Met Joran aan zee

EELCO VENEMA –

Joran van der Sloot. Sa no en dan hearre we wer wat fan him. Bygelyks hoe min as hy behannele wurdt. Dan tink ik: moai. Do fertsjinnest elke minút yn dy Perûaanske hel. Nee, ferjaan is net myn grutste deugd. Dochs sjoch ik him as in mins en net as in meunster. Fan it earste momint ôf dat hy op televyzje kaam (mei de Natalee Holloway-saak) wie ik troch him fassinearre. Al dy leugens, dy ferknipte persoanlikheid, syn eftergrûn en in advokaat as heit, dy’t net lang dêrnei stoar en de wierheid meinaam yn syn grêf. Want ien ding is wis oer Joran: mei de wierheid komt it net sa krekt.

Dat hy in grutte ynspiraasje is foar it teater is ek wis. Op it momint dat it foargeande spile wie ik dwaande mei in rezjy oer it ferlies fan ûnskuld. Ik koe simpelwei net om him hinne. In paradyslik eilân, twa jonge minsken en in grutte sûndefal fan bibelsk formaat.

Skriuwer Rob de Graaf hat itselde trajekt ôflein, konstatearje ik as ik de promotekst fan de foarstelling Joran aan Zee lês. Mei de kwaliteiten fan De Graaf, de rezjy (Marien Jongewaard) en fan de spilers (û.o. Sanne Vogel) sil dat seker de muoite wurdich wêze. Joran hat wer taslein as Grutte Ynspirator. Mei de groetnis út Lima.

6 maart, De Harmonie yn Ljouwert

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.