fotografy: Iepenloftspul Jorwert

Stjer, stjerren en stjerre yn ’e notaristún

ELSKE SCHOTANUS – 

Stjer yn it tsjuster is de perfekte foarstelling foar Jorwert, it doarp dat mei syn jierlikse iepenloftspul alle jierren wer in enoarme cast oan spilers, musisy en dûnsers op ’e planken yn de notaristún wit te krijen. It stik is basearre op Lars von Trier syn film Dancer in the Dark, mei de Yslânske sjongeres Björk yn ’e haadrol. Al is it de film net oan te sjen: Von Trier en Björk moatte elkoar sawat de tinte útfochten ha. Jorwert dêrfoaroer is in waarm bad fan entûsjasme en ienriedigens. Dat jildt sels it publyk dat yn ’e hannen klapte doe’t it sneontejûn te hearren krige dat, om de tongerbuien dy’t oer de notaristún kamen, de premjêre in dei letter plak fine soe.

 

In benearjende foarstelling dy’t in djippe yndruk achterlit.

 

Stjer yn it tsjuster, seit de alliterearjende oersetting fan de filmtitel. Dêrby is Micha de stjer dy’t yn ’e tsjustere wrâld fan har blinens sjocht wat sy sjen wol. De lûden om har hinne teare om yn muzyk. By it ritme fan ’e stansmasine yn it fabryk dêr’t sy wurket, fantasearret se harsels út har stressfolle situaasje ta sjongeres en musicalstjer, wurdt de wrâld om har hinne dy fan muzyk, sang en dûns.

Se hat in erflike eachoandwaning en om tefoaren te kommen dat ek har pubersoan Milos (Hedzer Seffinga) de sykte krije sil, wurket sy yn it fabryk om in operaasje betelje te kinnen. It sit har net mei. Net allinne is it wurk ferfelend, foar Micha, mei har eachsykte, is it ek nochris gefaarlik. Dan, as se it jild foar de operaasje lang om let by elkoar garre hat, wurdt se bestellen troch Jack (Wim van der Laan), de buorman dy’t sy oant dan altyd fertrouwe kind hie.

Sjongeres en aktrise Anke Boersma set Micha yn songs en spul sa sterk del datst folslein meigiest yn al har emoasjes by alles wat har oerkomt. Fleurich, tear, wisberet, twifeljend, fertwifele…

Der is noch ien dy’t sjocht wat er graach sjen wol en dat is de offisier fan justysje dy’t Micha it ferhoar ôfnimt. De offisier ferdraait har útspraken alle kearen sá dat hy foar him oer in berekkenjende frou sjocht dy’t har blinens misbrûkt, mooglik net iens blyn is, dy’t har yn it libben fan har buorlju krong ha soe om Jack syn jild – harres … – en him mei besette hei (voorbedachten rade) ombrocht. Op oerstjûgjende wize bringt Jan Haakma in offisier dy’t Micha it fjoer oan de skinen leit. Keihurd.

It ferhoar is it ramt dêr’t in grut part fan Micha har ferhaal him yn ôfspilet, it funksjonearret ek as yntroduksje op ’e sênes en dêrmei is de foarstelling yngenieus fan opset.

En wat in dekôr. Op de ferdjipping de enoarme rêden dy’t yn gong set wurde as it om Micha har wurk yn it fabryk giet, it monotoane derfan, it gefaarlike fan it stansapparaat. Der is ek it filmdoek fan de bios, dêr’t Micha, yn it bytsje frije tiid dat sy hat, âlde musicals sjocht. Dêr’t ek it orkest, dan mei it doek omheech, sit te spyljen. Kostúms, beljochting, fersteanberens fan lietteksten: alles doocht. En wat in goede set west hat, is dat net besocht is Björk har nûmers yn it stik op te nimmen. Al falt yn Jorrit Laverman syn spesjaal foar Stjer yn it tsjuster makke komposysjes út en troch in subtile knypeach nei de filmmuzyk op.

Mei kollega’s docht Micha mei oan ’e repetysjes foar The Sound of Music. Se krijt de rol fan Maria, mar wurdt oan kant skood. Har buorfrou wurdt de haadrol taskikt, Maria nimt dy fan de non op har. It smyt in opswypkjende gospelsong op, mei dêryn de wurden ‘ik jou my oer’ en oan ’e ein jout se har werklik oer: se wurdt oppakt.

Micha hat altyd liigd dat sy it jild dat sy oergarret nei har omke yn it bûtenlân, giet. Raymond Guzman as de man dy’t har omke wêze soe, ferskynt as tsjûge yn it proses. Foar har leagen út goederbêst hat sy altyd de namme fan in showdûnser dêr’t sy bewûndering foar hat brûkt. Op ’e trep, yn in swart pak, leit er syn ferklearring ôf – se kenne elkoar net – mar dan giet it jaske út en yn it glitterpak dat derûnder sit, wurdt er foar har de dûnser dy’t hár meinimt yn in haadrol yn syn spetterjende show. Yn ien wurd: wow.

Ek is der in teare sêne dêr’t Micha foar Milos sjongt. ‘Wêrom sjongt mem dát ferske altyd?’ It is it liet dat sy foar har bern makke en it komt werom as sy iensum en allinne opsletten sit yn ôfwachting fan ’e deastraf.

Dat wat echt wichtich is – de eachoperaasje dy’t tefoaren komme moat dat ek Milos blyn wurde sil, mar ek freonskip, trou en oprjochtens ferlieze it fan it materialisme en it egoisme fan in buorfrou mei in gat yn ’e han, de leffens fan buorman Jack dy’t syn frou neat doart te wegerjen, de ûnbarmhertigens fan in offisier. Tagelyk is it de leafde dy’t oerwint: dy fan in mem foar har bern. Sterke rollen, prachtige sang en dûns, goede teksten yn in ferhaal sa tsjuster as de nacht. In benearjende foarstelling dy’t in djippe yndruk achterlit.

 

 

Sjoch foar mear ynfo en kaarten: https://www.iepenloftspuljorwert.nl/

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.