Resinsje: Hamlet – NNT

Justerjûn  haw ik ien fan de moaiste útfierings fan Hamlet sjoen fan myn hiele libben. Ik kin my alteast net foarstelle dat de útfiering fan Hamlet nòch yntinsker, djipdollender of mear yn ’t moed taaste kin, as de útfiering dy’t ik justerjûn sjoen haw. Hoe kin it dochs dat in stik fan goed 400 jier âld alle kearen wit te boeien. Wat it NNT út Grins mei de foarstelling dien hat; hoe’t dy in klassiker yn sa’n passende jas stal wit te jaan, dêr bin ik troch rekke. Hjoed, by alles wat ik doch, komme my wer bylden yn ’t sin, dy’t – dêr bin ik fan oertsjûge- my noch lang heuge sille.

De rapen gear
In stik as wat útspraken út it ferhaal fan Hamlet mei bekend ferûndersteld wurde. Ommers: ‘Der wêze (meie) of der net wêze, dêr giet it om’(To be or not to be that’s the question). ‘Weakens, dyn namme is frou’ (Frailty thy name is woman) Al haw ik persoanlik no wer krekt nèt safolle mei dizze ferneamde útspraak en ‘Der is wat ferkeards(goed mis) yn de steat Denemarken’ (There’s something rotten in the state of Denmark).

Dy útspraken wurde gauris oanhelle om in sitewaasje yn ien kear te sketsen, mar hoe giet it ferhaal ek mar wer? In leske Hamlet foar dummys: De heit fan Hamlet (dy’t lestich genôch ek fan Hamlet hjit) is kening fan Denemarken en wurdt fermoarde troch syn broer Claudius. Dizze easket de troan op en wurdt kening. Boppedat trout er mei syn skoansuster Gertrude, de widdo fan syn bloedeigen broer. Dêrmei wurdt er de styfheit fan de jonge Hamlet. Hamlet is slim fereale op Ophelia. Tagelyk docht er der alles oan om út te finen wa’t syn heit fermoarde hat.

Hamlet spilet de gek om der achter te kommen hoe’t syn heit oan syn ein kaam is. Yn syn healwizens fermoardet er troch fersin de mem fan Ophelia en dan binne de rapen gear, want Ophelia ferliest dêrtroch har ferstân. Ophelia komt yn in psychose telâne nei de dea fan har mem en de ûnmooglike leafde mei Hamlet. Se is it libben net langer treast.en makket harsels fan kant. Dan kinst dy wol begripe hoe’t Hamlet der oan ta is.

Van ’t padje af
De útfiering troch it NNT blinkt út yn de ienheid, ienriedigens is suver in better wurd fan it spyljen, rezjy, taal, casting, oanklaaiing (klean en dekôr) en beljochting (dêroer aanst mear). Hamlet hat jin daliks al yn ‘e bûse; hy set de ‘gewoane’Hamlet like sterk del as de Hamlet dy’t in slach mei de moalpûde hân hat, of yn geef Grinzers ‘van ’t padje af’is. De humor dy’t mei rynske hân troch it stik struid is, makket in dreech tema as waansin te behappen. De dwylsinnigens hat foarrang boppe de leafde en freonskip, al komme dizze grutte tema’s ek oan ’t ljocht.

Glânsrol Joke Tjalsma
Op in stuit wit Polonius (spile troch JokeTjalsma) Hamlet (Peter Vandemeulebroecke) hast fan it toaniel ôf te spyljen troch izersterk en tsjin it dominante oan, te spyljen. Hoesa ‘frailty thy name is woman’: in frou as minister fan steat, Neelie Smit-Kroes soe der suver by ferblikke…  Dy ‘skea’ wit Hamlet letter yn it gekkehûs wer yn te heljen, want dan komt syn spile dwylsin fermongen mei mooglik echt gek wurden, fantastysk ta syn rjocht as er alhiel yn it middelpunt, opsletten yn in trochsichtige kouwe, syn tinzen gean lit. Elkenien yn syn omjouwing is dan ek ‘van ’t padje af’: drinke út in hakskuontsje, yn ‘e ûnderbroek paradearje, twanghannelings dwaan ensafh. De skiedsline tusken normaal en abnormaal wurdt hieltyd dizigener. De brûkte reek yn it dekôr kin sjoen wurde as in ‘reekgerdyn’ dat oplutsen wurdt, mar ek kin it de dize ferbyldzje dy’t de geast sa fertroebelje kin.

Ferskuord wurde
It ferskuord wurden fan Hamlet syn mem tusken memmeleafde en hertstocht hie om my noch wol wat mear útdjippe wurde mocht, mar dat is earliksein ek ynjûn troch it feit dat Malou Gorter, dy’t de keninginne spilet, ien fan myn favorite spylsters is en ik ha graach mear tekst tawold ha hie. Ik nim oan dat de rezjy fokust hat op de twastriid fan Hamlet, sadat dy fan de mem, keninginne Gertrude net fierder útwurke is. Al komt ien útspraak wol keihurd oan: ‘Geloof mij zoon, als woorden adem zijn en adem leven is, mis ik het leven om uit te ademen wat je me gezegd hebt.’ Hoe’t Hamlet syn mem de grûn yn wâdet giet jin troch murch en bonken.

Geheim fan it ljocht
Hoe kinst oan sa’n stik in goed ein breidzje? As de wrâld net mear te fertrouwen is: alles oeral helle is en neat mear is wat it liket te wezen? Dan dominearret de folsleine stilte, de rest. Hoe’t  de beljochting dêr in majestueuze – in oar wurd is der yn sa’n keningsdrama net foar – wize foarinoar krijt sil ik net weijaan. Sjoch dat sels mar by ien fan de foarstellings yn de Harmonie, It Posthuis of De Lawei. Noch nea earder haw ik sa’n lange, yndrukwekkende stilte fan it publyk meimakke nei ôfrin fan in foarstelling. Om stil fan te wurden.

Wieke de Haan

Mear oer de foarstelling? Sjoch hjir.

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.