Ek yn Manon hâldt tiid gjin skoft

RYNK BOSMA – 

De toan is yn Dronryp set as de ouverture fan it iepenloftspul Manon iepent mei it sa mankélike Avec le temps fan Léo Ferré. De tiid hâldt gjin skoft klinkt krekt efkes ierdser as Avec le temps, va, tout s’en va, On oublie le visage Et l’on oublie la voix, Le cœur quand ça bat plus. Mar de prachtige tekst soe net sa moai ta syn rjocht komme as it net sa moai songen waard troch Ineke Buma, de tsjinstfaam fan de heareboer Papet.

 

In boppeslach yn keatsdoarp Dronryp en dêr wit elts wat bedoeld wurdt.

 

Frânske nammen om de minsken noch mear it idee te jaan dat it ferhaal him ôfspilet op it plattelân yn Frankryk. De wyn giet rojaal oer tafel yn in earste diel wêryn de synise Papet, in moaie rol fan Lochnaar Kingma, wappert mei jild en tinkt dat alles te keap is. Mar de prachtige rol fan de gebochelde Sicco de Ree bewiist it tsjindiel. Dat de man fan de dreamen it ôflizze moat tsjin de macht fan it jild is fan alle tiden. Benammen it trúkje mei de snel groeiende aubergines is moai fûn. De moraal fan it ferhaal rikt ek mei in lange earm nei de tiid fan no.

Der is mear dat tinken docht oan de tiid fan no. Tink oan de tsjinstelling plattelân en stêd dy’t noch altiten tige aktueel is. Tusken jild en dream sit Ugolin dy’t prachtich delset wurdt troch Romke van der Meulen. In wat ûnhandige neef fan sinikus Papet dy’t hin en wer slingere wurdt troch rjocht en ûnrjocht. Tusken dy striid troch rint it doarp dat eins in bytsje ferdield is, de ien hat mear lêst fan it gewisse as de oar.

Uteinlik soarget it moaie ferhaal dat tinken docht oan de grutte romans fan de njoggentjinde iuw, tink oan Victor Hugo, dat it ferrin fan it ferhaal wichtiger wurdt dan de útdjipping fan de personaazjes. Dat steurt net, ek al sil de moraalridder syn betinkingen ha by it hanneljen fan it famke Manon fan nei it skoft. Wraak tsjin in eftergrûn fan ‘Wat gij niet wilt dat u geschiedt …’ mar dêr lit it ferhaal gjin romte foar ek al sit de nije leafde, de skoalmaster, noch it tichste by dy moraal.

It ferhaal ferrint neffens de wetten fan Avec le temps, de tiid hâldt gjin skoft en is wreed foar de minsken dy’t in lang libben efter de rêch hawwe. Papet einigt sa’t de Griken al wisten as in minske op trije fuotten en dat makket dat it motto ‘mij is de wrake’ om it mar ris bibelsk te sizzen dochs wat in minder tefreden gefoel jout.

Dat jildt net foar de foarstelling, in prachtich spannend ferhaal wêryn de tiid ek gjin skoft hâldt. It is sa mar foarby en dat seit wat fan de foarstelling. En dat wurdt noch beneidrukt troch te einigjen mei opnij Avec le temps. In boppeslach yn keatsdoarp Dronryp en dêr wit elts wat bedoeld wurdt.

Comments
Ien reaksje oan “Ek yn Manon hâldt tiid gjin skoft”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.