Ernst Bruinsma yn Op en út

Dizze boeken bespruts Ernst Bruinsma ôfrûne sneon yn it programma Op en út fan Douwe Heeringa, by Omrop Fryslân: – Torben Kuhlman, Lindbergh, in printeboek oer in mûs dy’t nei Amearika fleane wol. Ferskynd by Utjouwerij en Boekwinkel fan de Afûk – Dieter Vandenbroucke syn biografy oer Victor J. Brunclair (De De Bezige Bij Antwerpen […]

Leuk

BOUKE VAN DER HEM –  Neidat de klus dêr’t er foar kaam wie klear wie, smookte er ûnder de krekt ynstallearre ôfsûchkap syn earste sigret fan dy middei. De keuken dy’t er noch yn doazen nei binnen tôge hie – ynearsten by elk ûnderdiel de wurkskuon út, sa’t de baas de ynstallateursploech opdroech, mar yn […]

Een wandeling met Theun de Vries

WIM HAZEU –   Mijn vriend Regerus Steensma vertelde me op een winterse dag in 1969 dat Theun de Vries het epische gedicht ‘In memoriam’ van Douwe Tamminga had vertaald. Aarzelen deed ik geen moment en ik belde Theun op met de vraag of ik de vertaling in mijn tijdschrift Kentering mocht plaatsen. Hij reageerde […]

In hjerst oan see

In hjerst oan see… de namme fan in literêr evenemint yn it ramt fan De Moanne fan het Fryske Boek 2013 dat as fansels bylden en wurden opropt. In barren op Skylge dêr’t de see in wichtich elemint is, in etmiel mei ferhalen, gedichten en muzyk, in evenemint dêr’t natuer, kultuer, poëzy en literatuer ûnderfûn en […]

De ydille foarby

ABE DE VRIES –   Aisikersfjild Hjir leit it blok fan de pols, rustich fan oer, tusken de bjinten, de rusken oan de nútbrune wjittering, dêr’t sulverkraal blonk om smaragdgriene linten fan flotgers. It wetter fan de kaart, bleau dit in daaldersk plak om it hear oer te eagjen: de grûn nei tûzen kear maitiid […]

Fragminten fan in libben

MEINDERT REITSMA –   Wy binne it beërf fan in oare tiid Doe’t farren wrotten wie en it libben striid   De earste twa rigels fan it ferske Oeral thús fan de Fryske trûbadoer Piter Wilkens binne goed fan tapassing op it nijste boek fan Elske Hindriks (1957), In kop as in almenak. De skriuwster, […]

De Kliko-bak fol fertwirre tinzen

ABE DE VRIES –  Op myn stjerbêd wol ik tate ha, sa hjit de nije, fjirde dichtbondel fan Anne Feddema (1961, Ljouwert). Fryske dichters binne sljocht op tate, liket it wol; Sytse Jansma syn debútbondel (Wa’t tate seit moat ek wisky sizze, 2008) hie de memmemolke earder al yn de titel. Feddema liket langstme nei […]

Bartle Laverman: eksperiminteel sûnder eksperimint

ABE DE VRIES – Leave lea leave lea as se dy letter nei Murns ta bringe ûnder de klokkestoel om as grûn fan Gaasterlân útspield te wurden nei de Mar, oppikt fan fûgels ûnderweis, meand troch it feintsje dat noch berne wurde moat: sa moai teplak fertsjinnet feest: in freeslik âlde resinsint, ommers ‘God plukt […]

De tradysje fan it ekspansyf fertriet

ABE DE VRIES –    requiem   wês stil en harkje want dêr efter de tsjerkedoarren oan de râne fan de stêd en fierderop yn ’e romte fan it lân   klinkt in grut orkest en sjongt in koar fan tûzenen kielen neffens de partituer fan de komponist   in requiem   molkeriders yn in […]

Noord houdt woord

SITO WIJNGAARDEN –  No sneon 16 maart wurdt de earste edysje fan ‘Noord houdt woord’ holden. In alternatyf boekefeest foar it Noarden. In nij kultureel-literêr evenemint dat binnen no-time op de Twitters en Facebook omdoopt waard ta it ‘boekenbal van het Noorden’. It moat in jierliks weromkommend spektakel wurde dat in poadium biedt oan skriuwers […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.