De wierheid kreëare

YVONNE DIJKSTRA – 

It binne gjin sympatike lju, it stel dat yn It libben fan in oar de haadrol spilet. Hy, Johan, hat him de lêste jierren foar syn promoasjeûndersyk yn de poëzij fan de Fryske dichter Boate Annes de Vries ferdjippe. Dat dat ûndersyk op ‘e non rint is al gau dúdlik, mar in heimsinnige liftster – in operasjongeres mei Amerikaenske roots –  soarget foar it lêste triuwke om de handoek yn de ring te goaien. Fan it iene op it oare momint beslút Johan om it ûndersyk nei Boate Annes ôf te brekken om it libben fan syn yntrigearjende pakesizzer te beskriuwen yn in biografy.

Kinst syn freondin, Martsje, gjin ûngelyk jaan dat hja it dêr net mei iens is. Fyftjin jier hat hja it jild binnenbrocht yn de húshâlding dy’t ek noch bestiet út de 17-jierrige dochter fan Martsje út in eardere relaasje, in kroechbaas út Grins. Ea like it ferstannich om de rollen sa te ferdielen en Martsje seach harsels al lang en breed sitten yn in moai keaphûs yn in goede buert. Mar ynstee dêrfan ferhiert Johan him fia in útstjoerburo oan in horekasaak en sil hja oant yn lingte fan dagen learares Dútsk bliuwe moatte – en dan moat se ek noch sels har kezinen fervje.

Hoefolle witte we eins oer it libben fan oare minsken? Dat is de reade tried yn It libben fan in oar. Jetske Bilker hat dat tema op in spannende mar tagelyk werkenbere wize útwurke.  Dat begjint al by fertelwize fan de roman, mei in wikseljend personaal perspektyf. Om bar folgje we Johan en Martsje en sjogge hoe’t dy by elkoar lâns libje.

Yn diel ien sjogge we bygelyks hoe’t Johan, bûten it blikfjild fan Martsje, mei operasjongeres Jantsje/Janna yn ‘e kunde komt en hoe’t er in one-nightstand hat mei in studzjegenoat. Mar ek Martsje fertelt lang net alles oan har freon. Sa lit se har oerhelje om ôf te praten mei de broer fan in kollega dy’t yn Srebrenica west hat. Dizze Hans hat in oarlochstrauma, mar Martsje komt der net achter wat er krekt meimakke hat. Net dat er dat net ferteld hat, mar doe wie Martsje te dronken om it te ûnthâlden. Se wol dus fan alles fan him witte, mar dat slagget mar net.

Ek yn diel twa wikselje Johan en Martsje inoar ôf. Dat perspektyf soarget foar in keur oan mooglikheden dy’t Bilker noch útwreide hat mei foarmen as in brief en in ynsprutsen berjocht op in memorecorder. Op dy wize slagget it úteinlik om ‘de wierheid’ te skitsen. De wierheid oer Jantsje har komôf bygelyks, wurdt foar in part troch Jantsje sels ferteld. Mar it part dat hja eins foar harsels hâlde woe, krijt Johan – en dêrmei de lêzer – dochs te hearren fan in kollega fan Johan dy’t ynbrekt yn Jantsje har hûs en foarlêst út har deiboek. Ommers: dé wierheid bestiet net mar moat yn stikjes en bytsjes kreëare wurde.

En dat is fansels wat Johan docht mei it skriuwen fan syn biografy, syn wierheid oer Jantsje kreëare. Foar syn ûndersyk moetet Johan in literatuerwittenskipster, dy’t in tal nijsgjirrige fragen opsmyt: ‘In minsk hat rjocht op har eigen geheimen (…) mar dêrmei binne jo der net want jo binne har biograaf. Jo moatte kieze. Wolle jo in nijsgjirrige biografy skriuwe of litte jo jo brûke?’ (s. 369).

Sawol Martsje as Johan binne goed by steat om har te ferdjipjen yn it libben fan in oar, mar it wurdt hieltyd dúdliker dat se al lang net mear nei elkoar harkje. It is ek mar de fraach oft harren motiven wol sa suver binne as it oankomt op belangstelling foar oaren; beiden ha in dûbele aginda yn de omgong en fral Johan docht him hiel oars foar. It pynlike en it ûngemaklike dêrfan: dat wit Jetske Bilker messkerp del te setten.

En messkerp delsette, dat hie de útjouwer wat my oanbelanget ek wat mear dwaan mocht as it oankomt op de taalfersoarging. Yn de roman sitte safolle dûbelingen en typflaters dat it my op in stuit begûn te ergerjen. Kom op Bornmeer: dat kin dochs wol oars! Mar ôfsjoen dêrfan fûn ik It libben fan in oar tige de muoite wurdich.

Jetske Bilker, It libben fan in oar. Utjouwerij Bornmeer, 2012

 

Comments
Ien reaksje oan “De wierheid kreëare”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.