Jurgen van Tiggelen
fotografy: Culturele Apotheek (c) Jurgen van Tiggelen

Boeken as medisyn yn kringloopwinkel Drachten

Ljouwert UNESCO City of Literature en De Culturele Apotheek hâlde op sneon 15 july tusken 14.00 en 16.00 oere in fergees ynrinsprekoere ‘boeken op recept’ op de grutte boekôfdieling fan kringloopwinkel Hart in Friesland yn Drachten. Dizze spesjale apoteek skriuwt gjin salfkes of pillen foar, mar literêre medisinen tsjin deistige krupsjes.

Wa’t lêst hat fan keuzestress, fan ûnbeantwurde langstme of wurkwalging, in brutsen hert of oare kwalen of libbensfragen is by De Culturele Apotheek op it goede plak. De kulturele aptekers jouwe daliks en fergees in persoanlik, op maat makke boekresept, ynklusyf de juste dosering, de bêste tiid om it yn te nimmen en eventuele bywurkingen. De foarskreaune boeken kinne direkt socht en kocht wurde by de kringloopwinkel.

Ljouwert UNESCO City of Literature docht mei oan it Fries Leesoffensief en organisearret dêrom yn hiel Fryslân aktiviteiten dy’t mei it lêzen te krijen hawwe. Sjoch foar mear ynformaasje op www.leeuwardencityofliterature.nl.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.