… oant se har geast meijoech …

ELSKE SCHOTANUS – 

Oer nije boekútjeften is, seker yn de Fryske sitewaasje, meastentiids mear te sizzen as allinne ‘wêr giet it oer’ en ‘is it al as net goed?’ Kinst it bygelyks oer de boekepriis ha: €18,50 foar goed 200 siden is eh… djoer… Of kinst it oer (literêre) prizen ha: yn it gefal fan it hjir besprutsen wurk soe Aggie van der Meer in prima kandidaat wêze foar de Gysbert, dy’t se krije moatte soe foar it enoarme oeuvre – poëzije, proaza en toaniel – dat sy yn goed tsien jier opboud hat.

Yn 2011 krige sy al in priis, net de Gysbert, mar de Piter Jelles, te witten foar de roman Oerfeart. Dy priis sil sa’n bytsje tagelyk kaam wêze mei it briefke dat sy fan har útjouwer, de Friese Pers Boekerij, krige: mefrou Van der Meer, jo boeken ferkeapje net goed genôch, wy jouwe jo wurk net mear út. Sa kaam it dat it de skriuwster sels wie dy’t de priis betelle. Dat is te sizzen: it jild fan de Piter Jelles stoppe sy yn twa nije útjeften: de gedichtebondel De Sneinen en In moaie dei yn ’e hjerst en Wa rêdt Cesilia Tan, twa novellen yn ien bân, útjûn troch Frysk en Frij yn gearwurking mei Elikser. Beide útjouwers freegje fan harren skriuwers jild, miskien net iens sokke hege bedragen ast dy yn relaasje sjochtst ta de kostpriis, mar soer is it wol en, seker as it om it wurk fan in priiswinnende skriuwer giet, skandalich likegoed.

Underwilens fergaderje de letterkundige beropsfriezen fan Tresoar gesellich mei har allen oer hoe’t it allegear moat mei de Fryske literatuer, net mei ien, net mei twa, mar mei in hiel peleton oan meiwurkers – in fenomeen dat yn it bedriuwslibben ûnbesteanber is – mar oan misstannen as priiswinnende skriuwers dy’t har eigen útjeften betelje wol men de fingers blykber net baarne. Dat, leaver as (bygelyks) Aggie van der Meer te freegjen om it kadoboek foar de Moanne fan it Fryske Boek te skriuwen – beide novellen hienen dêr poergeskikt foar west – promoatet Tresoar de Fryske literatuer troch de Nederlânsktalige Atte Jongstra foar it earfolle putsje te freegjen. Sa jaget men de Fryske skriuwers op in stuit de tinte út.

‘Dat,’ seit Aggie van der Meer yn in fraachpetear mei Sietse de Vries, ‘ik besykje it earst marris yn it Nederlânsk. Ris sjen oft dat sûnder beteljen kin.’ (LC, 27/4/2012) En dêrmei is sy net de iennige dy’t mooglik foar de Fryske literatuer ferlern gean sil.

In styl sa eigen dat der in namme foar is: de Aggie-styl.

Wa rêdt Cesilia Tan
De twadde novelle yn de foarich jier yn it ljocht brochte bondel – in speurdersferhaal – sprekt my wat minder oan as de earste. Cesilia Tan hat harsels tekoart dien, sa wurdt daliks yn it begjin al ferteld. Stadichoan wurdt út de doeken dien wat der oan de hân west hat. In heit dy’t, doe’t sy noch in bern wie, yn ’e finzenis rekke, in mem dy’t fierder gie mei ‘omke’ Johan, in man dy’t likemin doge wol en ûnder waans ynfloed Cesilia stiet. Dan binne der de bewenners fan de stêd dêr’t sy op in dei delstrykt – de kapelaan, in amtner, immen fan de ûndernimmersferieniging, de buorlju dy’t djip ûnder de yndruk reitsje fan dizze geheimsinnige moaie jonge frou. Wat, bygelyks, sit der yn de pakjes dy’t alle moandeis by Cesilia brocht wurde en wêr giet sy alle tiidsdeis hinne? En fierder is der Walle, in man dy’t út de finzenis ûntflechtet en by har ûnderdûkt.

De novelle docht, wat de opset en de styl oangiet tinken oan De dei dat Farah Bezaz ferdwûn. Beide boeken binne foar in wat breder publyk as bygelyks De ûntdekking fan de wrâld en dy oare nije novelle, In moaie dei yn ’e hjerst. It ferhaal Wa rêdt Cesilia Tan lêst lekker troch, mar befrediget net hielendal. Sa wurdt dizze Walle in misdiediger neamd, mar it iennige wat er misdien liket te hawwen is dat er in frou deariden hat en dêrnei trochriden is. Slim genôch, mar is it in misdie fan sa’n kaliber dat dêr mear as in heal jier selstraf foar jûn wurdt? En wêrom soe er pillen achterlitte as er op in stuit in nij ûnderdûkadres hat? Sa maklik is it hielendal net om in deadlike miks by elkoar te garjen. Boppedat, nearne docht út bliken dat Walle sels medikaasje brûkte of nedich hie.

