Gysbert Japicxpriis wike 2023

Publisearre op 7 juli 2023

Mei in lytse betinking jout Tresoar hjoed de ôftraap foar in ryk en moai programma rûn de Gysbert Japicxpriis wike nei de simmer. It programma is in gearwurking fan Tresoar, Leeuwarden City of Literature, Explore the North en de Moanne.

Dit jier wurdt de wichtichste literêre priis fan Fryslân, de Gysbert Japicxpriis, wer útrikt. De advyskommisje bestiet út Jarich Hoekstra, Jelma Knol en Rieuwert Krol. Sy hawwe alle Fryske proazawurken fan de ôfrûne fjouwer jier lêzen. Op sneon 14 oktober wurdt de priis yn Boalsert útrikt. Foarôfgeand oan dy dei wurde aktiviteiten organisearre. Tresoar hat de organisaasje yn hannen en wurket gear mei oare literêre organisaasjes.

It programma is as folgt:

Snein 8 oktober
Yn kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar sil in muzikale, literêre middei holden wurde, alles yn it teken fan de priiswinner. Sa komst yn de kunde mei de winner en it literêre wurk. Wurdt mei organisearre troch tydskrift De Moanne.
Lokaasje: Literêr kafee De Gouden Leeuw, Tresoar yn Ljouwert.
Tiid: 14.00 oere.

Tiisdei 10 oktober
Nije skriuwers litte yn kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar hearre hoe’t sy ynspirearre reitsje troch Gysbert Japicx en syn betsjutting foar de (Fryske) taal en literatuer. Ferskillende talinten fan no krije de opdracht om in nije literêre tekst te skriuwen. Hoe sjogge sy de ferhâlding tusken skreaune en sprutsen taal? Hoe geane nije skriuwers om mei meartaligens anno 2023? Op 10 oktober krije dy skriuwers it poadium. Wurdt mei organisearre troch De Moanne, Explore the North en Ljouwert UNESCO City of Literature.
Lokaasje: literêr kafee De Gouden Leeuw, Tresoar yn Ljouwert.
Tiid: Ynrin om 19.30 oere, begjin 20.00 oere.

Woansdei 11 oktober
Tialda Hoogeveen, Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân, sil op woansdei 11 oktober in kreative aktiviteit fersoargje foar skoalbern yn de biblioteek yn Boalsert. De Berneboeke-ambassadeur set har yn om lês- en boekewille te fersprieden en bringt it Frysk lêzen en praten ûnder de oandacht. De aktiviteit is spesjaal foar de útnûge skoalbern.

Tongersdei 12 oktober
Mei-inoar lêze is mei-inoar genietsje fan moaie romanfragminten, pakkende ferhalen en bysûndere gedichten, en mei-inoar prate oer wat dy teksten oproppe. It is dus gjin klassike lêsklup of boekeklup. Elkenien kin meidwaan en tarieding of foarkennis is net nedich. Yn dizze spesjale edysje fan ‘Mei-inoar lêze’ yn de Gysbert Japicxpriis wike, lêze we teksten fan de winner fan de priis, fan Gysbert Japicx sels en nij wurk fan nije Fryske skriuwers. De teksten wurde op it plak sels útdield en lûdop foarlêzen en dêrnei mei-inoar bepraten. Dizze aktiviteit wurdt organisearre yn gearwurking mei Ljouwert UNESCO City of Literature, de Culturele Apotheek en de biblioteek yn Drachten. Lokaasje: Iepenbiere biblioteek yn Drachten.
Tiid: 19.30 oere.

Lytse Gysbert
Om’t der sûnt 2013 ek in Lytse Gysbert Japicxpriis útrikt wurdt, op itselde stuit as de provinsjale Gysbert Japicxpriis, sil der yn dizze feestlike wike omtinken wêze foar bernegedichten en fansels ek foar de priiswinner fan it bêste Fryske gedicht troch skoalbern út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân. Mear ynformaasje op tresoar.nl/lytse-gysbert.

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels