Deputearre Jannewietske de Vries nimt earste Perio-Pamflet yn ûntfangst

Publisearre op 14 februari 2012

Wolle Ljouwert en de provinsje Fryslân har kandidaat stelle foar de titel fan Europeeske Kulturele Haadstêd 2018 op basis fan in (nije) dubieuze folksnasjonalistyske ideology?

Dat is ien fan de ûnderlizzende fragen by it pamflet De folksnasjonalistyske taal en retoryk achter Fryslân 2040 en KH-2018, nr. 1 yn de searje Perio-pamflet.

It earste eksimplaar derfan wurdt útrikt oan deputearre Jannewietske de Vries, no freed, 17 febrewaris, yn kafee De Bak (Blokhúspoarte) yn Ljouwert, middeis om 15.00 oere.

Eeltsje Hettinga jout yn dit pamflet in krityske en flymskerpe analyze fan it rapport Fan de minsken en de grûn. Toekomstagenda Fryslân Duurzaam 2040, dat  as in blaudruk tsjinne hat foar de notysje Nocht oan de takomst fan de Koöperaasjegroep 2018, dy’t ek dwaande is mei it skriuwen fan it bidbook foar de Kulturele Haadstêd 2018.

Politikolooch en skriuwer Hans van der Heijde skreau foar dit omfangrike Perio-pamflet (48 siden) in wiidweidich foaropwurd. Hy skôge beide koöperaasjerapporten, rûkte (oan) de achterlizzende ideeën en betitele it gehiel as “stinkkaas”.

=====
De folksnasjonalistyske taal en retoryk achter Fryslân 2040 en KH-2018.

Presintaasje:  freed 17 feb. om 15.00 oere

Plak:  kafee De Bak (yn Blokhûspoarte) oan it Blokhûsplein, Ljouwert.

Yntree:  fergees

Mear ynformaasje by Willem Winters, uitgeverij Perio, Beethovenstraat 5, 8916 GE Leeuwarden, w.winters@chello.nl

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels