• 24 april 2013

    MEINDERT REITSMA -  Oan ’e ein fan har besprek op Farsk fan de roman De wraakingel (2004) fan Leo Popma (1938) hope Jetske Bilker op mear boeken fan Popma. It hat lykwols njoggen jier duorre ear’t der in nij boek fan Popma ferskynde: koartlyn is by Frysk & Frij de roman As gong dêr in oar útkommen. Skriuwe docht Popma yn riten: yn ’e jierren [...]

  • 11 april 2013

    JAAP KROL -  Marjolijn van Heemstra (1981) is theatermaakster, dichteres en medewerkster van NRC en Trouw. Ze is – dat moge geen verwondering wekken – familie van Feijo Schelto Sixma Baron van Heemstra, oftewel Homme Eernstma, die in Friese literaire kringen bescheiden succes genoot met zijn indertijd (1963) omstreden roman Leafdedea. De laatste Aedema is van Heemstra’s romandebuut, een boek tegen het vergeten. Althans, zo [...]

  • 20 maart 2013

    YVONNE DIJKSTRA -  It binne gjin sympatike lju, it stel dat yn It libben fan in oar de haadrol spilet. Hy, Johan, hat him de lêste jierren foar syn promoasjeûndersyk yn de poëzij fan de Fryske dichter Boate Annes de Vries ferdjippe. Dat dat ûndersyk op ‘e non rint is al gau dúdlik, mar in heimsinnige liftster – in operasjongeres mei Amerikaenske roots –  soarget foar it [...]

  • 19 maart 2013

    ELSKE SCHOTANUS - De Emigrant, De Koornbeurs, Frentsjer, sneon 16 maart 2013 Hast it idee datst in emigrant yn eigen lân bist, ast ûnder Ljouwert, oer de N31 de kant fan Frentsjer út rydst om dêr, yn de Koornbeurs, de premjêre fan De Emigrant mei te meitsjen. Slingerst tusken piramiden fan sânsekken troch, in leger oan giele buorden, bosken oan readwite pealtsjes en in tel letter [...]

  • 2 maart 2013

    ABE DE VRIES -    OP 'E TONGE FAN IT LÂN Op de tonge fan it lân lêst in man de krante, de siden iepenslein, as soe er op flerken. Let is it ljocht yn it uterste fan Tiid, de see, seegrien, mei tankers en seilen oer Cape Cod. Under de spotslach fan weach en ivichheid seit healwei de floedmerk in hantwizer ‘Fjoer’. Allyk brieven [...]

  • 25 februari 2013

    SITO WIJNGAARDEN -  Koartlyn ferskynde op Facebook in resinsjeside mei de titel 'Besprekstek'. In inisjatyf fan oersetter Anne Popkema. "Dit stek is ornearre om resinsjes fan Frysktalige literatuer op te finen en te pleatsen. Jim kinne sels in resinsje pleatse, ferwize nei in resinsje op in oar plak op it ynterweb, of dy resinsje hjir diele mei fermelding fan resinsint en fynplak." Sa skriuwt Popkema [...]

  • 25 februari 2013

    ALBERTINA SOEPBOER -   Tink it dy mar ris yn: bist in famke, wennest thús by heit en mem en der liket neat te rêden yn dyn libben. Mar op in dei hearst fan de buorlju datst noch ergens sân bruorren hast. Dyn heit en mem hawwe dy dat noait ferteld. Wat dochst dan? Do bliuwst net thús. Do pakst dyn koffer yn en sikest [...]

  • 11 maart 2012

    Justerjûn  haw ik ien fan de moaiste útfierings fan Hamlet sjoen fan myn hiele libben. Ik kin my alteast net foarstelle dat de útfiering fan Hamlet nòch yntinsker, djipdollender of mear yn ’t moed taaste kin, as de útfiering dy’t ik justerjûn sjoen haw. Hoe kin it dochs dat in stik fan goed 400 jier âld alle kearen wit te boeien. Wat it NNT út [...]

  • 31 januari 2011

    Yn it Frysk Deiblêd fan 22 jannewaris stiet in besprek fan Arjan Hut syn poëzijebondel Tin, in hecht komponearre bondel dy’t ik mei nocht lêzen ha, lûdop om op dy manier de muzikaliteit fan de fersen safolste mear har gerak te jaan. It hat my dan ek ferbjustere dat it besprek sa negatyf útpakt. No mei de besprekker fan it wurk fine wat er fan [...]