 2007

‘Goeie, ko,’ sei de protter. ‘Hâldst it noch wat kôgjende?’

De ko slokte en grommele:

‘Wat moat dat, lyts bretaaltsje?’

‘Do weidest hiel wat ôf,’ gong de protter fierder, ‘foar dy pûde molke en dy hûd fol fleis.’

De ko swypke yn ien klap trije miggen dea en grânzge:

‘Hasto wolris in traap fan in kowepoat hân?’ Se sei mar wat, se wist sa gau neat oars te betinken.

‘Nee,’ rôp de protter en struts del op har rêch, krekt bûten berik fan de sturt, dêr’t er wat libben guod út it hier begûn te pikken. ‘En do hast ek noch nea oan in heak yn it slachthûs hong, tink?’

‘Wat seist?,’stinde de ko kjel.

‘Sjochste, do bist respektabel, ko, want do bist nuttich. Al dat kôgjen fan dy hat mar ien doel: dysels útmelke en opite te litten.

‘Flean op do!’ bâlte de ko.

‘Do mochtst wolle datst it koest,’ antwurde de protter. ‘Wacht, ik fyn hjir noch in lekker imeltsje!’ En hy pripte fûl yn ‘e kowehûd.

De ko kroane, wylst de protter skatterjend nei de bûthúsnaald fleach.

 

 

Earder publiseard yn de Moanne, 6 (2007),  4 (maaie), s. 44-45.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels