Nij ferskynd by de Afûk: ‘Ien tel de ierde stil’ fan Arjan Hut 

Publisearre op 10 juli 2023

Ien tel de ierde stil is de nijste dichtbondel fan Arjan Hut en skreaun yn de tiid dat hy wâlddichter wie fan de gemeente Achtkarspelen. Yn in perioade fan lockdowns, mûlkapkes en jûnsklokken, by him thús oan de Delistrjitte, by Tresoar, yn de trein fan Ljouwert nei Bûtenpost, ûnderweis yn de bus nei Surhústerfean, op it Skriuwersarkje fan Rink van der Velde en op de camping yn De Pomp.

As in knipperjende tried rint de tiid troch Ien tel de ierde stil. Der is in winsk om de tiid te manipulearjen. ‘Wie it mar wer as froeger,’ bromt in man op it terras. Op de Feanhoop rint in klok fiif minuten foar, krekt genôch foar in suver einleaze kuiertocht nei de dunen. In hovenier rint troch de dreamen fan in doarp. Yn ferkiezingstiid litte we de ierde los. Noch in heale minút om wat te sizzen oer in nije oarloch. Mar stoppet de tiid dan echt? Ek de tiid sels docht raar. Alde simmers wurde yn mânske skuorren bewarre. Nachts skynt de sinne en liket op in bijekoer. Yn it poldertsjuster lekt de Molkwei oer de terpen.

 

Arjan Hut (Drachten, 1976) groeide op yn Surhústerfean en wennet sûnt 1996 yn Ljouwert. Hy wennet dêr mei syn frou en twa bern. Yn 2005 waard er keazen ta earste offisjele stêdsdichter fan Ljouwert. Dy titel jilde foar twa jier. Van 2019 tot 2023 wie Hut Wâlddichter, gemeentedichter fan Achtkarspelen. Behalve gedichten skriuwt hy ek oer muzyk, foar De Moanne en it Friesch Dagblad. Earder ferskynden de dichtbondels: Nachtswimmers (Bornmeer, 2004), 05/06 (Bornmeer, 2007), Tin (Afûk, 2010), Aurora Bossa Nova (Afûk, 2016), Fjoertoer yn it wâld (Afûk, 2020). Hut is ien fan de redaksjeleden fan de Moanne.

Wolkom by de boekpresintaasje

Op freedtemiddei 14 july tusken 15.00 – 17.00 oere presintearret Arjan Hut syn dichtbondel yn de Afûk-winkel yn Ljouwert. Elkenien is fan herte wolkom. 

 

Ien tel de ierde stil 

Auteur: Arjan Hut 

Utfiering: paperback 

ISBN: 978 949 3318083 

Tal siden: 60 

Ferkeappriis: € 17,50 

websjop.afuk.frl 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels