• 15 januari 2014

    KAREN BIES -  ‘Om twa oere begjint de rûnlieding.’ In man triuwt my in briefke yn hannen mei ynformaasje oer de tentoanstelling Facing Nature. Ik bin einlings wer ris yn Museum Belvédère. De bern (‘Saai! Dy skilderijen ha wy al sa faak sjoen!’) haw ik omkocht mei de belofte fan wat lekkers yn it museumkafee. Mar de permaninte kolleksje, mei âlde bekenden as Willem Van [...]

  • 8 januari 2014

    Achte hear Van den Berg, Dat ik mei in stel Friezen yn de kroech sit en it de heale jûn oer Grinslân giet. Dat oerkomt my net faak. En nee, it wie net om flauwe grappen te fertellen as 'It is read en giet werom yn de tiid. De trein nei Grins.' Nee, we praten oer jim mei in mingeling fan begrutsjen, bewûndering en hope. [...]

  • 7 januari 2014

    GERBEN DE VRIES -  De Dienst der Zuiderzeewerken liet yn 1940 de súdkant fan de nije Iselmarpolder ôfslúte en begûn dêrnei mei it droechmealen. De nije Noordoostpolder wie offisjeel droech op 9 septimber 1942, midden yn de besettingstiid. Nei de befrijing yn 1945 waard fierdergien mei de ynrjochting fan dizze polder, dy't úteinlik net by de provinsje Fryslân kaam. Yn it tiidrek fan 'herstel en [...]

  • 6 januari 2014

    ATE GRIJPSTRA - Wittenskiplik sjoen is it net per defininysje ûnmooglik: reizgje troch de tiid. Jo moatte allinne efkes sjen út te finen hoe't jo it ljocht te fluch ôf wêze kinne. Sels behearskje ik de keunst al jierren. Ik doch gewoan de eagen ticht en ... bin wer yn de healtsjustere keuken. Wy binne út de wenkeamer ferballe troch de kofjedrinkende folwoeksenen. Ferfeling slacht ûnmeilydsum [...]

  • 2 januari 2014

    MARRIT DE SCHIFFART -  Filmmakker Jeroen Hoogendoorn hat gjin plan. En gjin regels. Hy folget yn alles syn gefoel. En dat gefoel hat allegeduerigen de oanstriid om op syk te gean nei de wierheid. Dy hopet er dan wer te finen yn dat gefoel. Folgje jo it noch? ‘Dit is het digitale gedeelte van mijn habitat’, seit Jeroen Hoogendoorn as ik syn studio yn Penjum [...]

  • 1 januari 2014

    BOUKE VAN DER HEM -  Neidat de klus dêr’t er foar kaam wie klear wie, smookte er ûnder de krekt ynstallearre ôfsûchkap syn earste sigret fan dy middei. De keuken dy’t er noch yn doazen nei binnen tôge hie – ynearsten by elk ûnderdiel de wurkskuon út, sa’t de baas de ynstallateursploech opdroech, mar yn ’e rin fan it karwei allinnich foar de foarm noch [...]

  • 27 december 2013

    DRIJPIKKEL - Stiest de hage te knippen, de boadskippen yn ‘e auto te laden of te wachtsjen foar it stopljocht. Ynienen stiet der in man njonken dy, dy’t begjint tsjin dy te praten. Tinkst: ‘Wat wol dy malloat? Wêr giet dit oer? Wurd ik hjir yn de maling nommen? Soademiter op, man.’ Of tinkst miskien: ‘Wat seit er no? Wat aardich.’ Mar dan is er [...]

  • 27 december 2013

    PIER BERGSMA - De kleau tusken heech en leech oplate minsken, en bygelyks ‘e-matching: durft u het aan, alleen voor hoger opgeleiden’, it binne ûnwinsklike maatskiplike ûntjouwingen. Boppedat hawwe wy al dy saneamde heger oplaten net nedich. ‘De arbeider sei tsjin himsels: ‘Dit bin ik dan, in arbeider. En wêrom bin ik in arbeider? Bin ik foar neat oars yn de widze lein? Wis wol! [...]

  • 20 december 2013

    MEINDERT REITSMA -  Net faak ferskynt der sa’n tsjok debút as de roman Littenser merke fan Ale S. van Zandbergen (1956). Neffens eigen sizzen hat de skriuwer it ferhaal de ôfrûne fjouwer jier op ’e fyts betocht en jûns opskreaun. It resultaat fan dy fjouwer jier is in debút dat net allinne yn omfang (405 siden), mar ek yn struktuer en ynhâld der wêze mei. [...]

  • 18 december 2013

    WIM DE BOER -  Op freed 25 oktober 2013 organisearre de Afûk de konferinsje ‘Wat moatte wy mei ‘dat’ Frysk yn 2020?’ oer de takomst fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis. Op de konferinsje wienen mear as 65 minsken út it ûnderwiisfjild oanwêzich: fan primêr oant heger ûnderwiis, fan dosinten oant bestjoerders, gemeenten, polityk en ûnderwiisfernijers. Mei de konferinsje woe de Afûk [...]