De skatkisten fan Grimm

Publisearre op 25 februari 2013

ALBERTINA SOEPBOER –  

Tink it dy mar ris yn: bist in famke, wennest thús by heit en mem en der liket neat te rêden yn dyn libben. Mar op in dei hearst fan de buorlju datst noch ergens sân bruorren hast. Dyn heit en mem hawwe dy dat noait ferteld. Wat dochst dan? Do bliuwst net thús. Do pakst dyn koffer yn en sikest oeral om sân ravens dy’t famylje fan dy wêze soenen. In benei ûnmooglike opjefte foar in bern. Of miskien doch net?

 

De grimmitige wrâld fan Grimm
‘De sân ravens’ is ien fan de mearkes dy’t de bruorren Grimm twa ieuwen lyn op papier setten. Har samling mearkes soe wrâldferneamd wurde en terjocht. Moai optekene ferhalen kinne ommers sûnder ien tiid of plak. Wa’t bygelyks de feiten fan ‘De sân ravens’ oan ús eigen tiid oanpast, krijt in ferhaal dat sa op de tillevyzje by Spoorloos kin oer in famke dat har famylje kwyt is. Want achter dy wûnderlike wrâld fan bygelyks jonges dy’t yn fûgels feroarje leit gewoan ús eigen wrâld. De swierrichheden dêr’t de heldinnen en helden mei wrakselje binne werkenber en aktueel. Se hawwe allinne in oare jas oandien as dat wy wend binne.

Mearkes hearre ta de berneliteratuer. Dat komt net omdat mearkes skattich binne, wat safolle berneliteratuer hjoeddedei graach wêze wol. Mearkes binne hielendal net skattich. Dat mearkes wól by bern hearre komt, omdat in jong bern sûnder de rasjonele betingsten fan it ferstân de wrâld akseptearret. Sa kin in minske in fûgel wurde en hat de wurklikheid faak in net aardige toan. In bern giet mei yn de wrâld dy’t it mearke opropt, en wol it faak graach noch in kear hearre. Wêrom? Omdat it spannend is. En omdat it werkenber is. Want ûnder de oerflakte fan in mearke sit in boadskip dat in bern heel goed oanfielt. Lykas yn ‘De sân ravens’ fertelle heit en mem fertelle dy ommers de wierheid net altyd. Dat is in ferskriklike ûntdekking. En dat is perfoarst net skattich.

It is dan ek in grut kado dat Anne Tjerk Popkema oersettingen makke hat fan de mearkes fan Grimm út it Dútsk wei nei in moai en modern Frysk ta. Dit binne de ferhalen dy’t de boarne binne foar in hele protte berneliteratuer. Pratende bisten en dwergen, se binne allegear skatplichtich oan minsken as Grimm. Ek in literatuer dy’t himsels serieus nimt kin net sûnder dy skatkiste. Want mearkes binne net allinne geskikt foar bern, mar foarmje ek de skatkiste fan ús eigen ûnthâld. Wa’t wat begripe wol fan it mystearje fan libben en dea, dy kin teplak by Grimm.

 

Stap foar stap de wrâld yn
Mearkes binne gjin ferhalen dy’t yn ien kear betocht binne. Se binne soms al wol  ieuwenlang ferteld foar’t se op skrift set waarden. Sa komt it dat mearkes út ferskillende lagen besteane. Oer dat iene boarneferhaal fier werom yn de tiid, at sa’n earste ferhaal al oan te wizen falt, sitte heel faak lettere ferhalen hinne. In mearke bestiet dêrom net út ien ferhaal, mar út ferskillende ferhalen. Fierder steane eleminten fan it iene mearke faak ek yn oare mearkes. Wat wól eigen is oan in mearke, dat is de kearn. Dy bestiet út wiisheden oer libben en dea. Dát is de grutte konstante yn alle mearkes.

