fotografy: Jan Bensliman

Weemoed en langst, sûnder Facebook, sûnder Skype

ELSKE SCHOTANUS – De Emigrant, De Koornbeurs, Frentsjer, sneon 16 maart 2013

Hast it idee datst in emigrant yn eigen lân bist, ast ûnder Ljouwert, oer de N31 de kant fan Frentsjer út rydst om dêr, yn de Koornbeurs, de premjêre fan De Emigrant mei te meitsjen. Slingerst tusken piramiden fan sânsekken troch, in leger oan giele buorden, bosken oan readwite pealtsjes en in tel letter sjochst tsjin in enoarm helferljocht bousel oan dat him, nij as it is, as in flok yn it lânskip ferheft. Wurdst der kjel fan, sa’tst dat lêstendeis ek wurden wiest doe’tst ta dyn ferbjustering gewaar wurden wiest dat der yn it djipst fan de ekonomyske krisis by it stedsje Sleat risselwaasje makke wurdt mei it oanlizzen fan in bedriuweterrein, fuort bûten de bolwurken, wyls it yn dyselde kriten, fan Balk oant It Hearrenfean optilt fan de lege bedriuweterreinen.

Om dy yn Fryslân net langer thús te fielen, hoechst fandatoangeande gjin fyftich jier yn Kanada west te hawwen, lykas Sybolt de Haas, it haadpersoanaazje yn de foarstelling dy’tst letter op de jûn te sjen komst.

De foarstelling is foar in part basearre op It wrede paradys (1999), it boek dêr’t Hylke Speerstra alderhande persoanlike en faak tragyske skiednissen fan emigrearre Friezen yn optekene, in boek dat no ta gelegenheid fan de toanielfoarstelling op ’e nij útjûn is, ynbegrepen ‘tajeften, foto’s en nije ferhalen’. It is goed dat as ûnderdiel fan de kultuerhistoarje dizze emigraasjeferhalen ferteld en fêstlein  binne, mar tagelyk kin men jin ôffreegje: binne de útjeften dy’t kear oan kear fariearre wurde, ek net in bytsje it wat ferfeelsum útmelken fan in eardere suksesformule? En hinget der ek net in besykjen mei gear om wat werom te finen fan it euforyske mei-inoar-ien-gefoel dat Simmer 2000 foar de Friezen west hat?

Yn de auto betinkst watst op grûn fan de ynformaasje dy’tst fia krante en omrop opdien hast sa likernôch ferwachtsje kinst. De titel, De Emigrant, ropt gefoelens fan langst en weemoed op, van oude mensen en dingen die voorbij gaan. Dát. It sil in nostalgysk jûntsje wurde en mei de nedige reserves stapst de smûke, mar muf rûkende en fierstente waarme seal yn.

Nostalgy
De Emigrant is in tekststik, it draait om monologen en dialogen. Romke Toering, dy’t yn 2010 it slim romantyske iepenloftspul Pake Sytse regisearre, hat ek de tekst foar De Emigrant skreaun. Wêr’tst al bang foar wiest, wurdt werklikheid. Op it toaniel stiet in wat ûnhandich pratende boer, sa’n typ dat him net werklik uterje kin. It is de 72-jierrige Sybolt de Haas, dy’t yn Kanada mei neat begûn is en dêr no in pear hûndert kij melkt. Wylst er de koffer ynpakt fertelt er hoe’t er eartiids út Fryslân fuortrekke is. As twadde soan wie er arbeider by broer Klaas op de pleats en dat foldie him min. Sûnder ôfskied te nimmen is er fuorttein en altyd hat er ûnwennich west, homesick. It is it âlde bekende ferhaal. En as yn it foar al oankundige wurdt dat Sybolt de Haas syn reis werom nei Fryslân ‘oan alle einen en kanten’ konfrontearjend wêze sil, dat kin it hast net oars as dat der, as de man werom is yn it heitelân, in oerwinneling opdûkt dêr’t er it bestean nea fan witten hat. Dêrmei hast alle klisjees wol sa’n bytsje by elkoar en is de plot allike foarsisber as plat.

De Haas is widner en it wie syn frou Nynke dy’t der, foar har dea, op oantrune hie dat er dizze reis meitsje moast. Sy en har soan ha der west, Simmer 2000.

Ienkear yn it heitelân werom giet it oer wat Sybolt hjir fynt. In Bêd en Brochje yn in âld-pleats dy’t mei steatstipe oerein holden wurdt, it meimeitsjen fan it rinnen fan de Slachte, in mem op it hôf, broer Klaas dy’t ûnderwilens yn in bejaardewenninkje sit, âlde maten dy’t ôfstannelik op him reagearje. En der is langst: hy wol Sjûke opsykje, in famke dêr’t er eartiids wat mei hân hat. Nimmen dy’t Sybolt ferdútse kin – of, better sein, wol – wat der fan har wurden is, oant er op in stuit op it hôf, dêr’t ek syn mem leit – o grutte tafallichheid – tsjin har grêfstien oprint en dêrby gewaar wurdt dat er in dochter fan om ende by de fyftich hat.

