De syktocht fan Albertina Soepboer

HARMEN WIND –  1. Earste proazabondel Albertina Soepboer (1969) is ien fan de bekendste Fryske dichters. Ek as toanielskriuwster hat se namme makke. Ferskillende fan har  bondels binn’ yn it Hollânsk ferskynd, bgl. De hengstenvrouw (1997), De dieptering (2001) en Het nachtland/De knotwilg (2003). De krityk wie trochstrings loovjend. De lêste tiid hat har gearwurking […]

Gjin hâld oan âld en nij

HARMEN WIND –  1. Lost generation De hûnsdagen (2006) foarmet op it oeuvre fan Durk van der Ploeg de nijste oanfolling. Dy, foarmtechnysk prachtich fersoarge, histoaryske roman of novelle (beide beneamings wurde jûn), spyljend yn 1954/1955, beskriuwt de relaasje fan in jonge plattelânsman mei syn heit dy’t stjert, en mei in ambisjeuze studinte. In gefoels- […]

‘Mei it bloed yn ’e klompen’

HARMEN WIND –  1. Fenomeen Ik haw in foarkar foar it oare, it eksperimentele, it avantgardistyske, it absurde, it kreative en it ferfrjemdzjende proaza (c.q. poëzy), omdat dêre de skriuwer himsels, de wrâld, de taal en it wurk yn diskusje bringt – yn de foarm fan it literêre einprodukt (roman of gedicht). Kontraliteratuer dus. Keunst […]

De krêft fan kwetsberens

HARMEN WIND –  1. pak van sjaalman Daliks oanslutend op de poëzybondel Ritueel (2005) ferskynde It útsjoch (2005) fan Piter Boersma. De oerienkomst yn tematyk is opfallend. Der is dêrneist ek dúdlik in relaasje mei de roman It libben sels (1997), dêr’t er in jier letter de GJ-priis mei wûn. Sels seit er dêr yn dit […]

‘Skielk beart de hjerst’

HARMEN WIND –   1. Libben en wurk As tarieding op de nije blomlêzing út syn wurk, kaam ‘Hjir’ yn it desimbernûmer fan 2004 mei in Kiestranûmer. Neist bydragen fan Abe de Vries, wiene benammen dy fan Johan Frieswijk (oer syn politike fizy), Doeke Sijens (oer de ynfloed fan Van der Goot) en Eppie Dam […]

De romanskriuwer azemet, de dichter hâldt de siken yn

EPPIE DAM –  Yn 2002 publisearret Harmen Wind syn autobiografyske roman Het verzet, dêr’t twa jier letter syn eigen Fryske oersetting It ferset fan útkomt. Yn 2005 jout er de dichtbondel Ierdewurk yn it ljocht. De roman giet oer de beladen relaasje tusken soan en heit ûnder it stjerte fan de dea. Hoewol no en […]

’Kinst inkeld pinfiskje, mear kinst net’

HARMEN WIND –  1. De foarm De twadde bondel fan Abe de Vries is opfallend foarmjûn. Gert Jan Slagter hat in omkaft fersoarge dat tinken docht oan ‘De Stijl’ (Mondriaan, Van Doesburg e.o.). Strakke komposysje, kleurkontrasten, sobere, skreefleaze letter yn wikseljende grutte, fertikaal en hoarizontaal printe. Ek yntern is de foarmjouwing rynsk trochset yn wyt […]

Boksebaitsje komt net teplak

SJOERD BOTTEMA –  Yn 2002 ferskynde Het verzet, it Hollânske proazadebút fan Harmen Wind. It waard destiids yn de Moanne (2003, nr. 5) besprutsen troch Syta Palma. Op it omslach fan de Fryske ferzje, fan ’t jier útkommen by Utjouwerij Fryslân, wurdt dat besprek grutsk oanhelle: ‘Het verzet is in tragysk, mar tagelyk in ynkringend […]

‘In frjemde, bluodderige jefte’

HARMEN WIND –  Yn desimber 2003 ferskynde de twadde poëzijbondel fan Jabik Veenbaas by Bornmeer. Syn debútbondel wie noch mar goed twa jier earder útjûn: Metropolis (2001). Ik noaskje wat op ynternet en lês yn in Hollânsktalige resinsje (GvdD): ‘Weinig spraakmakend, weinig elegant, af en toe aardig geschreven, maar vooral onvoltooid. Een goede slijper zou […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.