fotografy: Sirkwy.nl

Nei de krypten fan it ferline

MEINDERT REITSMA – 

Oan ’e ein fan har besprek op Farsk fan de roman De wraakingel (2004) fan Leo Popma (1938) hope Jetske Bilker op mear boeken fan Popma. It hat lykwols njoggen jier duorre ear’t der in nij boek fan Popma ferskynde: koartlyn is by Frysk & Frij de roman As gong dêr in oar útkommen.

Skriuwe docht Popma yn riten: yn ’e jierren santich publisearre er in toanielstik, in roman en in dichtbondel. Yn 2002 ferskynde pas wer in boek: de ferhalebondel Himelsk ferwulf, yn 2004 folge troch De wraakingel. En no dus As gong dêr in oar.

Yn in fraachpetear mei Sietse de Vries yn ’e Ljouwerter Krante fan 18 oktober 2002 jout Popma oan dat it Frysk foar him de taal fan de ûnwennigens is. Dat komt om’t syn âlden Nederlânsk tsjin him praten, op ’e dyk wie lykwols it Frysk de omgongstaal. Doe’t er yn Brabân siet, waard it Frysk de taal fan de nostalgy. Doe’t er weromkaam yn Fryslân, hat er it Frysk leard. It sykjen nei de woartels, mei de ûnwennigens en it gemis, en it ûndersykjen fan de ynfloed fan it ferline foarmje de reade tried yn Himelsk ferwulf. Yn As gong dêr in oar is dat ek it haadtema: de haadpersonaazjes geane nei de krypten fan it ferline, dat fiergeande gefolgen hat.

Mare en Johan ferbliuwe in pear dagen yn in hûs dat yn Frankryk oan ’e see leit. Sy is tolk-fertaler by de Europeeske Uny en hy is arsjitekt. Bysûnder oan harren relaasje is dat Mare Johan it Frysk leard hat. De lêzer wurdt yn it begjin fuortendaliks by de lurven pakt; it wurdt dúdlik dat der fan alles bart is dat no noch hieltyd ynfloed op de personaazjes hat: ‘Alde gloary, alles hjir is ferline tiid.’(s. 16) en in side fierder: ‘As in swolm sit dy histoarje him yn ’e  kop (…) Mar it is sein en sûnder dat er it tsjinhâlde kin, komt in âlde optocht op gong.

Tegearre geane se it hûs fan it ferline yn en litte de ferhalen op gong komme. Johan wrakselet mei twa dingen: it kwytreitsjen fan syn eks en it ferwurkjen fan de Molukske treinkaping by De Punt yn 1977. By de lêste spilet mei dat er befreone is mei de Molukske Max. Benammen dat lêste is troch de skriuwer meinimmend beskreaun, it is goed ferwurke yn de tematyk en de sênes fan it boek. Hoe’t it mei Johan ôfrint wurdt al gau dúdlik: hy wurdt in oar foar himsels en ferliest himsels. Dat is spitich, sa is de ferrassing der wat ôf.

Mare is freeslik ûnwennich fan har bertegrûn yn Fryslân, se giet dan ek hieltyd werom, mar fynt net wat se fine wol. Yn it hûs dêr’t se no mei Johan ferbliuwt hat se earder au pair west en hat oan dy tiid in soan oerhâlden, dy’t ek in pear dagen oerkomt. Hoe’t it mei har ôfrint is wol ferrassend en past goed yn it ferhaal. De skriuwer docht dat troch in perspektyfwiksel ta te passen, dêr is er wat te let mei sadat der betizing ûntstiet.

Oer it generaal jout de skriuwer op in masterlike wize details: bytsje by bytsje, wat bydraacht oan de heimsinnige sfear fan it boek. Alle foarfallen en personaazjes lykje in funksje te hawwen, wat meastentiids goed útpakt. Lykas by de buorman fan it húske dy’t skriuwt yn it Dúnsters, it pleatslike dialekt. Hy seit der dit oer: ‘It Dúnsters hat de waarmte fan it sân, de romte fan it lânskip hjirre, it sangerige fan de see, fan altyd fuort en werom. Dat is wat by binne. De wurden, it gefoel, de mystyk dêr’t ús taal út fuortkommen is: it libben yn waar en wyn, de earmoed, it wurk, de kust, it swijen.’ (s. 67, 68). Faker komt de posysje fan in minderheidstaal oan ’e oarder. Sa leveret it boek ek in bydrage oan de aktuele diskusje wat it plak fan minderheidstalen is yn Nederlân en Europa.

Bytiden wurdt te faak referearre oan taal en identiteit, dan falt it te folle op en yrritearret it suver. Guon passaazjes hiene better weilitten wurde kinnen, bygelyks it begjin fan haadstik 23. Dêr wurdt ferteld oer de reizen dy’t de haadpersonaazjes troch Europa meitsje, dat is oerstallich op dit plak yn it ferhaal. Mar ik bin ûnder de yndruk hoe’t Popma oan ’e ein alle linen út it ferline by inoar bringt, eins hoe’t er de hiele roman konstruearre hat. Popma nimt de lêzer mei nei syn konstruearre hûs dat bestiet út in soad doarren en gongen, mei dêryn in rike taal en grutte kompleksiteit. Je soene der samar yn ferdwale kinne, mar Popma soarget derfoar dat doarren dy’t net sa maklik iepen geane, harren dochs iepenje. Dêrom soe ik de lêzer fan herten útnoegje wolle yn it bysûndere hûs fan Leo Popma.

 

Leo Popma: As gong dêr in oar. Utjouwerij Frysk & Frij, Ljouwert 2013. 266 siden, €25.

Comments
2 reaksjes oan “Nei de krypten fan it ferline”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.