Christiaan Kuitwaard en Terry Thompson

Publisearre op 27 januari 2012

Yn galery Smarius op ’e Gordyk is oant en mei  4 maart 2012 wurk te sjen fan Christiaan Kuitwaard en Terry Thompson. Lânskippen, ynterieurs en alledeiske gebrûksfoarwerpen: in stoel, in kopke, in doar. Dat binne de ûnderwerpen fan Kuitwaard syn wurk. Dochs binne it net de objekten sels dy’t er skildert: hy skildert it ljocht en it skaad deryn en deromhinne. De nuânses tusken ljocht en donker meitsje dat wy sjogge wat it is, net de kleuren, net de linen.

Dêr’t de flakken yn it wurk fan Kuitwaard sêft en stil op harren plak steane,  lykje de linen fan Thompson bytiden al núnderjend harren wei te sykjen. Njonken inoar, oer inoar. De flakken en foarmen woekerje, fertakje en waaierje út oer de drager. Ek Thompsons skulptueren lykje al groeiend ûntstien te wêzen. Baktearjes, skimmels, see-organismen, dêr dogge guon foarstellingen oan tinken.

Mirjam van Houten

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels