• 1 januari 2014

    BOUKE VAN DER HEM -  Neidat de klus dêr’t er foar kaam wie klear wie, smookte er ûnder de krekt ynstallearre ôfsûchkap syn earste sigret fan dy middei. De keuken dy’t er noch yn doazen nei binnen tôge hie – ynearsten by elk ûnderdiel de wurkskuon út, sa’t de baas de ynstallateursploech opdroech, mar yn ’e rin fan it karwei allinnich foar de foarm noch [...]

  • 24 mei 2013

    Fan 'e middei naam Thys Wadman foar syn boek 'De oerwinnings fan Tido Houtsma' út hannen fan deputearre Jannewietske de Vries yn Twizel de Simke Kloostermanpriis 2013 yn ûntfangst. Eardere priiswinner, freon en kollega-skriuwer Mindert Wijnstra skeau foar dizze gelegenheid it ferhaal 'Feest'. In ferhaal, mei in yllustraasje fan Babs Wijnstra, oer de haadpersoan fan it priiswinnende boek, Tido Houtsma.   MINDERT WIJNSTRA -  Foar Thys [...]

  • 17 mei 2013

    ELSKE SCHOTANUS -  Oer nije boekútjeften is, seker yn de Fryske sitewaasje, meastentiids mear te sizzen as allinne ‘wêr giet it oer’ en ‘is it al as net goed?’ Kinst it bygelyks oer de boekepriis ha: €18,50 foar goed 200 siden is eh… djoer... Of kinst it oer (literêre) prizen ha: yn it gefal fan it hjir besprutsen wurk soe Aggie van der Meer in [...]

  • 21 februari 2011

    Write Now! 2011 Ben jij tussen de 15 en 24 jaar, schrijf je graag en wil je een MacBook ter waarde van € 1.500,-, een publicatie in Dagblad De Pers of honderden euro’s aan boekenbonnen winnen? Dan is dit de ultieme kans om je naam te vestigen in literair Nederland en Vlaanderen! Het enige dat je hoeft te doen, is jouw zelfgeschreven stuk te sturen [...]

  • 19 februari 2009

    HARMEN WIND -   It wie in drokte fan komsa yn Fûgelwrâld. In keppel guozzen wie yn de skrep om in toaniel op te bouwen, in swarm swellen sylde troch de loft om oeral it nijs te bringen fan de wedstryd dy’t kommendewei wie. Hinnen stoden hinne en wer om romte foar it publyk te meitsjen en oeral klonk getsjotter en geskatter, en saaiden trillers [...]

  • 19 mei 2007

    Op it pompeblêd siet in kikkert en in eintsje fierder de flinter op in swanneblom. De kikkert blies sokke prachtige bellen oan wjerskanten fan syn bek dat er wat fan in generaal weikrige en begûn te kwekkerjen as spruts er in leger ta. Doe eage er nei de flinter en frege spytgnyskjend: ‘Kinsto dat?’ De flinter swijde. Har tonge gisele de blom yn. In amerij [...]

  • 19 april 2007

    ‘Goeie, ko,’ sei de protter. ‘Hâldst it noch wat kôgjende?’ De ko slokte en grommele: ‘Wat moat dat, lyts bretaaltsje?’ ‘Do weidest hiel wat ôf,’ gong de protter fierder, ‘foar dy pûde molke en dy hûd fol fleis.’ De ko swypke yn ien klap trije miggen dea en grânzge: ‘Hasto wolris in traap fan in kowepoat hân?’ Se sei mar wat, se wist sa gau [...]

  • 2 maart 2007

    HARMEN WIND -  ‘Wa seist dat kloppe?,’ frege it mantsje. Mei syn kastanjebrune plomsturt wiuwde er himsels en it wyfke koelte ta. It wie near yn it ferboude ûlenêst. ‘Dy bûnte!,’ snaude se, ‘dat hammeret mar gatten yn ús beam, in ûnderminende misliksma is it. Noch even, dan stekt er syn snaffel yn ús keamer!’ De mantsjesiikhoarn wie justjes dôf en waard dus altyd al [...]

  • 19 januari 2007

    HARMEN WIND -   Maitiid. De sinne berikte alwer in nij hichterekord en krong dêrby troch ta de djipte fan it jachtgebiet fan de snoek, de sânige boaiem dêr’t it grien noch frijwol op ûntbriek. De sleat lei derby as in ljochtbak. Ungenedich sichtber hong dêr de rôver. Foar skut. De kommende wetterflok hie har skaad alfêst mei klam op syn hûd foarútgoaid. Alle oefte [...]