Besprekstek, in ‘startpagina’ foar resinsjesykjen

SITO WIJNGAARDEN – 

Koartlyn ferskynde op Facebook in resinsjeside mei de titel ‘Besprekstek‘. In inisjatyf fan oersetter Anne Popkema. “Dit stek is ornearre om resinsjes fan Frysktalige literatuer op te finen en te pleatsen. Jim kinne sels in resinsje pleatse, ferwize nei in resinsje op in oar plak op it ynterweb, of dy resinsje hjir diele mei fermelding fan resinsint en fynplak.” Sa skriuwt Popkema op Facebook.

Der is op Facebook in soad skreaun oer in saneamd Besprekstek. Wat hat dy besluten dien om in Besprekstek op te setten?
“Hiel simpel: alle positive reaksjes dy’t ik fuortdaalk op myn idee krige, fan alle kanten – skriuwers en útjouwers likegoed as lêzers. Ik makke derút op dat sa’n besprekstek, op in plak dat elts fine kinne moatte soe – Facebook – wearde ha kinne soe. Der wiene ek tsjinlûden, mar dy wiene benammen formalistysk: sa’n besprekstek soe de ferantwurdlikheid wêze fan oare gremia of ynstituten. Of der soene swierrichheden mei auteursrjocht wêze kinne. Dy arguminten fûn ik net bot ta de saak. Ik bin net yn tsjinst fan dy ynstituten of gremia, ha dêr ek op oare wize gjin streekrjochte ferantwurdlikheid by. Ik stelde in beskaat ferlet fêst en ha dêrop ynspile. Krekt om’t ik ûnôfhinklik operearje kin – los fan ynstitúsjonele belangen, literêre polityk of oare gefoelichheden – kin ik soks fluch opsette. In hearlike manier fan wurkjen, trouwens. En Fryske auteurs of tydskriften sille der gjin skea fan oprinne: it doel is dat der benammen links pleatst, of posts fan Facebookers dield wurde. It Besprekstek is as ‘hub’ ornearre: in sintraal plak op Facebook dêr’t wat der op ynternet, en dan benammen ek op Facebook, ferskynt oan wurdearrings foar Fryske boeken mei oare nigethawwers dield wurde kin.”

Do skriuwst: ‘Help de Fryske literatuer foarút troch der kritysk omtinken foar te freegjen.’ Wat bedoelst dêr krekt mei?
“Ik ha it wurd ‘kritysk’ yn de Angelsaksyske tradysje brûkt: in ‘critic’ is frij neutraal in resinsint, oft dy no posityf of negatyf is. Eltse literatuer hat fansels baat by sokke ‘krityske’ lêzers: resinsinten en ‘gewoane’ lêzers dy’t har miening oer it boek nei bûten bringe. As it heal kin op fundearre en elokwinte wize, mar ek in miening – posityf of negatyf – út de ûnderbúk wei is prima, wat my oangiet. Eins beskôgje ik dus eltse lêzer dy’t in miening oer in boek hat, as in krityske lêzer. It Besprekstek wol al dy wurdearrings sammelje en diele mei it Fryske lêzerspublyk. Sa freget it Besprekstek dus ‘kritysk omtinken’.”

Fynst dat Sirkwy, of de tydskriften stekken falle litte wat it sintraal oanbieden fan resinsjes betreft?
“Nee hear, perfoarst net. Op dy plakken ferskine goede resinsjes, en by Sirkwy wurde ek resinsjes dy’t op oare plakken ferskynd binne, gearbrocht. En ek dêr binne wol lêzersreaksjes te finen. Mar it is gjin Facebook. En Facebook is no ienkear hjoed-de-dei ít plak om sa fluch mooglik safolle mooglik minsken byinoar te krijen en te ynformearjen. It Besprekstek hat wol in beskate oerlaap mei – benammen – Sirkwy. It is oan de iene kant folle minder avensearre, mar oan de oare kant is it leechdrompeliger en dynamysker. Alle folgers wurde op de hichte brocht fan nije berjochten en elkenien kin der sels wat op sette. Krekt de Facebook-struktuer makket it berik fan de berjochten folle grutter. Dêrmei is it neffens my de gaadlikste wize om nij publyk te finen én, hiel wichtich, om dat publyk ûnder inoar ek oer dy boeken prate te litten.