Soks is net allinne foarsisber, it ferhaal komt ek, rasjoneel sjoen, wat frjemd oer. Broer Klaas sil derfan witten ha. Alde freonen en kunde wisten derfan. Sels partner Nynke, sa skimert op in stuit troch, hat der weet fan hân. En nimmen seit wat of hat wat sein. Mar bliuwe beskamsume saken hjoeddedei werklik salang ûnder it kleed?

As ferwachte is De Emigrant yndie ien en al nostalgy. It elemint fan weemoed en langst sit bygelyks yn de lietsjes, ynsongen troch Frederike Kleefstra, op teksten fan Baukje Wytsma. ‘(…) yn ’t hûs dêr’t ik ienris thús wie / is gjin plak foar my.’ Moai en leaf, sûnder mis, sa’t ek de fotobylden dy’t op it skerm achter it spylflak it moaie en leave fan Fryslân sjen litte: troch beammen omseame pleatsen, de greide fol hynsteblommen. De helferljochte hal súd fan de N31 wurdt, by wize fan sprekken, soarchfâldich bûten byld holden en dêrmei liicht De Emigrant it publyk in Fryslân foar dat amper noch bestiet. Der wurdt al ris in mobyltsje foar it ljocht helle, mar, al spilet de foarstelling yn dizze ieu, de 21-ste, alle moderniteit wurdt mijd. Sybolt’s soan Willem soe, tegearre mei syn neef, op omke Klaas syn pleats buorkje wolle, mar, al sil Willem nei Simmer 2000 kontakt mei minsken hjir hân ha – nei syn reis wie er suver ûnwennich – der wurdt net maild, net skyped, net twittere en as der al immen in facebookaccount ha soe, dan mei it publyk dat net witte. Sa set Toering in werklikheid del dy’t suver ûnwerklik oandocht.

Wat al treflik oan it stik is, binne de spilers. Freark Smink hat net allinne syn postuer mei foar de rol fan de 72-jierrige Sybolt, hy ís dizze boer, in persoanaazje dat Toering distilearre út (û.m.) Speerstra syn wurk en tal fan petearen, dy’t er dien hat, ûnder mear tidens in reis fan trije wike troch Kanada. De seal laket om de typysk Fryske plattelanner, mei syn typysk Fryske wizen fan sizzen en do, mei alle reserves dy’tst hast, do lakest hertlik mei.

De twadde akteur, Theo Smedes, is ôfwikseljend soan, eigner fan B&B ‘De Pronkkeamer’, rûzjesiker en sjoernalist fan de Ljouwerter. Fjouwer rollen, altyd byrollen yn in stik dêr’t Smink yn gloriearret. As rûzjemakker is er op syn bêst, in echte klier en as er achter de kûlizen wei opdûkt mei swart hier en in opplakte snor is er (it stereotyp fan) in Turk.

‘O, in bûtenlanner’, reagearret De Haas as er fernimt dat de LC-sjoernalist fan Turkse komôf is. Yn dat petear, it iennige dat oan de hjoeddeiske maatskiplike realiteit rekket, giet it om byldfoarming, om mar net te sizzen: stigmatisearring. ‘Ik, gastarbeider?’, reagearret De Haas ferûntweardige as Izmet Aslan him in spegel foarhâldt. In Fries dy’t earne oars syn bestean siket is in emigrant, mient er, gjin gastarbeider, kom no … ‘Is dit jouw laan, of mines’, freget Ismet Aslan yn it Snekers, want Snits is it plak dêr’t er hikke en tein is. It ferhaal fan de  twaddegeneraasje-allochtoan – it gemis, it opsykjen fan lângenoaten yn tsjerke of moskee, as de kniper op ’e skine komt kieze foar in libbenspartner dy’t de eigen taal en kultuer dielt – dat ferhaal is net oars as dat fan ‘ús eigen’ Friezen om utens. Mei dizze konfrontaasje yn it tinken oer emigraasje en ymmigraasje hat de skriuwer in punt te pakken.

Foar  de spyllist sjoch: www.de-emigrant.nl. Fryslân fungearret as proeftún, yn 2014 sil de foarstelling bûten de provinsje brocht wurde en dêrnei is it de bedoeling dat De Emigrant oerseesk giet.

Comments
Ien reaksje oan “Weemoed en langst, sûnder Facebook, sûnder Skype”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.