Oprop Lytse Gysbert

Bern út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân kinne wer meidwaan oan de wedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2023. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de priis: Lytse Gysbert Japicxpriis 2023 De ‘Lytse Gysbert Japicxpriis’ is in priis foar it bêste Fryske gedicht fan bern út de groepen 7 en 8 fan […]

Gabrielle en Arjan Bedoele It Net Ferkeard: Nacht fan de Filosofy

Foar dizze spesjale ôflevering binne wy te gast yn Dbieb foar de Nacht fan de Filosofy! We prate mei ferskate minsken, lykas libjende boeken mei titels as; Afgekickt, Maatschappelijk Blind en Vluchteling. In petear mei romtedichter Marjolijn van Heemstra, mei taaltinker Mounir Samuel oer wurden & wearden en foaral ek oer de sin fan it libben […]

Syds Wiersma lêst Estelles op Boeke- en Roazedei

Dichter Syds Wiersma draacht sneon 22 april by de fontein by it Ljouwerter Stasjon gedichten fan Vicent Andrés Estellés foar, ta gelegenheid fan Boeke- en Roazedei Boeke- en RoazedeiSneon 22 april sil yn de Afûk-winkel de Boeke- en Roazedei wer fierd wurde. De moarns om 11:30 oere is der in lyts programma mei ûntfangst yn […]

Poëzy Katalaanske dichter Vicent Andrés Estellés oerset (3)

Vicent Andres Estelles

De dea sil komme, en ik sil net op bêd lizze, net yn de keamer op de bank sitte: ik sil op him wachtsje yn it treppehûs, by myn famylje dy’t fan it plattelân komt, tiptop as stutsen yn sneinsklean fan seeblauwe snjit, mei de strik wat dwers, en it sil net noadich wêze dat […]

It literêr sirkwy – dielnimmers kursus Poëzy skriuwe

Woansdeitejûn 26 april organisearret Dichterskollektyf RIXT wer in Literêr Sirkwy. Dizze kear by Tresoar, yn kafee De Gouden Leeuw. Dielnimmers oan de kursus ‘Poëzy skriuwe’, ôfrûne winter organisearre troch Tresoar en RIXT, bringe harren wurk nei foarren.  Nei it skoft is der in iepen poadium. Dêr sil ûnder oaren poëzy fan de Katalaanske dichter Vicent […]

Poëzy Katalaanske dichter Vicent Andrés Estellés oerset (2)

Vicent Andres Estelles

De ferealen It fleis wol fleis. Ausiàs March Der hawwe yn Valencia net twa sa fereale west as wy. Wyld begearden wy inoar fan moarns oant nachts let. Alles stiet my wer foar eagen wylsto de wask ophingest. De jierren giene foarby, einleaze jierren; der is in soad bard. Samar ynienen grypt er my, dy […]

Poëzy Katalaanske dichter Vicent Andrés Estellés oerset (1)

Vicent Andres Estelles

Hjir bin ik te wrâld brocht, hjir bin ik. En om’t bepaalde saken my oerkomme, sjong ik der hjiroer, sis ik se hjir. Hjir bin ik te wrâld brocht, hjir bin ik. Hjir wurkje en tútsje ik. Hjir gean ik dea en hjir laitsje ik. Hjir stean ik noed foar it gewaaks. Tsien wierheden en […]

Hoge Woorden: nij poadium foar spoken word yn Fryslân

Hoge woorden

Produksjehûs Explore the North en Ljouwert UNESCO City of Literature presintearje tegearre mei spoken word-keunstner Marrit Jellema it nije spoken word-platfoarm Hoge Woorden. Marrit programearret en presintearret fjouwer poadiumjûnen mei ferskate spoken word-performers yn De Westerkerk yn Ljouwert. Spoken word is in literêre presintaasjefoarm mei in tige performatyf karakter. De poadiumjûnen binne enerzjyk en entûsjast en […]

Presintaasje blomlêzing Eeltsje Hettinga

Op 14 en 19 april presentearret dichter Eeltsje Hettinga syn dichtbondel ‘Te pearde–Tepeerde’ dy’t gearstald is nei oanlieding fan de Gysbert Japicxpriis dy’t hy wûn yn 2021. Skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga krige yn 2021 de Gysbert Japicxpriis takend foar syn wurkas Dichter fan Fryslân (2017-2019). De provinsje Fryslân stelde de laureaat yn de gelegenheidom in seleksje […]

Gabrielle en Arjan Bedoele It Net Ferkeard: Gleone Koppen

Gabrielle en Arjan wurde in depressyf fan aaklike reaksjes op Facebook ûnder nijsberjochten, wêrom is elkenien sa lilk? Bygelyks oer in plestik klitoris, men liket wol hieltyd preutser en konservativer te wurden en dat stimt ús swiermoedich. Sels yn it echt ûntkomst net oan skombekjende gleone koppen. Wat sil Arjan dwaan no ’t er gjin […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.