6 april 2012
‘Groen Geluk. Van lusthof tot volkstuin’ Tunen en keramyk hearre byinoar. Troch de ieuwen hinne binne objekten fan keramyk lykas jardinières en oare potterij brûkt om tunen op te kreazjen. Oarsom binne keramyske foarwerpen faak dekorearre mei blommepatroanen en túntafrielen. Museum Princessehof yn Ljouwert hat dat tema oangrypt om in bysûndere tentoanstelling yn te rjochtsjen. It hiele túnseizoen is dêr de tentoanstelling ‘Groen Geluk. Van [...]
4 april 2012
De earste Moanne live fan dit jier wurdt holden op woansdei 4 april, yn gearwurking mei de Fryske ôfdieling fan de Orde van den Prince. Dit kear is de Flaamske skriuwer Erik Vlaminck te gast. Vlaminck is bekend fan syn romansyklus 'Het schismatieke schrijven', de ferpletterjende roman 'Suikerspin' en fansels 'Brandlucht, syn lêste roman oer Belgyske emigranten yn Kanada. Erik Vlaminck sil foarlêze út eigen [...]
24 februari 2012
De earste Moanne live fan dit jier wurdt holden op woansdei 4 april, 20.00 oere yn Tresoar. Ditkear is de Flaamske skriuwer Erik Vlaminck te gast. Hy sil foarlêze út eigen wurk en ynterviewd wurde troch Ernst Bruinsma. Besikers ferwûnderje har gauris oer de orizjinele bydragen oan de Moanne live. Kom ek ris del! De tagong is fergees. de Moanne – Live is in jûn [...]
24 februari 2012
EELCO VENEMA - Joran van der Sloot. Sa no en dan hearre we wer wat fan him. Bygelyks hoe min as hy behannele wurdt. Dan tink ik: moai. Do fertsjinnest elke minút yn dy Perûaanske hel. Nee, ferjaan is net myn grutste deugd. Dochs sjoch ik him as in mins en net as in meunster. Fan it earste momint ôf dat hy op televyzje kaam [...]
24 februari 2012
Siebe Johannes ten Cate waard yn 1858 berne yn Snits. Mar Ten Cate wie in reizger. Ut Snits wei gie er nei de keunstakadeemje yn Amsterdam, en letter nei Antwerpen en Brussel. Doe’t er 22 wie fêstige er him yn Parys. Wurken mei ûnderwerpen as Algiers, Luzern en Londen binne oantinkens oan syn reizen. Syn ympresjonistyske wurk waard goed ûntfongen. Syn skilderijen hongen yn renommearre [...]
15 februari 2012
Presintaasje twadde dichtbondel mei cd ‘Fan binnen út, ier foarjier/From within, early spring’, Utjouwerij Elikser, Ljouwert. Tryntsje van der Veer, gedichten; Rob Faltin, muzyk; Ouke Kooistra, fotowurk. In moai programma mei dichtwurk (û.o. Edwin de Groot, Geart Tigchelaar), in twatalich priuwke út de bondel (û.o. Sjieuwe Borger, Tjipke Bloemhof, Ineke Haase), ferhalen (û.o. Douwe Kootstra), toniel (Jaap de Graaf) en muzyk (û.o. Hindrik van der [...]
14 februari 2012
Wolle Ljouwert en de provinsje Fryslân har kandidaat stelle foar de titel fan Europeeske Kulturele Haadstêd 2018 op basis fan in (nije) dubieuze folksnasjonalistyske ideology? Dat is ien fan de ûnderlizzende fragen by it pamflet De folksnasjonalistyske taal en retoryk achter Fryslân 2040 en KH-2018, nr. 1 yn de searje Perio-pamflet. It earste eksimplaar derfan wurdt útrikt oan deputearre Jannewietske de Vries, no freed, 17 [...]
27 januari 2012
Op de Lindengracht yn Amsterdam stiet in byld fan skriuwer/ûnderwizer Theo Thijssen. Heal sittend op in skoalbankje bûcht er him oer nei in jonkje dat oan dat bankje te skriuwen sit. Oandacht en leafde sprekke út dat byld, út ’e eachopslach fan Thijssen. It byld is makke troch de keunstner Hans Bayens (1924 – 2003). Der moat hast wol in beskate besibbens wêze tusken Bayens [...]
27 januari 2012
Yn galery Smarius op ’e Gordyk is oant en mei 4 maart 2012 wurk te sjen fan Christiaan Kuitwaard en Terry Thompson. Lânskippen, ynterieurs en alledeiske gebrûksfoarwerpen: in stoel, in kopke, in doar. Dat binne de ûnderwerpen fan Kuitwaard syn wurk. Dochs binne it net de objekten sels dy’t er skildert: hy skildert it ljocht en it skaad deryn en deromhinne. De nuânses tusken ljocht [...]