Iepenloftspul Animal Farm is hoeden nei hjoed

Publisearre op 30 september 2019

RYNK BOSMA – 

Foarsichtich kinne je sizze, mar om’t hoeden in moaier Frysk wurd is, wurdt hjir dat wurd mar brûkt. En dat slacht dan op de útfiering fan it iepenloftspul fan Stifting Iepenloft Opsterlân. Dy stifting hie dit jier yn De Himrik it ferneamde Animal Farm fan George Orwell op it program en omdat de titel fan it boek fan 1945 in begrip is, ha se de namme mar sa litten. En dat is te begripen, in oersetting as bygelyks De bistebuorkerij soe de indruk jaan kinne dat it om in berneferhaal gean soe.

 

De bisten op de buorkerij ha honger en komme tsjin de boer yn opstân en jeie de man fan it hiem. Mar wat dan?

 

En dat is mei de oarspronklike namme net it gefal. It is it ferhaal fan boer Wassenaar dy’t net nei syn bisten omsjocht, mar wol in goed each hat foar de romer en de fles yn de kroech fan it doarp. De bisten op de buorkerij ha honger en komme tsjin de boer yn opstân en jeie de man fan it hiem. Mar wat dan? De minske ferdreaun want ‘Hoe sil de minske no baas oer de natoer weze, hy kin ommers neat produsearje’, sa seit Sniebal de baarch dy’t it nije ferhaal fan it animalisme ferkeapje moat oan de oare bisten.

Utgongspunt is dan dat alle bisten gelyk binne en dat de twapoaten de fijân binne, leve de fjouwerpoaten, sa wurdt der roppen en der komme noch sân stellingen oan de skuorduorren te hingjen wêr’t de bisten harren oan hâlde moatte. De bisten huppelje optein tusken de striepakken op it moaie dekor om op it Sparjeburd. De eagen glinsterje as de nije wrâld him in skoftsje oppenearret. Mar dat duorret net sa lang, de ‘brute’ baarch Napoleon, moai foarm jûn troch Hendrik Mulder, komt almar mear op de foargrûn, en Sniebal komt hieltiten mear op de eftergrûn wylst sy alles yn de begjintiid ferkeapje moast en de bisten oer de streep lûke.

It moaie fan de foarstelling is dat der in soad jongerein meidogge en dat soarget foar in soad faart en beweging, aksje mar it bliuwt oan de oare kant fansels ek wat flak om’t it hieltiten oer it kollektyf giet dy’t sjocht hoe’t Napoleon him hieltiten mear macht ta-eigent. Siet self wat te wachtsjen op hjoeddeiske oanpassingen dy’t de misstannen fan no yn it ljocht setten. Dat barde net en as it al barde wie dat hiel hoeden, sa as yn it begjin al sein.

Sniebal ferdwynt lykas Trotski ea ferdwûn. Napoleon begjint oan de terreur lykas Stalin dat ek die mei skuldbekentenissen en oar geweld. Want Animal Farm wie fansels bedoeld as in blaudruk fan de ûntjouwing fan de Oktober revolúsje yn de Sovjet Unie. It Stalinisme, de ‘meerjarenplanning’, de NEP (Nieuwe Economische Politiek) fan de jierren tweintich fan de foarige iuw, de honger, alles komt foarby. It ferried fan it útgongspunt dat elts gelyk is, it ferried fan dy oare sân útgongspunten dy’t op himsels prachtich wiene. Mar of elts dy ferbanden seach of begreep bliuwt de fraach.

Oan de oare kant wie der wol in knypeach nei hjoed doe’t der in Mercedes it hiem opkaam, it kapitalisme dy’t hantsjeklap die mei de tiran. It projekt fan de wynmûne wêr’t de bisten honger foar lije moasten, de rapper dy’t in ‘loflied’ op de grutte lieder rapte. En fansels it lot fan de bisten yn in tiid fan ‘dierenactivisme’, ek al waarden eins de minsken bedoeld.

It wie trouwens op dy útfiering fan tongersdei 26 septimber ‘heldhaftich’ te sjen hoe’t de spilers en spylsters harren steande hâlden yn de rein. It wie as woe de natoer nochris klam lizze op alles wat der op dierlik mêd misrûn mei it regear op dy Animal Farm. De bettere wrâld bleau stykjen yn de rein, mar de minsken bleaunen sitten yn de rein om te sjen hoe’t it ôfrûn mei dizze dochs wol slagge foarstelling.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]