Wat is it libben? Wat is de dea? Yn ‘De sân ravens’ wurdt in famke mei beiden konfronteare at se opgroeit. As famke moat se in stik fan har âlde libben stjerre litte om frou te wurden. Dat is normaal, dat is de manier om folwoeksen te wurden. Mar yn it gefal fan it famke mist der in  stik út har libben en kin se de oergong net op de normale manier meitsje. Se moat earst op ’e syk nei wat der mist. Dat binne yn dit gefal sân har bruorren dy’t yn ravens feroare binne. Se fielt har dêr skuldich oer. Want doe’t it famke berne waard, moasten dy bruorren wetter helje om har nije suske te dopen. Dat mislearre, omdat ien fan de bruorren de tsjelke yn wetterput falle liet. Yn de wrâld fan de symboalyk is de wetterput de tagong nei de skimerige wrâld achter de deistige wrâld. De tsjelke stiet faak foar de graal, de boarne dêr’t alle libben út floeit. De jonge lit it libben sels falle at de tsjelke yn de put falt. Mar dat is net allinne syn eigen skuld. It wurdt dúdlik dat de heit en mem har soannen net botte heech hawwe. De heit ferflokt se at se net weromkomme mei it doopwetter en fan de mem fernimme wy neat. De jonges groeie sûnder stipe fan de âlden op. Sa wurde se letterlik en figuerlik rôffûgels dy’t yn in skimerige wrâld libje. At in heit en mem, sa leart dit mearke, har bern net stypje, kinne dy net opgroeie ta folwoeksen minsken.

Mar in mearke leart net allinne dingen, it jout ek oplossingen. Yn ‘De sân ravens’ giet it famke op ’e syk nei wat mist yn har libben. Sy is it dy’t har bewust wurdt fan de situaasje. Dat bart op in symboalyske manier. Underweis moetet se de sinne en de moanne en dy hawwe net folle goeds yn it sin. De sinne fret lytse berntsjes op en de moanne rûkt graach oan minskefleis. De sinne en de moanne kinst lêze as heit en mem, in heit en in mem dy’t har bern gjin eigen libben jouwe en dêrmei har bern opite. Dat is it ynsicht dat de doar is nei wat oars iepenset. It famke moetet dan de moarnsstjer, Venus, symboal fan froulikheid en leafde. Dy wit wêr’t har bruorren bedarre binne en se jout it famke in bonkje. Mei dat bonkje kin se har bruorren befrijde út de glêzen berch dêr’t se opsletten binne, mar at se dêr oankomt is it bonkje kwyt, en moat se har eigen pink ôfsnije om it slot iepen te krijen. Dat kinst fansels lêze as it menstruaasjebloed dat de oergong fan famke nei frou oanjout. It famke is no folwoeksen en se begrypt wat der mei har gebeurd is. Mei dy kennis kin se har bruorren weromhelje nei de gewoane wrâld en kin se fierder mei har eigen libben. Wat se miste, is no teplak.

 

Foar alle leeftiden
Mearkes binne foar alle minsken, de grutte en de lytse. Foar grutte minsken binne de ieuwenâlde wiisheden mear as nijsgjirrich. Se jouwe ynsjoch yn de syklus fan libben en dea, dy’t elts minskelibben tekenet. Foar de lytse minsken binne mearkes spannend, omdat de dingen oars binne as yn de gewoane wrâld, mar der tagelyk safolle op lykje. En bern leare fan mearkes, net mei har ferstân, mar op in gefoelmjittich nivo. Se fiele oan dat der in oplossing wêze kin foar in situaasje dy’t har letterlik en figuerlik fan it libben berôvet. Soms moatst gewoan mei de doar slaan en fuortgean om de wierheid oer dysels te sykjen.

Omdat mearkes foar alle leeftiden binne, is it wol spitich dat de yllustraasjes dat net binne yn de Fryske oersetting fan Grimm. It binne moaie en keunstsinnige yllustraasjes dy’t in folwoeksene goed neikomme kin, mar in bern net. By de mearkes is de haadpersoan ôfbylde mei allegear poëzijalbumeftige plaatsjes dy’t út de âlde en oarspronklik samling fan Grimm komme. It jout de mearkes in heel eigen sfear, mar foar in bern binne sokke yllustraasjes fiersten te abstrakt en boppedat misse se de dynamyk dy’t mearkes eigen is. Dat is in miste kâns en de útjouwer soe better oer de bern as doelgroep by in eventuele werprintinge neitinke moatte. Mar foar de rest, wat in genot sa’n skatkiste!

 

Mearkes fan Grimm, Oerset troch Anne Tjerk Popkema, mei yllustraasjes fan Peter Boersma en Hilda Groenesteyn, Bornmeer, 27,50 Euro

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels