• 4 mei 2023

    (NL tekst hieronder) Gabrielle Terpstra studearret dit jier ôf oan de Akademy foar Popkultuer en hat dêrom in show makke mei de namme Katharsis. Op 16 mei lit se yn kafee de Gouden Leeuw yn Tresoar tegearre mei Alwin van der Toorn de reis sjen dy 't se makke hat troch ferhaal en poëzy mei muzyk te kombinearjen op it poadium. Terpstra makke dizze performance [...]

  • 19 april 2023

    Woansdeitejûn 26 april organisearret Dichterskollektyf RIXT wer in Literêr Sirkwy. Dizze kear by Tresoar, yn kafee De Gouden Leeuw. Dielnimmers oan de kursus ‘Poëzy skriuwe’, ôfrûne winter organisearre troch Tresoar en RIXT, bringe harren wurk nei foarren.  Nei it skoft is der in iepen poadium. Dêr sil ûnder oaren poëzy fan de Katalaanske dichter Vicent Andrés Estellés yn Fryske oersetting en yn it Katalaansk foardroegen [...]

  • FeRstival

    3 februari 2023

    Wa skriuwt dit jier in fers foar 12 oant mei 18-jierrigen dat geskikt is om foar te dragen? De organisaasje wil foar de edysje fan 2023 wer in FeRsefariaasje-bondel gearstalle mei safolle mooglik nije fersen. Ut dy fersen kieze dielnimmers it gedicht foar de foarronde. FeRsefariaasje In karkommisje giet (anonym) gear oer de fersen. Wurde dy geskikt achte, dan sille se bondele wurde yn FeRsefariaasje. [...]

  • Preston Losack

    2 februari 2023

    Yn kafee De Gouden Leeuw fan Tresoar waard op dichtersdei 26 jannewaris Operaesje Fers út de wintersliep helle. De opnamen foar de legindaryske dichterstillefoan binne digitalisearre en wer te beharkjen. Neffens Syds Wiersma fan it Frysk Film & Audio Argyf, is dêrmei in belofte oan dichter (en dokumintalist foar it byld en gelûdsargyf) Tsjisse Hettema (1955-2021) ynlost. Meindert Bylsma, mei-oprjochter fan Operaesje Fers yn 1968, [...]

  • Tresoar, topografyske kaart 1932

    4 november 2022

    ERIK BETTEN - Yn 1929 wie de Rykswei 9 in moderne ferbining, dy’t fan Harns nei Ljouwert rûn. Mar der siet noch ien knyppunt op ’e rûte: Marsum. Rykswettersteat woe ôf fan it gefaarlike trasee oer de terp hinne, en wie der al gau út. Der koe moai in nije dyk komme, dwers troch de monumintale tún fan it Poptaslot. En it skeelde net folle [...]

  • Portret fan Eeltsje Hettinga makke troch Elske Schotanus Oaljeferve op linnen fan 59,5 by 59,5 sm.

    18 oktober 2022

    Op fersyk fan Tresoar hat Elske Schotanus in portret makke fan Eeltsje Hettinga. Hettinga (1955) krige ferline jier de Gysbert Japicxpriis 2021 foar poëzy. De Provinsje Fryslân kende Eeltsje Hettinga de heechste literêre ûnderskieding ta foar de hast tritich gedichten dy’t hy fan 2017 oant 2019 makke as Dichter fan Fryslân. De spesjale Dichter fan Fryslân-krante by de twa Fryske deiblêden brocht syn wurk yn [...]

  • 8 oktober 2022

    Woest altyd al ris in berneferhaal skriuwe? Of miskien in berneboek? Liket it dy moai om dyn fantasije oan it wurk te setten? Mar hoe dochst dat? Hoe fier rikt dyn ferbylding? Hoe witst oft it geskikt is foar bern? Hoe skriuwst spannend of grappich of libbensecht? Wat wurket foar dy en wat perfoarst net? Berneboekeskriuwster Hanneke de Jong fersoarget in geskikte basiskursus foar dy. In [...]

  • Jetze de Vries

    22 juni 2022

    Dichters út allerhanne fermiddens sille foardrage op it Boskpoadium yn Obe. De Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma sil optrede en dichter Edwin de Groot fan it Rixt dichterskollektyf. Fan it Bosklab is oanwêzich Jetze de Vries en fan DichterBij Leeuwarden jouwe Afrida Adema, Christa Nicklewicz en Marco Merijn Klute in dichtersfoardracht. Marimba- en fibrafoanspiler Gerben Jongsma sil sawol besteande muzykstikken as eigen komposysjes hearre litte. [...]

  • Kor Onclin

    8 april 2022

    Fan 6 maart oant 5 maaie is de tentoanstelling ‘Verwondering en Verontrusting’ yn Obe oan it Aldehoustertsjerhôf yn Ljouwert. Kinst der in seleksje út it wurk fan de Ljouwerter byldzjend keunstner Kor Onclin (1918-2003) besjen. Ferskate dichters fan RIXT giene yn op de útnûging om poëzy by wurk fan Onclin te skriuwen. Dy gedichten waarden foardroegen op in literêre jûn op freed 1 april yn Obe. De kommende [...]