Iepenloftspul Animal Farm is hoeden nei hjoed
RYNK BOSMA – Foarsichtich kinne je sizze, mar om’t hoeden in moaier Frysk wurd is, wurdt hjir dat wurd mar brûkt. En dat slacht dan op de útfiering fan it iepenloftspul fan Stifting Iepenloft Opsterlân. Dy stifting hie dit jier yn De Himrik it ferneamde Animal Farm fan George Orwell op it program en omdat […]
Teatereksperimint op ’e Ringfeart by Wergea
ELSKE SCHOTANUS – Nei it súksesfolle ‘De Suvering’, twa jier ferlyn mei de fertutearze wettersuvering fan de eardere suvelfabryk as dekôr, bringt de Stifting Iepenloftspul Wergea dit jier op ’e nij lokaasjeteater. Diskear giet it om in harkspul. Mei de koptelefoan op fart it publyk yn trije preammen troch de Ringfeart om de ynpoldere Greate […]
Stjer, stjerren en stjerre yn ’e notaristún
ELSKE SCHOTANUS – Stjer yn it tsjuster is de perfekte foarstelling foar Jorwert, it doarp dat mei syn jierlikse iepenloftspul alle jierren wer in enoarme cast oan spilers, musisy en dûnsers op ’e planken yn de notaristún wit te krijen. It stik is basearre op Lars von Trier syn film Dancer in the Dark, mei de […]
De oarsprong fan de beskaving leit yn Suwâld
ELSKE SCHOTANUS – ‘It Oera Linda-boek,’ sei professor Goffe Jensma ris, ‘is de grutste literêre fyt oait.’ Toanielselskip Kom mar op! Suwâld bringt it ferhaal as in iepenloftspul, regissearre troch Grytha Visser. Binne de kaarten foar iepenloftfoarstellingen hast altyd yn it foar al útferkocht, by de premjêre fan de foarstelling Oera Linda, tongersdei 27 juny, […]
Ratio yn Jorwert gjin baas
ELSKE SCHOTANUS – It is in stille, heldere jûn as yn de notaristún fan Jorwert de iepenloftfoarstelling De famylje Bellier yn premjêre giet. In tragykomeedzje dy’t, ûnder mear troch de fertolking fan troch regisseur Tjerk Kooistra ferfryske lieten fan Liesbeth List en Ramses Shaffy, bewûndering ôftwingt foar wat yn it doarp dêr’t, nei men seit, […]
Tics yn ’e notaristún
ELSKE SCHOTANUS – Sneontejûn, yn de notaristún fan Jorwert, gie It bjusterbaarlike foarfal fan de hûn yn de nacht yn premjêre. Kristian Johan Frâns Boonstra (Bauke Haanstra), sechtjin jier, krijt it wurd: hy sil in presintaasje hâlde. Foar immen mei in ‘stoarnis yn it autistyske spektrum’, dy’t er seit te hawwen, is it dreech om […]
De beurs bliuwt baas yn Snakkerbuorren
RYNK BOSMA – As de romantyk it gefjocht oangean moat mei de sinten dan witte je de útslach op foarhân al. Dochs kin it dêrom noch wol in nijsgjirrige twastriid wêze mei allegeare sydpaden. Dat is it gefal by it iepenloftspul In see fan lân yn Snakkerbuorren. It ferhaal giet oer in frou fan […]
In skip soere appels foar Bauck!
ELSKE SCHOTANUS – Freed 30 juny, yn ’e rin fan ’e middei, meldt Omrop Fryslân dat de iepenloftfoarstelling fan Dronryp ferskood wurdt fanwegen it foarseine minne waar. De premjêre fan Bauck!, brocht troch de Stichting Grut Hermana, giet ál troch. It eazet as ik de auto ynstap, it eazet ûnderweis, it eazet as ik yn […]
Ek yn Manon hâldt tiid gjin skoft
RYNK BOSMA – De toan is yn Dronryp set as de ouverture fan it iepenloftspul Manon iepent mei it sa mankélike Avec le temps fan Léo Ferré. De tiid hâldt gjin skoft klinkt krekt efkes ierdser as Avec le temps, va, tout s’en va, On oublie le visage Et l’on oublie la voix, Le cœur […]
Boarkumer fjoer ticht by de minsken
RYNK BOSMA – As je mei in Blazer of in Aak foarby it Boarkumer fjoer op de skolfjilden de netten útgoaiden, dan wienen je as fisker fan Moddergat fier fan hûs en dat wie net sûnder gefaar. Sa docht bliken tidens it iepenloftspul ‘Foarby it Boarkumer fjoer’ op it Stinzeterrein yn Mitselwier wêr’t ea Unia […]