Tics yn ’e notaristún

Publisearre op 5 september 2017

ELSKE SCHOTANUS – 

Sneontejûn, yn de notaristún fan Jorwert, gie It bjusterbaarlike foarfal fan de hûn yn de nacht yn premjêre. Kristian Johan Frâns Boonstra (Bauke Haanstra), sechtjin jier, krijt it wurd: hy sil in presintaasje hâlde. Foar immen mei in ‘stoarnis yn it autistyske spektrum’, dy’t er seit te hawwen, is it dreech om foar publyk te stean en hy sjit dan ek daliks yn ’e stress. Hannen wriuwe, achtsjes rinne, yn kleanmakkerssit delsakje en skommelje, alderhande tics, it binne typyske skaaimerken fan autisme. Kristian Boonstra fertelt oer de stoarnis en ek op in oare wize, mei syn juf Nynke Richt (Doete Stenekes) as oanjouwer, fungearret er as ferteller. It fertellen en spylsênes gean yn elkoar oer en wikselje elkoar ôf.

As er fertelt oer syn mem, dûkt heit Ed (Popke van der Zee) op. De mem, seit er, leit yn it sikehûs, en even letter komt er mei it boadskip dat de mem dea is. Op sokke mominten krijt Kristian de koartsluting yn ’e kop, (mei) ferbylde troch it wimerjen fan tekeninkjes op skerms. Op in nacht trof er buorfrou Skaaf har hûn oan, de heafoarke yn it liif. Hy krijt de skuld, foar him reden om, it opskriuwboekje yn ’e hân, op ûndersyk út: wa wie de dieder? De heit besiket it ûndersyk op te kearen. Ut noed, sa liket it. Hy lit de jonge tasizze mei de syktocht op te hâlden en nimt him it skriuwboekje ôf. De jonge fynt it boekje werom, tagelyk mei in steapel brieven fan syn mem dy’t, sa docht bliken, mei buorman Rindert Skaaf (Sjoerd van Beem) yn Rotterdam wennet. Kristian stapt op ’e trein.

Dat is, yn it koart, it ferhaal. Dochs It bjusterbaarlike foarfal fan de hûn yn de nacht draait benammen om hoe immen mei autisme op de wrâld reagearret, hokker prosessen yn syn holle spylje, mar ek om hoe’t oaren op hím reagearje. Syn antwurden binne ek altiten hiel krekt. Wannear’t it wie? Hy wit it, datum en tiid, oant op de sekonde. Goed yn wiskunde-B is er ek, want al sit er op it spesjaal ûnderwiis, hy docht eksamen dwaan op vwo-nivo. Én hy kin de prymgetallen oant 7057 opsizze, sterker noch, it makket him rêstich. En, ek in skaaimerk fan de stoarnis, útspraken fan oaren wurde letterlik naam. Sa is der de dûmny (Lodewijk Riedhorst) dy’t Kristian besiket te treastgjen mei de wurden dat mem yn ’e himel is. Kristian sjocht daliks omheech. Wêr yn de himel dan? By God. Wêr is God dan? Hy sit op skoalle, mar net boppe-op de skoalle. De reaksjes binne betiden hilarysk en yn dy sin krijt it stik syn lichtens, wurdt it betiden kabaret. Toch, en dat leit net oan de achttjinjierrige haadrolspiler Bauke Haanstra, dy’t de rol – mei in enoarm soad tekst – geweldich bringt en konsekwint folhâldt, sit it letterlik opfetsjen fan alles, mar dan ek werklik alles, al wat tsjin it karikaturale oan.

Wurdst der betiden gek fan. En dat is ek in aspekt: hoe reagearret de omjouwing op autisme? Sa is der de plysjeman dy’t Kristian sa strang oansprekt dat er flipt. Sa binne der lju dy’t him yn syn bywêzen begekje. Sa is der de mem, dy’t it geduld net altiten opbringe koe en de heit dy’t it better slagget, mar der betiden ek moedeleas fan wurdt, machteleas sels as er totaal gjin kontakt mear mei de jonge krije kin. En Rindert, mei wa’t de mem yn Rotterdam tegearre wennet, bûcht him nei de jonge oer en systeret: ‘Do bist it kwea.’

Krekt om begryp te freegjen foar Kristian syn gedrach, wurde de prosessen yn syn holle op ledskerms sjen litten. Dat tekeninkjes wimelje as er yn ’e stress sjit en read wurde as er mei waarme gefoelens oan de mem tinkt foeget minder ta oan it spyljen en fertellen as de bylden fan stasjon Rotterdam dêr’t it sa grut en drok is – hy hat nea earder allinne bûten syn doarp op ’n paad west – dat der tefolle op him ôfkomt. De ûnrêst yn ’e holle komt sterker oer as, yn de sêne dêr’t Kristian it skriuwboekje ôfnommen is, ferbylde wurdt troch de spilers, dy’t op de earste rige sitte, mei har allen ferwoeden sykje te litten. Sterke spilers en dêrby is de wize wêrop’t in famke yn de trein mei in ûnferskillich gesicht har banaan opkôget, as byrol like wichtich as bygelyks de machteleaze Popke van der Zee as heit, Sybrecht Speerstra as de kliemske buorfrou Alinga en de plat Rotterdamsk pratende frou op it perron of Lodewijk Riethorst as, ûnder mear, dûmny Peters. Bauke Haanstra begjint dizze moanne op de toanielskoalle yn Utert. Syn spyljen yn It bjusterbaarlike foarfal fan de hûn yn de nacht lit sjen dat er dêr foar de folle hûndert persint op syn plak wêze sil.

 

Sjoch foar mear ynformaasje: https://www.iepenloftspuljorwert.nl/

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]