V. De snoek en de ielreager, yn: Moederaasje

HARMEN WIND –  

Maitiid. De sinne berikte alwer in nij hichterekord en krong dêrby troch ta de djipte fan it jachtgebiet fan de snoek, de sânige boaiem dêr’t it grien noch frijwol op ûntbriek. De sleat lei derby as in ljochtbak. Ungenedich sichtber hong dêr de rôver. Foar skut. De kommende wetterflok hie har skaad alfêst mei klam op syn hûd foarútgoaid. Alle oefte hie him al fan fierren yn ’e rekken.

De snoek hie it swier mei de sin fan it bestean yn it algemien en syn eigen yn it bysûnder. It tsjinne nearne ta, dat wie sa klear as glês. Mar dy wittenskip stille syn roppigens net.

In eintsje fierder stie de ielreager yn it iggegers fassinearre nei de boaiem te stoarjen. Komselden hie it wetter sa trochsichtich west. It libben yn ’e djipte boeide him tige, fral om’t it gjin aan hie fan it boppesleatse. It tocht gewoan dat by de wetterspegel de wrâld ophold. En eins wie dat fansels ek sa, betocht de fûgel filosofysk.

Syn hals luts strak: dêr glied in readfoarn oer de gielige boaiem. It bist roeide, ferfeeld neontsjend, samar in eintsje yn it wetterige sintsje om, tafallich krekt bûten it berik fan de reagerbek. De kop makke noch wol de ynliedende dûkmeneuvel, fan in linige tasjitlikens, mar bleau dêr healwei yn stykjen, krekt as waard de film stilset.

Yntiid gliere de readfoarn soargeleas troch, oant… er mei ien swypkjende sturtbeweging de snoek ûntwykte, dy’t suchtsjend lizzen bleau dêr’t er lei: in libbensgrut warskôgingsteken. No koe de ferraske ielreager dochs syn skaai noch ôfmeitsje: de fisk ferdwûn yn in omsjoch út ’e wrâld en trije tellen letter lei de sleat der wer sulverskjin by.

De fûgel trêde hoeden ta en naam prakkesearderich de snoek op. In jier earder hie er him, mei in bytsje honger en goeie wil, noch wol út syn lijen ferlosse kind. No koe dat net mear. De rôver moast him mar troch syn triennedal hinneslaan. Yn ’e fierte begûn de loft al ticht te lûken en de wetterflok rûn merkber út.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 1 (2007), s. 52-53.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.