Iepenloftspul Jorwert: gelikense beleanning foar gelikens wurk

ELSKE SCHOTANUS –  It is net samar, dat, as it publyk, ûnder begelieding fan de fanfare fan Weidum, har plakken op de tribune ynnaam hat, de foarsitter fan it Iepenloftspul yn Jorwert, syn wurdearring útsprekt foar de notaris dy’t alle jierren weroan syn tún beskikber stelt en al dy frijwilligers dy’t de foarstelling mei mooglik […]

Op sokken fan doe nei no

RYNK BOSMA –  De taskôger fan it iepenloftspul ‘Koaning op sokken’ yn Sint Anne wurdt yn it begjin fuort al op de ferkearde foet setten. It is op syn Bildts, de minsken dy’t it spul stâl jaan sille, komme byinoar om troch te praten hoe’t it allegearre rinne moat. De plechtichheid fan in toanielstik of […]

Iepenloftspul Jorwert: gjin fijne famylje

ELSKE SCHOTANUS –  Is it iepenloftspul fan Jorwert by definysje in feestje en as it waar meiwierret is it dat noch folle mear. It is op in moaie simmerjûn dat de foarstelling fan 2015, ‘Augustus’ yn premjêre giet. Under in strakblauwe loft tûmelje de sweltsjes boppe de notaristún dêr’t it barren foar de 62e kear […]

Anne Frank yn it Frysk rekket my noch djipper

NYNKE VAN DER ZEE –  Op 12 juny, de 86e bertedei fan Anne Frank, belibbet Fryslân de Frysktalige premjêre fan it iepenloftspul ‘It Deiboek fan Anne Frank’. Op it terrein fan It Holt yn Deinum wurdt in unyk earbetoan brocht oan in famke dat mei har deiboek minsken oer de hiele wrâld djip yn it […]

Anne Frank

ELINE DE VRIES –   Ik wie ferskuorrend bliid doe’t de Fryske ferzje fan it deiboek fan Anne Frank útkomme soe. Om my ta te rieden op de rol fan Anne Frank haw ik foarôfgeand oan de repetysjes ‘Het Achterhuis’ yn it Nederlânsk lêzen. Doe wie ik al bot ûnder de yndruk fan har wurden. No’t […]

Dy bern fan ús, meunsters, allegear!

ELSKE SCHOTANUS –  Sa’t achter it dekôr de tsjerketoer fan Easterwierrum ôfstekt tsjin de jûnsloft dêr’t sweltsjes fleane en, yn it beamte, it koeren fan in do te hearren is, wurket de setting oer alle boegen mei. Sa’t it it bestjoer fan it berne-iepenloftspul alle jierren wer slagget om sponsors te finen, bouwers, lêzers, grimeurs, […]

De gouden gurbes

EELCO VENEMA –  Foar wa’t it mist hat: ús eigen Fryske Golden Globes, de Gouden Gurbes binne útrikt. Jorwert waard mei de Kloklieder fan Nijdaam de grutte winner. Ik tink dat elkenien dy’t dit jier it ien en oar sjoen hat, him dêr yn fine kin. Hulde foar in moaie prestaasje. De Gouden Gurbe is yntusken […]

As macht en ûnmacht mekoar befjochtsje

TSJOMME DIJKSTRA –  De oerfal op it Hûs van bewarring yn Ljouwert fan 8 desimber 1944 wie in fersetsaksje yn de oarloch dy’t oant op de dei fan hjoed ta yn en bûten Fryslân grutte bekendheid hat ûnder de minsken. By dy died befrijden leden fan de Fryske Knokploech (KP) leafst ienenfyftich finzenen sûnder dat […]

Fausto & Giulia

Neam alles datst witst oer Fausto Coppi. Ehm… Italiaansk, hurdfytser, jierren ’60? ’50? Klimmer, Tour de France wûn, giro, jonge fan it plattelân, gedoch mei froulju, polio… Nee, gjin polio. Malaria! Stop! Keurich, mar we misse noch it Iepenloftspul Snakkerbuorren. Fausto Coppi yn in iepenloftspul? Hoe is de bêste man dêr no yn fersyld rekke? […]

De rop fan ’e tún

ELSKE SCHOTANUS –  25 augustus 1951 stoarte de âlde romaanske tsjerketoer fan Jorwert, dy’t op dat momint yn restauraasje wie, yn: “… in stik fjoer út de triedden en in grize stofwolk…” Noch noait hie it doarp safolle besikers hân as it wykein dêrnei, tûzen, miskien wol 1500 minsken, en oan de nûmerbuorden te sjen […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.