Betink wol: it Besprekstek is nét it plak dêr’t literêr wurk resinsearre wurdt (al mei dat fansels ek), mar fral ek in plak dêr’t sokke resinsjes op te finen binne – sa’t ik earder sei, in ‘hub’. Beskôgje it Besprekstek mar as in digitale nijsbrief of in ekstra oriïntaasjepunt foar it Fryske lêzerspublyk. Miskien kinst it in ‘startpagina’ foar resinsjesykjen neame. Dat is handich foar elkenien dy’t niget oan Fryske boeken hat: skriuwers, lêzers, útjouwers, sjoernalisten ensafuorthinne. In lêzer soe bygelyks tinke kinne: efkes op it Besprekstek sjen oft dat in aardich boek is om kado te jaan. Dêr fynt er dan in lêzersreaksje, of bgl. in link nei in resinsje op Sirkwy of Ensafh. Sa helpt it Besprekstek ék om dy resinsjes noch mear publyk te jaan en dat publyk ek nei har websites troch te stjoeren. Wy moatte dan ek perfoarst net yn termen fan konkurrinsje tinke. Dy is der net, wy helpe inoar en dêrmei de Fryske literatuer.”

It Facebook-hoekje dat him dwaande hâldt mei Fryske literatuer is mar lyts.
“Neffens my is dat lytse Facebook-hoekje aardich grutter ast tinkst – in protte lêze wol fan alles op Facebook, mar reagearje sels net. En dan noch: wat is sukses? Ik hoech gjin 100.000 Facebook-folgers, want der binne ek hielendal gjin 100.000 minsken ynteressearre yn Fryske literatuer. It Besprekstek is wat my oangiet in sukses as de folgers der geregeld sels in resinsje of wurdearring op pleatse, dy’t se earne fûn ha, of miskien sels makke ha. Of as tydskriften as Ensafh of de Moanne links nei har resinsjes op it Besprekstek sette om sa ekstra publyk nei har resinsjes te lieden.

En fansels is it Besprekstek in sukses as it nije lêzers generearret. Sa’n miening as de earste dy’t ik derop set ha, fan Martsje de Jong oer it boek ‘De twadde hûd’ fan Hilda Talsma (2011) lûkt grif in pear nije lêzers. Sa’n post seit neat minder as in ‘doorwrochte’ Arjan Peters-eftige resinsje, wat my oangiet. En koart dêrnei fûn ik oer datselde boek noch wat oare lêzersreaksjes by www.bol.com, dy’t ik fuort ek mar op it Besprekstek set ha. Moai toch? Skriuwster Hilda Talsma sil wol wiis mei al dy lêzersreaksjes wêze, tink ik, en útjouwer Elikser ek. It soe samar ien oantrune kinne om it boek dochs mar ris te keapjen of te lienen.”

Hoe sjochsto dit Besprekstek auteursrjochtlik?
“Op it Besprekstek wurde benammen links pleatst en reaksjes dy’t op Facebook stean, dield. Dat soks barre kin wit elkenien dy’t aktyf is op Facebook, en dy hat dêr ek gjin beswier tsjin. Miskien wurdt ris in foto fan in diel fan in resinsje of sa oernaam, mar noait in hiel stik sûnder tastimming dêrta. Boppedat freegje ik earst efkes oft se der beswier tsjin ha. Fierder wurde op it Besprekstek links sammele nei plakken op ynternet dêr’t reaksjes op en resinsjes fan Fryske boeken te finen binne, altiten mei boarnefermelding. It is wier: de posts dy’t op it Besprekstek ferskine, kinne ék wer dield wurde en sa fierder ferspraat wurde Mar om’t der gjin kommersjeel eachmerk oan sit, allinne mar entûsjasme foar Fryske literatuer, by mysels en by de folgers, leau ik dat it allegearre hiel ûnskuldich is.”

It kin ek sukses yn ’e wei stean; der wurde gjin besprekken frijjûn.
“Dat ha ik noch net meimakke. Mocht in persoan of tydskrift der beswier tsjin ha dat it Besprekstek omtinken foar in resinsje freget, dan wurdt dat út soarte respektearre. Mar fan lju dy’t geregeld boeken besprekke of yn alle gefallen geregeld op Facebook oer boeken skriuwe – Jelle van der Meulen, Koos Tiemersma, Martsje de Jong, en sa noch wol in pear – hear ik dat se it in moai inisjatyf fine en graach meiwurkje. Ik hoopje dat dyselde koöperative hâlding ek by de tydskriften bestiet. Ik soe it eins ek hiel nuver fine as der dêr beswier tsjin sa’n Besprekstek wêze soe. Dat soe dochs tsjin it belang fan de Fryske literatuer yn wêze? Mar litte wy earst ris mei ús allen sjen oft dit wat aardichs wurde kin, ear’t wy allerhanne tûkelteammen betinke – it Besprekstek is, as ik dit skriuw, noch mar in pear dagen âld…”

Op dit stuit hat it Besprekstek 34 ‘likes’ en binne der al inkelde links pleatst nei resinsjes.

Comments
2 reaksjes oan “Besprekstek, in ‘startpagina’ foar resinsjesykjen”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.