Literêre 4-stêdetocht

Sirkwy seminar 2012 – In rige lêzingen oer nijsgjirrige aspekten fan de Fryske literatuer.

Greet Andringa – It Hearrenfean

Dien wurk

Besprek fan de fiif romans fan Koos Tiemersma

Yn 2000 wûn Koos Tiemersma in Rely Jorritsmapriis mei syn ferhaal ‘Job, in alter’, it startsein fan in suksesfolle literêre karriêre. Der ferskynden fiif titels: De ljedder 2002, De mjitte 2004, It liet fan de ibis 2006, Mindgames 2007 en Under wetter 2009. Doe hâlde Tiemersma der earst mei op; syn doel is om twatalich fierder te gean.
Is it mooglik om in syntetysk oardiel te jaan oer de fiif proazawurken fan Tiemersma? Wat is de ûntjouwing yn styl en tematyk? Binne der weromkommende tema’s en motiven? Is Tiemersma in ferteller of in literêre konstrukteur? Wat foar ‘boadskip’ wol Tiemersma eventueel útdrage? In oare ynfalshoeke kin de resepsje wêze fan syn wurk: resinsjes, tal ferkochte boeken, útlieningen yn de bibleteken. Dit is ek in nijsgjirrich punt, mar ús foarkar giet út nei de ynhâld fan de wurken sels.

Sigrid Kingma – Drachten
Fryske berneliteratuer

Untjouwingen en foarútsjoch fan de ôfrûne 20 jier

Begjin jierren njoggentich kaam der in hiele groep nije Fryske berne- en jeugdboekeskriuwers nei foaren, en oaren hiene har grutste suksessen. Tink oan Hanneke de Jong, Lida Dykstra, Auck Peanstra, Anny de Jong, Mindert Wijnstra en Eppie Dam. Wat hawwe sûnt de ûntwikkelingen fan de Fryske jeugdliteratuer west? Is der in ferskowing yn tema’s en binne de maatskiplike feroaringen ek werom te finen by de jeugdboeken? Wêrom is de opkomst fan nij talint tebekrûn? Hâldt de stelling hoek dat allinne ûnderwizers goede berneboeken skriuwe kinne? Of kin men alteast feitlik konstatearje, dat de Fryske berneboekeskriuwers hast altyd út it ûnderwiis komme, en as dat sa is, wat is dan de ynfloed fan de feroaringen oan de pabû’s yn de lêste tweintich jier? Foarbylden fan resint talint: Thys Wadman en Matty de Vries (de lêste allinne yn it Nederlânsk).


Nyk de Vries –
Snits

Raffelich realisme?

Nije streaming fan in jonge generaasje skriuwers

Yn har Sirkwylêzing begjin 2011 neamde Alpita de Jong it proaza fan jongere Fryske auteurs lykas Meindert Talma, Hein Jaap Hilarides, Jaap Krol, Nyk de Vries en Hidde Boersma ‘It-giet-sa’t-it-giet-proaza’. Albertina Soepboer hie it yn In dynamyske diskusje oer ‘raffelich realisme’.

De rûnte dêr’t in protte fan dy jongere skriuwers har foar it earst yn oppenearren wie dy fan it tydskrift De Blauwe Fedde yn Grins. It bestie fan 1996 oant 2002. It ferhaal oer De Blauwe Fedde is noch net earder fan binnenút ferteld. Nyk de Vries wie der fan it begjin ôf by. Yn syn lêzing sil er in byld sketse fan hoe’t De Blauwe Fedde ûntstie, wat de tema’s wiene, wat de makkers besiele, hoe’t it blêd him ûntwikkele en wêrom’t it ophâlde.

Oan de hân fan syn eigen wurk en dat fan oaren út syn generaasje, sil Nyk de Vries oanjaan wat yn literêr opsicht it aparte is fan it ‘raffelich realisme’. Is it sintraal stellen fan it eigen libben en wurk yn har proazawurk miskien it typearjende skaaimerk fan dizze groep skriuwers? Binne der mienskiplike ynspiraasjeboarnen oan te wizen, ek bûten de Fryske literatuer? Past it yn de tiidgeast? Wêrom is allinne mar it skriuwen tsjintwurdich net mear genôch, mar giet it ek om it fersoargjen fan optredens, al dan net mei muzyk? Hat it feit dat se allegear bûten Fryslân wenje ynfloed?  Binne der ek wjergaders yn de Nederlânske of eventueel oare literatueren?

Ta beslút komt ek it takomstperspektyf op it aljemint: hoe moat it fierder mei dyselde generaasje no’t de ferkeapsifers fan boeken en Fryske yn it bysûnder al mar leger wurde en de nije media it literêre lânskip alhiel oer de kop goaie? Wat is der telâne kommen fan de yntinsjes (en dreamen?) fan dyselde generaasje?

31 jannewaris 2012
Greet Andringa – Bibleteek, It Hearrenfean
Dien wurk, besprek fan de fiif romans fan Koos Tiemersma

14 febrewaris 2012
Sigrid Kingma – Bibleteek, Drachten
Fryske berneliteratuer. ûntjouwingen en foarútsjoch oan de hân fan de ôfrûne 20 jier

28 febrewaris 2012
Nyk de Vries – Bibleteek, Snits
Raffelich realisme? Nije streaming fan in jonge generaasje skriuwers

Alle jûnen begjinne om 20:00 oere.
Tagong €5,00 per jûn, ynklusyf kofje.
Freonen fan Tresoar, bibleteekleden en studinten €3,50

Foar mear ynformaasje, sjoch op Sirkwy.

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.