Teatereksperimint op ’e Ringfeart by Wergea

Publisearre op 16 september 2019

ELSKE SCHOTANUS – 

Nei it súksesfolle ‘De Suvering’, twa jier ferlyn mei de fertutearze wettersuvering fan de eardere suvelfabryk as dekôr, bringt de Stifting Iepenloftspul Wergea dit jier op ’e nij lokaasjeteater. Diskear giet it om in harkspul. Mei de koptelefoan op fart it publyk yn trije preammen troch de Ringfeart om de ynpoldere Greate Mar. De ferteller fertelt it ferhaal ‘It lûd fan de mar’, de sênes spylje har op ’e wâl ôf. Dizze opset: dat is it eksperimint oandoare. En, is dat slagge? Om daliks mar mei de doar yn hûs te fallen: it antwurd is ja en nee.

 

Om my hinne hear ik wurden as ‘prachtich’ en ‘hoe ha se it foar elkoar krigen’.

 

It ferhaal
‘It lûd fan de mar’ hat in histoaryske achtergrûn. By Wergea leine yn de midsiuwen trije marren. Op ynisjatyf fan de Amsterdammer Paulus Jansz. Kley binne dy fan 1633 ôf drûchlein. Dêrmei wie it dien foar de fiskers dy’t libben fan de fangst fan iel en snoekbears. Fan doe ôf wie it lân foar de boeren dy’t dêr har kij rinne lieten. It ynpoldere lân leit leger as de omjouwing en op ’e kaart is de ringfeart dúdlik te werkennen. Om dit gegeven hinne is in leginde betocht.

Dy seit: Alle jierren, by ’t hjerst, tidens in stoarm, is der it ‘lûd fan de mar’, in lûd dat nimmen thúsbringe kin. En moarns, as de stoarm belune is, docht bliken dat de mar it libben fan in jonge frou – in boeredochter – naam hat. Der binne sênes dy’t dizze leginde ferbyldzje, oare sênes ha te krijen mei de plannen fan Kley, de reaksjes fan de fiskers dy’t har breawinning ferlieze sille en de boeren dy’t benaud binne dat it boerelaach útstjerre sil. Sy ha nammentlik allinne mar dochters…

 

Ja, it is slagge
It is in unike ûnderfining om by’t jûn by de Bidler yn in pream te stappen. Oer de Wergeaster feart farst troch it doarp. Kearskes op de finsterbanken, hjir en dêr sitte minsken oan ’e kant te sjen hoe’t de preammen foarby komme. Troch de Nije Waring, dêr’t achter de finsters fan nije wenten de telefyzjes oanstean, giet it op nei de Ringfeart dêr’t it publyk yn ’e santjinde iuw telâne komt. De sinne giet read ûnder op dizze premjêrejûn, it is wynstil, de loft is helder en it is ljochtmoanne. As it derom giet minsken de skientme fan de omjouwing te toanen, dan is dat foar de folle hûndert persint slagge.

Ek as it giet om de entûraazje, dan wurdt foar (mar) njoggentich man publyk – der kinne sa’n tritich persoanen yn in pream – troch hûndertfjirtich (!) meiwurkers in megaprestaasje delset. Sjochst in boatsje dêr’t de fiskersju harren netten ophelje. Op ’e wâl set immen de netten yn ’e taan. Twa jonges skreauwe tsjin ’e wyn op en ferstean elkoar net. Boeredochter Yldou har gesicht wurdt projektearre op in silo. As de mar nachts har libben naam hat, ûntdekke har âlden dat it daksfinster iepen stiet en krekt op dat momint farre de preammen lâns in pleats mei in iepen daksfinster. Fammen dûnsje op it wetter en it skip fan de Eagumer toer stiet yn fjoer en flam. It binne mar in pear foarbylden dy’t sjen litte dat it ferhaal sa opboud is dat der optimaal gebrûk makke is fan de lokaasjes. Der is enoarm flyt dien op ’e klean fan boeren en fiskers, fan Kley en oare stedslju. De bouploech hat soarge foar in flonder, krekt ûnder it wetteroerflak sadat it is as wurdt op it wetter dûnse. Der binne poppen makke fan reiden en tûken. De Eagumer toer hat in skip krigen, der is in rêd dat it wetter de mar útpompt. Ferteller en spilers ha sênes ynsprutsen, der is muzyk by socht en makke, der binne lûden dy’t by it ferhaal hearre, bygelyks dy fan skolperjend wetter en fûgels, fan tongerslaggen en stoarm. En de beljochting fan de spilers doocht. Dus, ja, it is slagge.

 

Nee, it is net slagge
Wurket it, sa’n harkspul mei bylden? Nei ôfrin farre de preammen fan Domwier werom nei De Bidler. Oan board is in jonge en him wurdt frege wat er fan de foarstelling fynt. Hy hat der mar ien wurd foar: saai.

Krekt yn de preammen wurdt it publyk wolkom hjitten en de wurking fan de koptelefoan wurdt útlein. Nuver is dat it boadskip even letter werhelle wurdt. Fierderop docht lykwols bliken dat álle sênes twa kear te hearren binne. Mear as ien kear is de earste kear even fóárdat de pream oan de sêne op ’e wâl ta is en de twadde ast dêr krekt oan foarby bist. Dêrmei rekket de spanningsbôge út it ferhaal wei. De yntroduksje op de histoaryske achtergrûn docht nochal skoalsk oan, letter is de ferteller better op dreef. En lang net oeral, mar hjir en dêr ha de sprutsen sênes boppedat tefolle in foarlêstoan. Ek rekket de spanning kwyt trochdat der soms justjes tefolle tiid tusken de sênes sit. Dêr komt noch by dat, troch byld en stimmen/lûden út elkoar te lûken, de kreft út it spyljen sels wei helle wurdt. In spiler dy’t nammentlik docht as oft er, om in foarbyld te neamen, yn panyk is – in âlder dy’t it útraast as Yldou ferdwûn is – is noait sa sterk yn syn spyljen as wannear’t er it diedwurklik útraast.

Spitich is ek dat it yn in kaaisêne folslein net helder wurdt wat der eins te rêden is. De mar is drûch en Kley stie op in brêge te orearen oer dizze prestaasje. Tagelyk sil in boeredochter mei de soan fan in fisker trouwe. Der giet wat mis, mar hoe en wat krekt?

 

Undergean
Moatte de minsken dy’t kaarten foar de kommende njoggen útfieringen ha dy dan mar werombringe? Perfoarst net. Om my hinne hear ik wurden as ‘prachtich’ en ‘hoe ha se it foar elkoar krigen’. Miskien moatst dit stik dan ek hielendal net útklaaie en filearje. De tsjoen fan lânskip en entûraazje ûndergean, is ek in wize fan sjen.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]