De oarsprong fan de beskaving leit yn Suwâld

ELSKE SCHOTANUS – 

‘It Oera Linda-boek,’ sei professor Goffe Jensma ris, ‘is de grutste literêre fyt oait.’ Toanielselskip Kom mar op! Suwâld bringt it ferhaal as in iepenloftspul, regissearre troch Grytha Visser. Binne de kaarten foar iepenloftfoarstellingen hast altyd yn it foar al útferkocht, by de premjêre fan de foarstelling Oera Linda, tongersdei 27 juny, wie de tribune heel leech. Of heal fol. Spitich, want Oera Linda fertsjinnet absolút alle jûnen folle tribunes en ien as twa ekstra foarstellingen.

 

Oera Linda fertsjinnet absolút alle jûnen folle tribunes en ien as twa ekstra foarstellingen.

 

It Oera Linda-boek soe in iuwenâld manuskript wêze dat der op wize soe dat de westerske beskaving yn Fryslân ûntstien is. It manuskript, skreaun yn in nuveraardich soarte fan runeskrift, in taal dy’t wat weihie fan it Aldfrysk, leit by Tresoar en der ha altyd diskusjes west oer de echtens derfan en ek oer wa’t, as it om in falsifikaasje giet, dêr ferantwurdlik foar wie. Goffe Jensma skreaun der syn dissertaasje De gemaskerde god. François HaverSchmidt en het Oera Linda-boek oer, yn 2006 ferskynd as hannelsedysje. Yn De gemaskerde god, dat lêst as in trein, moai fan styl is en opset as wie it in detektive, wurdt oannimlik makke dat it dûmny François HaverSchmidt, dy’t ûnder de namme Piet Paaltjens under mear ek Snikken en Grimlachjes publisearre, argivaris en bibliotekaris fan Fryslân Eelco Verwijs en skipstimmerman Cornelis over de Linden binne dy’t mei har trijen ferantwurdlik binne foar de fyt. Mei HaverSchmidt as de wichtichste skriuwer fan it boek.

Prachtige, humoristyske rollen binne der foar de trije manlju Henk van Elden, Dirk van Waeerden en Rienk Tholen) dy’t, wylst se, in gleske port derby, de fyt betinke en Haverschmidt/Paaltjens it ferhaal skriuwt. Dan wer sjocht it publyk de ynhâld fan it boek, dan wer de trije grapmakkers, tagelyk sjogge de trije hoe’t de ynhâld him foar har eagen op it poadium ûntwikkelet en ôfspilet. In fernimstige opset.

In grap hat minsken noadich dy’t der ynstjonke en yn dizzen wiene dat de hearen fan it Fries Genootschap. It iuwenâlde Oera Linda-manuskript, dat as ‘erfstik’ yn it besit wie fan Cornelis over de Linden, kaam yn 1867 foar it ljocht en spile yn op nasjonalistyske gefoelens fan dizze hearen. Ien fan har, Jan Gerhardus Ottema (libbensecht fertolke ttoch Sytze Bijlsma), klassikus en konrektor fan it Ljouwerter stedsgymnasium rekke hillich oertsjûge fan de echtens fan de oerskiednis fan de Friezen, dy’t dêrmei de status krigen fan in hiel âld folk, de grûnlizzers fan de blanke West-Europeeske beskaving, te fergelykjen mei bygelyks de Hebreeërs en de Griken yn it gebiet fan de Middellânske See.

Giet it om de betinkers fan it manuskript, dan hâldt de skriuwer fan it stik, Hans Brans, Goffe Jensma syn teory oan.

De Frysk-Germaanse goadinne Frya en har tsjinneressen spylje in rol yn it Oera Linda Boek en de New Age-achtige sekte ‘The Daughters of Frya’ – froulju (dûnsereskes en Grietine Molenbuur dy’t foar de korografy tekene), dy’t sa’n oardel iuw letter yn de echtens fan it manuskript leauwe, komme ek yn it iepenloftspul werom. En fansels binne der grutske, rûge leaver-dea-as-slaaf-Friezen. Guon spilers soene nei in pear foarstellingen wolris knap heas wêze kinne troch it útsprekken fan har krêftige teksten op rym. De sênes dêr’t it om de ynhâld fan it boek giet binne miskien justjes tefolle útspûn en ek mist de subtiliteit, mar oan ’e oare kant: dat it om in oerdreaune skiednis giet, dat sit likegoed yn de tekst fan it manuskript dat net allinne de draak stek mei it Frysk-nasjonalisme, mar ek mei it leauwen yn de Bibel.

Der sitte moaie, fernimstige fynsten yn it stik. Dat François HaverSchmidt en Piet Paaltjes mei elkoar yn petear binne en de dichter de dûmny de koarde oanrikt dêr’t er himsels mei tekoart dwaan sil, is der mar ien fan. Ek it dekôr is fraai, benammen as it tsjuster wurdt. It liet, in solo fan in jonge frou – wa? – mei sa’n suver lûd dat je der stil fan wurde en it troch alle spilers tagelyk brochte swingende ‘Wa hat it skreaun’ makket dat it publyk mei in goed sin nei hûs giet.

 

Mear ynfo en kaarten fia: https://www.kommarop.nl/

Comments
Ien reaksje oan “De oarsprong fan de beskaving leit yn Suwâld”
  1. Jan Ott schreef:

    “de tribune heel leech. Of heal fol.” Spijtig voor de makers, maar Goffe Jensma heeft dit niet handig aangepakt. Een sensatiebericht* trekt weliswaar makkelijk en goedkoop (negatieve) aandacht, maar verleidt geen theaterbezoekers. (*pleger aanslag koninginnedag las mogelijk het Oera Linda-boek)

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.