Gabrielle en Arjan Bedoele it net Ferkeard: Simmerhjitte
De simmer is los! Gabrielle fytst gefaarlik mei de telefoan yn de hân en by de spoarwei-oergong sit in man mei in skyld gesicht. Arjan hat in nije bondel, mei gedichten oer de tiid: Ien tel de ierde stil. Wurdt it in hjitte simmer of in gleone simmer? Gabrielle skreau in seksy fers foar en oer Tresoar, it kantoar boud op in âlde huorrebuert.
Vikings binne eins mar domkoppen, en we sykje om in ferdwûne dichteres: Jeannette Doppenberg. En in soad fragen. Libbet Bruce Willis noch?
Hat Syds Wiersma syn Fryske Slampriis wol ûntfongen, of wie it in symboalyske sjek?
Ut gedichten fan Klaske Hiemstra, Jeannette Doppenberg en Erik Betten docht bliken dat in simmer pas ècht echt is as dy foarby is. Fierder ek oer simmertrillers, it Pioenroaskonsert yn Winaam, Meindert Talma, grutte computers, Natalia Balanina & Connie Harkema.”