Moai linich wurde ferbannen lein, fan alles oan elkoar knope.

In moaie dei yn ’e hjerst
In moaie dei yn ’e hjerst is in fenomenaal moai boekje dat giet oer de lêste dagen yn it libben fan in âlde frou. Har wrâld is lyts wurden, sy kin der net mear op út, in partner hat se noait fine kind, bern binne der net. Allinne de buorman en it famke fan de thússoarch komme noch del en it is dizze buorman dy’t har oantrúnt har ferhalen te fertellen.

De novelle is in fragmintarysk skreaune mjuks fan oantinkens, mieningen, petearen, ferhalen, dialogen, mar wêr’t it feitlik oer giet docht der yn dizzen net iens sasear ta. It is ien fan de boeken fan Aggie van der Mear dy’t folle mear draaie om hóé’t it skreaun is as om wát der skreaun wurdt. Sa sit it fol humor fan it soarte dêr’tst net dûbel om leist, mar dy’t wol in glimke op it gesicht fan de lêzer tsjoene.

En ek hjir wer in soad myld-iroanyske maatskippijkrityk. Gauris giet it dêrby om machtsferhâldingen, benammen dy tusken man en frou, mar ek dy binnen de (katolike) tsjerke. De skriuwster sels mei dan fan 1927 wêze, har haadpersoan is seker fan dizze tiid. Sa sylt op in stuit de dichter/skriuwer Ramsey Nasr foarby:

“Ramsey Nasr tinkt ek, mar heel oars [as logysk]. Ramsey Nasr soe, as hy Johannes Brahms wie, syn beide hannen tútsje en se dan op ’e toetsen lizze. Hy soe wol ien wêze dy’t it lykas Spinoza fan yntuysje ha moat: hy lit him ferrasse troch in ynsicht, is der dan wis fan dat it útkomt. (…)’

Moai linich wurde ferbannen lein, fan alles oan elkoar knope. Ek wurde aktuele (en driigjende) ûntwikkelingen hjir en dêrby sa ‘en passant’ noch even meinaam:

“De simmer hie har oant no ta op har winken betsjinne. In freonlike fee sûnder bybedoelingen. It lei net oan har dat der hieltyd minder bijen wienen, mar se lijde der wol wat ûnder no’t se wist hoe slim dat wie. Se is bang dat de measten Einstein mar wat prate lieten doe’t er sei dat as de bijen stjerre de minsken it ek net lang mear rêde. Hoe soe sa’n Einstein dat no witte, ek al hie er ûntdutsen dat E=mc2.”

Hearlik, soks. Mar ek: al is de wurkleazens yn in part fan Europa witte heech, geane de hieren, gasprizen, eigen bydragen en soarchpreemjes allegeduerigen omheech, ploft in Fukushima, ferdroegje woestinen, bedonderje de banken de boel, stean de kij yn helferljochte ljochtbakken en … stjerre de bijen, by in soad skriuwers mis ik de belutsenens op de werklike problemen yn de wrâld om har hinne wolris. Sa net by Aggie van der Meer, har fyzje op de wrâld sit yn al har wurk bewuolle en befrissele.

Wat boppedat by Van der Meer fabelachtich moai is, is har styl fan skriuwen, in styl sa eigen dat der in namme foar is: de Aggie-styl. In moaie dei yn ’e hjerst lêze is, lykas De ûndekking fan de wrâld, driuwe op taal en dy is betiden sa moai, boartlik en linich en springerich datst allegeduerigen sitearje wolle soest.

“As er kaam, de dea, soe se net klear wêze. Soe se him freegje oft it skikt wurde koe. Of se noch hjir en dêr in hântaast dwaan mocht. Even wat yn ’t lyk lûke: wat tefolle sein wie, of te min. Noch even fernimme nei wat har ûntkommen wie. In spoar ferlizze, in trie trochknippe, sâlt op in sturt. De pinne dellizze op in feilich plak. En, as er noch ynskewielde, de nammen skriuwe op ’e potsjes mei sied.”

De dea komt, as ferwachte, yn folgjende haadstikje, it lêste en iennigste dat in titel meikrigen hat: ‘De rêstige hjerstdei’:

“Hy [buorman] wie bleaun oant se har geast meijoech mei de oerfleanende wolk enerzjy.”

 

Aggie van der Meer, In moaie yn ’e hjerst en Wa rêdt Cesilia Tan. Utjouwerij Elikser, €18,50.

Comments
Ien reaksje oan “… oant se har geast meijoech …”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.