Goede Fryske lessen as minskerjocht?

HENK WOLF –  Yn al it coronageweld fan de ôfrûne tiid is heel wat oar nijs ûndersnijd. Spitich, want der sit it ien en oar oan nijsgjirrichs by. Sa hat in Kanadeeske wittenskipper yn opdracht fan de Feriene Naasjes in wiidweidich stik skreaun oer juridyske aspekten fan ûnderwiis yn minderheidstalen, lykas it Frysk.   Dat […]

Stylboarterij op it heechste nivo

SIGRID KINGMA –  Abe de Vries wurdt wol de Rachmaninov ûnder de Fryske dichters neamd. Oaren neame him in ‘briljante dwersbongel’. Dizze dichter lit him net yn in inkele sin omskriuwe. Wy ha te krijen mei in fakman dy’t syn klassikers kent en muoiteleas syn styl oanpast. Syn sânde dichtbondel Brek dyn klank is yn […]

De skriuwer fertolket de haadrol

TSJOMME DIJKSTRA – De Fryske literatuer is sûnt koart in útjouwerij riker: Grotesk, oprjochte yn Amsterdam, wol útjeften op it mêd fan eksperimintele literatuer en krityske essays útbringe. “Yn septimber binne wy begûn”, fertelt oprjochtster Friduwih Riemersma. “Ik wie mei myn eigen bondel Kultuerferlies dwaande en tocht deroer om dy yn eigen behear út te […]

Ryksdaalders krije jongen

JOSSE DE HAAN –  Marten Hepkes Bakker revisited troch Abe de Vries. In negearre dichter, 1848-1927.   Dat ik yn myn bêste jierren ’t sied strui yn in drege grûn, wêrút rike fruchten dije op myn lette libbensjûn. Dat dy fruchten duorje kinne, elts se plôket, elts se priuwt – dat de swietens fan dy fruchten […]

Fryske Letterkunde op de Akademy?

ERIC HOEKSTRA –  Speech after long silence. It is right that we descant and yet again descant upon the supreme theme of art and song   Letterkunde is de wittenskiplike stúdzje fan literatuer. Literatuer is de meast komplekse utering fan de minske, mear spesifyk, fan de minsklike geast. Literatuer lit ús sjen hoe’t de minske […]

Fryslân en de wrâld 2.0

ARJAN HUT –  In smûke sneontemiddei yn de Prinsetún, mar it waaide en reinde allegeduerigen. De polulieren en platanen hollebatsten hoeden op it grize ritme fan in foarjiersstoarm, de moaie wylgebeam by de fiver die lykwols net mei: hielendal koartfike. It paviljoen fan restaurant De Koperen Tuin siet goed fol mei besikers foar de 5e […]

De myte fan it Bilt omearme

ABE DE VRIES –  Stimd slik hjit de bondel gedichten, skilderijen en foto’s dy’t dichter Hein Jaap Hilarides en byldzjend keunstner Hendrik Elings ferline jier yn it noardlike waadljocht útjûn hawwe. In Biltse titel foar in boek dat de noard-Fryske kust besjongt: de swiere klaai, it bûtendykse lân, de fiere útsjoggen, de leechte, it neat. ‘Stimd’ […]

Fisk yn ’e arke

De poëzijbondel ‘Fallend ljocht’ fan Eppie Dam is Boek fan de moanne jannewaris. Abe de Vries is in leafhawwer fan de poëzij fan Eppie Dam. Hy lies it gedicht ‘Fisk yn ’e arke’.   Fisk yn ’e arke en doe siet ik yn myn eigen kop fan blik mei oan alle kanten ruten om my hinne […]

Ynhâld nûmer 6

De lêzende mins, Afke Manshanden Redaksjoneel Ynhâldsopjefte Theun de Vries, Jetske Bilker, Jantsje Post, Faust yn Ljouwert, oersetting Karen Bies, Eagle Jan Douwe Kroeske, Metslawier It bêste fan de Moanne.nl Froukje Sijtsma, 0ne Trick Pony Eeltsje Hettinga, Palermo, It Let Maaike Floor, Sam Valkenborgh, Ik vind het geweldig om in het Antwerps te zingen Simon […]

Wurk fan wurk

ARJAN HUT –  Gedonder om de nije provinsjale Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip. It betingst dat allinne útjeften troch auteurs dy’t by it Nederlands Verbond voor Tolken en Vertalers oansletten binne, oanspraak meitsje kinne op stipe fan de provinsje, late daliks ta protest. En in nuansearjende opmerking fan in Skriuwersbounbestjoerslid sette it spul allinne mar mear […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.