Magysk laborant, keunstskilder Sjoerd de Vries
EELTSJE HETTINGA – Sa, dy sit! De Gerrit Benner-priis foar skilder-keunstner Sjoerd de Vries. Dizze twajierlikse priis fan de provinsje Fryslân dy’t him justerjûn yn it Fries Museum útrikt waard, krijt er foar syn hiele oeuvre. En mei rjocht. Yn in ôfladen folle foyer liet sjueryfoarsitter Ruud Schenk, konservator moderne keunst by it Grinzer Museum, […]
It debút fan Jan Mankes en Anne Zernike yn ’e Fryske literatuer?
LIUWE WESTRA – Op âlde maaie 1909 kaam de keunstner Jan Mankes oan ’e eastlike útein fan it hjoeddeiske Feen te wenjen, doe in offisjeel doarp: ’t Meer, oan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart. Foarby ’t Meer begûn Benedenknijpe, en noch wer eastliker Bovenknijpe. Dy beide lêste doarpen binne yn 1970 gearfoege ta De Knipe, dat dêrmei […]
De ydille foarby
ABE DE VRIES – Aisikersfjild Hjir leit it blok fan de pols, rustich fan oer, tusken de bjinten, de rusken oan de nútbrune wjittering, dêr’t sulverkraal blonk om smaragdgriene linten fan flotgers. It wetter fan de kaart, bleau dit in daaldersk plak om it hear oer te eagjen: de grûn nei tûzen kear maitiid […]