De ydille foarby

ABE DE VRIES –

 

Aisikersfjild

Hjir leit it blok fan de pols,
rustich fan oer,
tusken de bjinten, de rusken
oan de nútbrune wjittering,
dêr’t sulverkraal blonk
om smaragdgriene linten
fan flotgers.

It wetter fan de kaart,
bleau dit in daaldersk plak
om it hear oer te eagjen:

de grûn nei tûzen kear maitiid
yn ien moarnsskoft skeind,
blet op it spoar fan de dragline
yn bont ferskaat fan kleuren.

Skoar en moedsum seit de wyn
it ûnk fan de onlijige tiid.
De sypeagjende sinne
teraant oranje
yn it rampich swart.

Gjin fûgel te hearren.
Huorrich blinke bylâns
by foarrie oanleine strjitten
de proastige makeldersbuorden.

Us fjild ferkocht en ôflevere
dêr’t wy by wiene.

 

 

Boppesteand fers fan Jan Wybenga (1917-1994) is ien fan syn tsientallen net earder publisearre fersen dy’t ik út de argiven fan Tresoar opdûkelje koe by de research foar de ynlieding by syn Samle fersen (Utjouwerij Frysk en Frij, Ljouwert 2012). It waard it fers dat as alderlêste bydrage taheakke wurde koe oan de earder dit jier ferskynde, prachtige samling fûgelpoëzij Oer de wjuk, gearstald troch Eppie Dam.

It fers, datearjend út 1965, ‘sketst noch wol it wrangst it byld fan de natuer har ferskraling en delgong’, skriuwt Eppie Dam yn syn ynlieding. It lânskip wurdt yn de Fryske poëzij tradisjoneel romantisearre, ferhearlike en bejubele; Wybenga syn fers is ien fan de earste fersen, sa net ít earste fers, dat de delgong en oantaasting fan it lânskip tematisearret.

It is by útstek in filmysk gedicht. Oan it begjin zoomt de kamera yn op in detail: in rustkleurich blok fan in pols leit yn de reiden fan de wjittering. It hat syn kleur krigen fan ‘oer’, dat is izerhâldende grûn. Der sit ek al driging yn dy earste strofe, ommers, de sulverkraal en it flotgers wurde yn de ferline tiid beskreaun. Likegoed leit it polsblok op in ‘(..) daaldersk plak / om it hear oer te eagjen’. De kamera sil útzoome en ús it lânskip fan hjoed sjen litte.

Dan blykt it allegear kommer en kwel: de grûn is iepenskuord troch draglines, de wyn seit de ûnlijige tiid oan, de sinne sypeaget, gjin fûgel te hearren:

 

Huorrich blinke bylâns 

by foarrie oanleine strjitten

de proastige makeldersbuorden.

 

 

De nije wenwyk komt deroan. ‘Us fjild ferkocht en ôflevere / dêr’t wy by wiene’, sa einiget it treasteleaze, mar messkerpe fers. ‘Aisikersfjild’ is dêrmei (by myn witten) it earste fers yn de Fryske literatuer dat protestearret tsjin de wize sa’t wy mei ús lânskip omgean – yn alle gefallen is it ien fan de moaiste en skrinendste.

 

Eppie Dam (gst.), Oer de wjuk. Fryslâns moaiste fûgelpoëzy. Bornmeer/Tresoar/Kening fan ‘e Greide, Ljouwert 2013.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.