II. De kikkert en de flinter, yn: Oermacht
Op it pompeblêd siet in kikkert en in eintsje fierder de flinter op in swanneblom. De kikkert blies sokke prachtige bellen oan wjerskanten fan syn bek dat er wat fan in generaal weikrige en begûn te kwekkerjen as spruts er in leger ta. Doe eage er nei de flinter en frege spytgnyskjend: ‘Kinsto dat?’ De […]
III. De protter en de ko, yn: Nuttich
‘Goeie, ko,’ sei de protter. ‘Hâldst it noch wat kôgjende?’ De ko slokte en grommele: ‘Wat moat dat, lyts bretaaltsje?’ ‘Do weidest hiel wat ôf,’ gong de protter fierder, ‘foar dy pûde molke en dy hûd fol fleis.’ De ko swypke yn ien klap trije miggen dea en grânzge: ‘Hasto wolris in traap fan in […]
XIII. It iikhoarntsje en de spjocht, yn: It Boadskip
HARMEN WIND – ‘Wa seist dat kloppe?,’ frege it mantsje. Mei syn kastanjebrune plomsturt wiuwde er himsels en it wyfke koelte ta. It wie near yn it ferboude ûlenêst. ‘Dy bûnte!,’ snaude se, ‘dat hammeret mar gatten yn ús beam, in ûnderminende misliksma is it. Noch even, dan stekt er syn snaffel yn ús keamer!’ […]
Kattestreken
MINDERT WIJNSTRA – (Nei in âld folksferhaal) Der wie ris in kat mei in dûbele namme. George W. hjitte er folút. Wêr’t dy W foar stie, wist gjinien, mar de kat liet him der graach op foarstean dat er út in ferneamde famylje kaam dêr’t in dûbele namme wenst wie. Hy wie de baas […]
It krystmiel
MINDERT WIJNSTRA – Op in kâlde dei yn it lêst fan desimber brocht de foks in besite oan syn freon de hoanne. Bôke siet iensum en allinnich op stôk. Rein seach ris om him hinne. It hinnehok lei der leech en ferlitten by. Dêr waard er net fleuriger fan. ‘Ik ha fan ’t jier as […]
Snoek en bears út te silen
MINDERT WIJNSTRA – In jonge snoek hie in boatsje fûn oan ’e kant fan ’e mar. In wrak. It lekte oan alle kanten, it roer wie ferdwûn en de mêst lei heal oerboard. Mar de snoek seach der noch wol ljocht yn. Hy stoppe de gatten ticht mei reidstâlen, sette de mêst wer oerein en […]