Hans Bayens

Publisearre op 27 januari 2012

Op de Lindengracht yn Amsterdam stiet in byld fan skriuwer/ûnderwizer Theo Thijssen.  Heal sittend op in skoalbankje bûcht er him oer nei in jonkje dat oan dat bankje te skriuwen sit. Oandacht en leafde sprekke út dat byld, út ’e eachopslach fan Thijssen. It byld is makke troch de keunstner Hans Bayens (1924 – 2003). Der moat hast wol in beskate besibbens wêze tusken Bayens en Thijssen.

Thijssen pleite foar oandacht foar de learling as yndividu. Ek kaam er op foar bern út de arbeidersklasse. Bayens makke hjoeddeisk wurk yn de tradysje fan Breitner en Israëls.  Miskien sit de sibskip yn deselde manier fan sjen. Miskien wie it deselde leafdefolle eachopslach dêr’t Bayens syn ûnderwerpen mei beseach. Hy ferbylde de alledeiske werklikheid: bern, beminden, húsdieren. Dat late ta oandwaanlike tafrielen: in sliepende poppe, in lyts famke op in ponny, in mem mei har bern.  It libben yn al syn prachtige ienfâld.

Galery De Vis yn Harns presintearret fan 17 febrewaris oant en mei 28 april wurk fan Hans Bayens, mei dêrnjonken skilderijen fan Nicolaas Wijnberg, Harry op de Laak en Berserik.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels