In skip soere appels foar Bauck!

ELSKE SCHOTANUS – 

Freed 30 juny, yn ’e rin fan ’e middei, meldt Omrop Fryslân dat de iepenloftfoarstelling fan Dronryp ferskood wurdt fanwegen it foarseine minne waar. De premjêre fan Bauck!, brocht troch de Stichting Grut Hermana, giet ál troch. It eazet as ik de auto ynstap, it eazet ûnderweis, it eazet as ik yn Berltsum by it Hemmemapark oankom. It sin wurdt better as bliken docht datst by de kassa in reinkeep oanskaffe kinst. In goede oankeap, want as de foarstelling ôfrûn is, eazet it nóch.

 

Miskien in stikmannich ekstra foarstellingen foar dit prachtstik dat op alle spyldata folslein útferkocht is?

 

De lokaasje, de fiver yn it Hemmemapark, is prachtich, sawol as it om it byld giet as om de histoarje fan it plak dêr’t ea Bauck van Hemmema har kastiel ferdigene ha moat tsjin in oanfal fan de fetkeapers. My skeat in oar ferhaal yn it sin. Op de bolwurken fan Sleat rekke ik ris oan ’e praat mei fakânsjegongers út de Rânestêd. Wat dy kanonnen dêr op de bolwurken moasten. Fryslân, as lân fan molke en tsiis, hie ommers gjin skiednis fan oarloggen sa’t Hollân dy hân hie. De tachtichjierrige oarloch en de Hoekse en Kabeljouwske twisten, ja, dêr hiene sy wolris fan heard, mar dat de Spanjoalen ek hjir, yn ús provinsje, knap húshâlden ha of de striid tusken Skieringers en Fetkeapers dêroan wurdt yn it ûnderwiis amper of gjin oandacht bestege. De skiednis fan Fryslân is in wredenien en wreed ek wie de striid om Hemmemastate yn 1496. Der wie, oan beide kanten, in flink tal deaden en ferwûnen. Bauck van Hemmema waard finzen set yn Grins.

Dat ferhaal sit wol byt oan, al kinst dy ôffreegje wat it wiere ferhaal is. Krige Bauck yn de finzenis gjin bern? In deaberne berntsje? In twalling? As it om feiten en feitsjes giet ûntrinne de ferskate histoaryske boarnen elkoar, tagelyk jout it de skriuwer fan it stik de frijheid en meitsje der in sa oansprekkend mooglik ferhaal fan. Bauck wurdt de heldinne dy’t har spegelet en har spegelje kin oan de Frânske heldinne Jeanne d’Arc dy’t as in spûkferskining yn de foarstelling opdûkt, klaaid yn it wyt op in swart hynder. Sa wurdte histoaryske gegevens romantisearre en romantisearre is ek de wize wêrop’t Bauck striid leveret foar posysje fan de Friezen. Sa simpel leine de ferhâldingen tusken Skier en Fet lykwols net. Der wie gjin geografyske grins tusken beide partijen. Opportunisme, boppedat, wie de adel net frjemd en in haadling koe samar fan de iene nei de oare partij oerstappe as him dat better útkaam. Eigenbelang by de striid om in stins soe dan ek wolris grutter west ha kinne as it belang fan ‘de Friezen’. Bauck sil dan in ‘Fryske frijheidsstrider’ west ha, oft sy ek in strider wie foar ‘de Friezen’ is mar de fraach.

Foar it skoft spilet de foarstelling har op Skylge ôf dêr’t Bauck opgroeit as dochter fan de haadling Foppe Popma, Hear fan Skylge dy’t dêr syn posysje ferliest. In mûlryp fanke, dat gauris it gefjocht oangiet as eat har net sinniget. ‘Net los fertroud’, sjonge it manlju- en frouljuskoar besteande út de fiskersbefolking fan it eilân. Sy bringe, troch de foarstelling hinne, in tal prachtige lieten: meldijen fan Tsjaikovsky. Tekst is wichtich yn it stik, want al dy histoaryske personaazjes en barrens moatte har gerak krije. De sang, de trommen fan de slachwurkgroep Femmes Vattaal dy’t, yn de twadde helte, de oanfal fan de fetkeapers ynliede, en Marieke Swart mei har prachtige sjongstim as de jonge Bauck jouwe it gehiel tsjoen. It poadium is it kastiel dat yn de fiver stiet. Boaten dy’t fanachter de reiden wei oanfarren komme, in hichte yn de bosk dêr’t guon sênen har ôfspylje, it wetter dêr’t de soldaten harren striid fiere: der is optimaal gebrûk makke fan de lokaasje. Fûgellûden, tongerslaggen, fakkels en benammen, as de tsjusternis ynfalt, ek de beljochting meitsje it fisuele spektakel ôf.

Histoarysk korrekt soe it neffens de boarnen wêze dat de fetkeapers trije kear de oanfal ynsetten, yn de foarstelling waard it in werhelling fan setten. Net hiel slim, al in misse set wie dat de premjêre net ferskood waard nei de reservedatum. It skipfol soere appels dat oeren oanien oer it Hemmemapark útkipere waard, hat sûnder mis ûnderstek dien oan de beweechlikens fan (guon fan) de spilers en it genot fan it publyk, klam ûnder harren reinjassen- en kepes. Miskien in stikmannich ekstra foarstellingen foar dit prachtstik dat op alle spyldata folslein útferkocht is?

Comments
Ien reaksje oan “In skip soere appels foar Bauck!”
  1. Anoniem schreef:

    Ik foen it stik, ek yn de rein, prachtich! De rein joech foar my in ekstra diminsje, heimsinnich! Seker gjin soere appels.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.