Skriuwe foar FeRstival

FeRstival

Wa skriuwt dit jier in fers foar 12 oant mei 18-jierrigen dat geskikt is om foar te dragen? De organisaasje wil foar de edysje fan 2023 wer in FeRsefariaasje-bondel gearstalle mei safolle mooglik nije fersen. Ut dy fersen kieze dielnimmers it gedicht foar de foarronde. FeRsefariaasje In karkommisje giet (anonym) gear oer de fersen. Wurde […]

Understeboppe Baas

Preston Losack

Yn kafee De Gouden Leeuw fan Tresoar waard op dichtersdei 26 jannewaris Operaesje Fers út de wintersliep helle. De opnamen foar de legindaryske dichterstillefoan binne digitalisearre en wer te beharkjen. Neffens Syds Wiersma fan it Frysk Film & Audio Argyf, is dêrmei in belofte oan dichter (en dokumintalist foar it byld en gelûdsargyf) Tsjisse Hettema […]

Gabrielle en Arjan Bedoele It Net Ferkeard: “Ambysjes”

Wat binne eins ús ambysjes, noch wichtiger, wat binne de ambysjes fan ús gasten? We prate mei Gurbe en Peter fan Stoflik Omskot. Fierder prate we oer ESNS, De Fryske God Mika, en bestiet Jorwert no wol of net? Ek oer de films Banshees of Inisherin en it einleas lange Babylon yn it filmhûs, oer […]

Gabrielle en Arjan Bedoele It Net Ferkeard: “Spoilers”

Yn dizze ôflevering ha we it oer lieding jaan oan artysten, de Fryske popawards, it ferstjerren fan Baukje Wytsma, dry january en oer ús fakânsjes. Aart Staartjes yn in erotyske film. Wat ha we lêzen en dien? (Spoiler Alert: Net safolle) Spesjale gast: Amarins Geveke! Underwerpen diskear ûnder oaren: Boeken: Baukje Wytsma – Noch ien […]

Baukje Wytsma: Altyd novimber

Baukje Wytsma, altyd novimber

In Memoriam Baukje Wytsma (1946-2022) Skriuwster en dichteres Baukje Wytsma (Reduzum, 01-04-1946) is tongersdei ûnferwachts ferstoarn. Sy is 76 jier wurden. Foar de Moanne hat sy in protte moaie bydragen levere, wêrûnder it gedicht ‘Altyd novimber’ dat te lêzen is yn de lêste edysje fan 2022. Wytsma lit in ryk oeuvre nei oan Fryske berneboeken, lietteksten, […]

Der is in fûgel yn myn âldste dreamen

In Memoriam Baukje Wytsma (1946-2022) ‘Wyt ljocht dat op de dingen falt, in ûnmeilydsum.ljocht. Tiid en plak ferdiizje. Libben om ‘e nocht.’ Nee, dit is net in passaazje út Wyt Ljocht, de meast resinte bondel fan Baukje Wytsma, mar ien út har foarige, Sân Wylgen (2010). Yn it earste fers fan Wyt Ljocht, in koarte […]

Gabrielle & Arjan Bedoele It Net Ferkeard 22-12-22

Harkje nei: Gabrielle en Arjan Bedoele It Net Ferkeard Gabrielle liet A.I. in blackmetal-tekst skriuwe, it risseltaat liket derop! Te goed? En wat bard der as it Mr. Roboto-programma jins redaksjonele taken oernimt? Yn de podcast #NetFerkeard giet it fierder oer de moaiste films fan it jier en Henk Dillerop fertelt oer De Vrienden Van […]

Jurre Kuipers, Marrit Boetje en Marije Reitsema winne FeRstival

HEARRENFEAN – Jurre Kuipers, Marrit Boetje en Marije Reitsema hawwe de 79e edysje fan FeRstival wûn, de Fryske foardrachtwedstriid foar learlingen út it fuortset ûnderwiis. Yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean makken sy mei harren foardrachten de measte yndruk op de sjuery. Jurre Kuipers fan Piter Jelles Stedsgymnasium wie de grutte winner by de […]

Gedichten fan Mary Oliver (slot) : De Simmerdei

DE SIMMERDEI Wa hat de wrâld makke?Wa hat de swan makke, en de swarte bear?Wa hat de sprinkhoanne makke?Dizze sprinkhoanne, bedoel ik –dy’t út it gers tefoarskyn kaam is,dy’t sûker út myn hân yt,dy’t har kaken hinne en wer beweecht yn plak fan op en del –dy’t mei har grutte gearstalde eagen om har hinne […]

Gedichten fan Mary Oliver: Yn ‘e bosk sliepe

YN ‘E BOSK SLIEPE Ik tocht dat de ierdemy noch koe, senaam my sa leafdefol werom, hardonkere rokken skikkend, har bûsenfol koarstmossen en siedden. Ik sliepteas noait earder, in stienop it rivierbêd, neattusken my en it wite fjoer fan de stjerrenas myn tinzen, en se fladderenlicht as motten tusken de tûkenfan de perfekte beammen. De […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.