Siebe Johannes ten Cate – een Sneker impressionist in Parijs

Siebe Johannes ten Cate waard yn 1858 berne yn Snits. Mar Ten Cate wie in reizger. Ut Snits wei gie er nei de keunstakadeemje yn Amsterdam, en letter nei Antwerpen en Brussel. Doe’t er 22 wie fêstige er him yn Parys. Wurken mei ûnderwerpen as Algiers, Luzern en Londen binne oantinkens oan syn reizen. Syn ympresjonistyske wurk waard goed ûntfongen. Syn skilderijen hongen yn renommearre galeryen en hy die mei oan wichtige eksposysjes. It Fries Scheepvaartmuseum yn Snits lit wurken sjen fan Ten Cate. Dy stikken komme út de kolleksjes fan it Frânske Musée Carnavalet en fan keunstsamlers út Parys en Nederlân. Njonken skilderijen binne der ek sketsen, dokuminten, foto’s en oar materiaal te sjen. De sirkel is wer rûn. Siebe Johannes ten Cate is wer ‘thús’.

Syn wurk is fan 18 febrewaris  oant en mei 13 maaie te sjen yn it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits.

Mirjam van Houten

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.