Achter glês
JACOB BOUWHUIS – Myn pakesizzers steane foar de ruten se roppe bikkelhurd de net neikommen beloftes dy’t ik no net wiermeitsje kin. Se fiele as spjeldeprikken yn myn betrinne liif. It libben is yn twaen spotten mei in rút as grins. Pake kin net mei net wa wit miskien nije wike. Ik glimkje as […]
Minlik
RENÉ DE HAAN – Wylst myn hannen Bywêzigens sykje Sjoch ik mysels Troch it kâlde begryp Net wêr’t ik thús Mar wêze wol Ik ha de lûden Fan it oargel folge De loft flústerret Oer de râne fan hjirnei Sêft mar tichteby Kuierjend op harren Tinken en dwaan Ferbûn troch ûnder
Dwars
JOËL HUITEMA – tinnettynörder tinnettynynörder tinnettynörder tinnettynn nettynördernettynörder netnnetynörder tinnettynörder tinnettynn
Doch mei oan Pennel!
pennel app live from buro KLEI on Vimeo.
Doch ek mei oan Pennel! Stjoer dyn ferhaal of gedicht yn. En wa wit wurde dyn wurden publisearre! Lês, lústerje en beoardielje alle moannen fiif nije gedichten en ferhalen fia de Pennel-app. Of skriuw sels! De Pennel-app is fergees te downloaden foar iPad en Android tablets. De Pennel app wol op in tagonklike wize in grutter publyk […]
“The sparkle of your China, the shine of your Japan”
ARJAN HUT – ik bin Berlyn ik bin in boskje reade bommen Twa willekeurige rigels út in willekeurich gedicht fan Sytse Jansma, te lêzen yn syn nije bondel ‘as nomaden yn tinten te plak’. It makket diel út fan de trijedielige iepener ‘oprop oan alle friezen’. Jansma komponearret mei yndrukken fan Dútslan (Berlyn, […]
Fallussimmernachten
fallussimmernachten from sytsejansma on Vimeo.
SYTSE JANSMA – lâns risseljend reid steapelet de sleat oktaven as weagen werheljend de nacht draait himsels yn in frisling fan roppende frosken it sliepkeamersrút op in kier in simmer fan swit wachtet boppe de knoop yn ‘e klamboe it pantomime beweegjen fan sleatswetter noeget in skoalle reidjuffers om as […]
de Moanne siket studinten
Op snein 30 augustus trapet it UITfestival Ljouwert it kulturele jier ôf mei in festival fol teater, literatuer, keunst en muzyk. Mar ek mei bysûndere gearwurkingsprojekten, in kultuer- en kursusmerk, iten en drinken. de Moanne biedt op it UITfestival in poadium oan Ljouwerter studinten om gedichten foar te lêzen yn it moaiste timpeltsje fan Ljouwert; it Pier Pander timpeltsje […]
De ydille foarby
ABE DE VRIES – Aisikersfjild Hjir leit it blok fan de pols, rustich fan oer, tusken de bjinten, de rusken oan de nútbrune wjittering, dêr’t sulverkraal blonk om smaragdgriene linten fan flotgers. It wetter fan de kaart, bleau dit in daaldersk plak om it hear oer te eagjen: de grûn nei tûzen kear maitiid […]