Sympoasium ‘De Sonttolregisters als bron voor historisch onderzoek’

‘De Sonttolregisters als bron voor historisch onderzoek’ is de titel fan it sympoasium dat de Wurkgroep Maritime Skiednis fan de Fryske Akademy op freed 3 febrewaris 2012 organisearret. Tusken 13.30-17.30 oere stiet de stân fan saken fan it brûken fan de Sonttolregisters as boarne foar ûndersiken nei maritime skiednis sintraal yn in fyftal lêzings. It sympoasium wurdt holden yn kongres- en stúdzjesintrum It Aljemint fan de Fryske Akademy oan de Doelestrjitte te Ljouwert. De fiertaal fan it sympoasium is Nederlânsk.

Sonttolregisters
Tresoar en de Rijksuniversiteit Groningen wurkje sûnt 2008 oan in digitale ûntsluting fan de Deenske Sonttolregisters. De database fan de earste desennia kin al rieplachte wurde op www.soundtoll.nl

Deifoarsitter fan it sympoasium is prof. dr. Lex Heerma van Voss fan it Huygens ING út Den Haag. Dr. Jan Willem Veluwenkamp fan de Rijksuniversiteit Groningen sil in yntroduksje jaan en oanjaan wat de stân fan saken is fan it projekt ‘Sonttolregisters online’. Dêrnei komt dr. Milja van Tielhof oan it wurd oer ‘De Friese scheepvaart op Archangel 1594-1724’. ‘Friese schippers in het Oostzeegebied’ is de lêste lêzing foar it teeskoft. Drs. Simone Steenbeek van de Rijksuniversiteit Groningen fersoarget dy lêzing.

Nei it skoft komt dr. Werner Scheltjens fan de Rijksuniversiteit Groningen oan it wurd by de lêzing ‘Specialisatie in de vrachtvaart in de tweede helft van de 18de eeuw. Voorbeelden: Papenburg en Pekela’. De lêste lêzing fan it sympoasium is fan dr. Harm Nijboer fan de Universiteit van Amsterdam: ‘De Oostzeehandel als verbindende factor in de Zuiderzeeregio’.

Opjefte
It sympoasium is fergees tagonklik, mar opjefte yn it foar is wol needsaaklik. Dat kin mei in e-postberjocht oan baly@fryske-akademy.nl

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.