Ratio yn Jorwert gjin baas

ELSKE SCHOTANUS –

It is in stille, heldere jûn as yn de notaristún fan Jorwert de iepenloftfoarstelling De famylje Bellier yn premjêre giet. In tragykomeedzje dy’t, ûnder mear troch de fertolking fan troch regisseur Tjerk Kooistra ferfryske lieten fan Liesbeth List en Ramses Shaffy, bewûndering ôftwingt foar wat yn it doarp dêr’t, nei men seit, God ferdwûn, ek dit jier wer foar elkoar krijt.

 

As ratio syn gong giet, is der op it stik beslist ien en oar op te merken, mar ratio is gjin baas. Baas binne de golle laits, de emoasje, de bewûndering.

 

De grutte linen, en de titel, komme fan de Frânske filmkomeedzje La famille Bélier. As yn de film wennet Famke (Doete Stenekes) mei har âlden en har broer op in pleats. Sy is de iennige yn de húshâlding dy’t net dôfstom is en kin dan ek net mist wurde: Famke is de tolk tusken de famylje, dy’t gebeartetaal brûkt en de pratende bûtenwrâld. Dat smyt in dilemma op as Famke op it koar giet en der troch de nije dirigint, Tommy di Tommassi (Jorrit Laverman), útpikt wurdt as in útsûnderlik sjongtalint. Hy wol ha dat sy oan in sjongkontest meidocht. Dat smyt in dilemma op, net oars as dat fan tal fan jonge mantelsoargers: kinst it meitsje en dyn eigen wegen gean? Benammen de mem hat muoite mei ‘it koar fan pratenden’ dêr’t sy har dochter oan ferliest.

Der binne mear ferhaallinen. Sa buorkje Famke har âlden biologysk. De nije buorman en politikus Blauw (Sjoerd van Beem) – de slogan fan syn partij seit ‘ieder oor krijgt zijn gehoor’ – dêrfoaroer fokt hinnen yn megastâlen. It smyt de nedige kontroverze op, útrinnend op in hilarysk polityk debat as ek de bioboer in partij oprjochtet. En dan is der noch de relaasje tusken Famke en de buorjonge.

Yn Jorwert is de dochter gjin sechstjin, as yn de coming of age-film, mar njoggenentweintich, in leeftiid dy’t better past by de fertolkster as by de rol. Sy is wol hiel âld as se har troch freondinne Grytsje (Jannie van der Veen) meitroane lit nei in koarrepetysje en sa, blykber foar it earst, wat docht dêr’t har âlden net bliid mei binne. En sy is ek wol hiel âld as der, blykber ek foar it earst, in feint om de hoeke fan de doar sjen komt.

Sa nei in stik sjen is lykwols wol hiel rasjoneel, want it stik is ék tige fermaaklik: leist geregeld yn in deuk, ek as der betiden – alwer rasjoneel sjoen –flauwe grappen en klisjees foarby komme. Begjint broer Johan wat mei de folle âldere Grytsje, dan is it: op in âld fyts moatst it leare. Besiket in pratende gebeartetaal, dan makket hy by fersin it neukgebeart. En wat binne it boeren, de leden fan it koar, yn de eagen fan de dirigint dy’t net fan it plattelân komt. Doe’t God ferdwûn út Jorwert naam er ek alle talint mei, wol er ha. En dat is no krekt wat spilers en koar yn De famylje Bellier sjen litte.

As ratio syn gong giet, is der op it stik beslist ien en oar op te merken, mar ratio is gjin baas. Baas binne de golle laits, de emoasje as Doete Stenekes ‘Heech, Famke, sjoch om heech, Famke’ sjongt, de bewûndering as Jannie van der Veen in prachtige en krachtige Pastorale fertolket. Ek it koar is in genot, sels as de leden, swijend opsteld achter it poadium, allinne mar súntsjes hinne en wer soeikje. Of, hiel subtyl, ‘in potje met vet’ foar it gehoar bringe.

By dizze foarstelling draait it om koar en spilers, gjin technologyske grappen dit jier. Gjin kamera’s, gjin filmbylden, gjin ledskerms. Krige de autistyske Kristian foarich jier yn It bjusterbaarlike foarfal fan de hûn yn de nacht de koartsluting yn ’e kop, dan waard dat (mei) ferbylde troch it wimerjen fan tekeningen op skerms. Stiet Famke foar in dilemma, dan binne it de koarleden dy’t har tsjinstridige tinzen uterje. It is de kracht fan de ienfâld.

It ferhaal, opboud as in Netflixsearje, krijt syn emosjonele apoteoaze as Famke, as dielnimmer fan de kontest net allinne it koar yn it publyk sjocht, mar ek har âlden. ‘Lit my, lit my myn eigen gong no gean’, sawiesa in tearjerker en al hielendal as sy each yn each komt te stean mei har knap stúmske mem en sy, foar har, har sjongen begeliedt mei gebearten.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.