Gedichten lêze yn it ramt fan de bondel

Publisearre op 2 maart 2013

ABE DE VRIES – 

 

OP ‘E TONGE FAN IT LÂN

Op de tonge fan it lân lêst in man de krante,
de siden iepenslein, as soe er op flerken.

Let is it ljocht yn it uterste fan Tiid, de see,
seegrien, mei tankers en seilen oer Cape Cod.

Under de spotslach fan weach en ivichheid seit
healwei de floedmerk in hantwizer ‘Fjoer’.

Allyk brieven rûgelen fûgels de baai oer.
Oan wûnen de tijen fan wat him net neame liet.

Op ‘e rotsen lies in man it nijs en waard wei,
rûs yn de djipte fan in Niks. Hiel it hielal sliepte,

bewuolle yn rook fan fisk en fal, skulp en kriik.
Heger driuwt de tiid it tij, oant alles swijt.

  

(Ut: Eeltsje Hettinga, Ikader, Gerben Rypma Stichting, Blauhûs 2012)

 

Ikader, de fyfde bondel fan Eeltsje Hettinga, ein ferline jier ferskynd, is as bondel miskien noch wol sterker as op it nivo fan it inkelde gedicht. Dat komt troch de lang folhâlden ienheid fan, hoe neame je soks, toan en register. Sa komt it dat de lêzer de tematyk fan de bondel ek yn gedichten werkenne kin dy’t dêr minder dúdlik oer binne. ‘Op ’e tonge fan it lân’ is sa’n gedicht, dat him pas werklik lêze lit yn it ramt fan de bondel en dat problemen opsmyt as it isolearre fan de oare poëzij besjoen wurdt.

Cape Cod wie it fertrekpunt fan de konseptueel byldzjend keunstner Bas Jan Ader (1942-1975), dy’t yn syn lêste libbensjier yn in sylboat de Atlantyske Oseaan oerstekke woe mar ûnderweis weirekke. Syn namme is yn de titel Ikader ferwurke, lykas dy fan Ikarus, de Gryks-mytologyske figuer dy’t te heech fleach, te ticht by de sinne kaam en dêrtroch delstoarte (yn see). Underskate gedichten yn Ikader referearje oan Bas Jan Ader, en dêr heart ek ‘Op ’e tonge fan it lân’ by.

De ferwizingen nei Ader binne foar Hettinga in manear om it tema fan it weiwurden, ferdwinen en ferstjerren te behanneljen yn kontrast mei it tsjinoerstelde: it skeppen, it meitsjen. Yn boppesteand gedicht heart in ik-dichter it nijs oer it lot fan Ader, in man dêr’t er him fierhinne mei identifisearret sa’t it liket. Want hy is op it plak dêr’t Ader fertrokken wie – Cape Cod. De ik-dichter wurdt boppedat sels “wei / rûs yn de djipte fan in Niks” as er yn ’e krante de nijsberjochten lêst – fan Ader is noait wat weromfûn, dy is ek weiwurden yn de djipte.

Dy’t Ikader lêzen hat, sil lykwols sjen dat hjir ek noch in oare ferdwining meispilet, in weireitsjen dat mooglik per brief oan de ik-dichter meidield waard. Oars kin de lêzer bygelyks rigel 7 (“Allyk brieven rûgelen fûgels de baai oer”) net goed pleatse. Want dy’t it nijs oer Ader al út de krante oppikt hat, dy hat gjin brieven mear noadich. Eeltsje Hettinga hat it earder ek gauris dien: it trochinoar hinne rinne litten fan tiden (hjoed/ferline), romten (hjir/dêr, Fryslân/Amearika) en personaazjes dy’t al of net by namme neamd op it aljemint brocht wurde.

Al mei al is ‘Op ’e tonge fan it lân’ in fers dat, liket my, net goed bûten de bondel sykhelje kin. Mar wa seit dat soks kinne moatte soe?

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels