Pioenroaskonsert 2023 om Tsjisse Hettema hinne

‘Goeie, achteleaze besiker,
Jo stean op it punt in goede deal te dwaan mei de tiid:
Relax en lit it oer jo komme’

Dat riedt dichter Tsjisse Hettema (1955-2021) de besikers fan syn website oan (www.tsjissehettema.nl).
Itselde jildt foar it Pioenroaskonsert dit jier, dat yn it teken stiet fan syn wurk: in hommaazje oan in dichter mei muzyk, poëzy, en byldzjende keunst.

Muzyk:
It close harmony kwartet Yellow Hammer iepenet mei in komposysje ynspireard op Hettema syn gedichten en sjongt fierder in breed repertoir, fan pop, jazz oant klassyk.

Poëzy:
De dichters Arjan Hut, Sipke de Schiffart en Syds Wiersma drage gedichten fan en oer Tsjisse foar.

Byldzjende keunst:
Filtkeunstenares Aafje Bouwer (frou fan Tsjisse) eksposeart dizze middei filtwurk, resultaat fan harren projekt tegearre: Hewwy dát, de lêste dichtbondel fan Tsjisse, dy’t yn 2021 útkommen is.

Tiid: 11 juni 2023 om 15.30 oere
Plak: Andreastsjerke Winaam
Yntree: 15€

Reserveare foar in moai plakje kin hjir.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.