Surprise! In gedicht

DRIJPIKKEL –

Stiest de hage te knippen, de boadskippen yn ‘e auto te laden of te wachtsjen foar it stopljocht. Ynienen stiet der in man njonken dy, dy’t begjint tsjin dy te praten.

Tinkst: ‘Wat wol dy malloat? Wêr giet dit oer? Wurd ik hjir yn de maling nommen? Soademiter op, man.’

Of tinkst miskien: ‘Wat seit er no? Wat aardich.’ Mar dan is er ek alwer fuort. En moatst laitsje.

Minsken oerfalle mei dichtrigels en sjen wat dat opsmyt. Dat is it doel fan de ‘ferrassings-poëzij’, dêr’t akteur Arnold Dijkstra en filmer Herman Zeilstra de dyk mei útgeane. Mirjam Vellinga fan de Afûk socht teksten út. Gedichten en strofen fan jonge, âlde of deade dichters. Alle filmkes wiene te sjen op Omrop Fryslân televysje en binne werom te finen op Youtube fia de ‘Praat mar Frysk’-kampanje.

Arnold Dijkstra: ‘It wie fantastysk om minsken te oerfallen. Mar ik moast as akteur wol in drompel oer. Normaal wit it publyk dat it wat ferwachtsje kin. Dy regel wie der no net, minsken waarden fan tefoaren net warkskôge. En net allinnich foar harren wie it in ferrassing, foar my ek. Hoe soene se reagearje?’

Herman Zeilstra: ‘In soad gedichten gean oer belangrike dingen yn it libben. Wat gebeurt der mei minsken, ast dy teksten op in ûnbelangryk momint nei foaren bringst? Wy giene op paad en sochten aparte sitewaasjes op, dêr’t in gedicht wol hiel frjemd oerkomme soe. Gedichten yn in oare kontekst pleatse en sjen wat der bart.’

Dijkstra: ‘It moaiste wie dat minsken earst benaud binne ast harren oansprekst, mar dan ûntteie troch de poëzij. Soms wiene se oerdondere troch harren eigen reaksje.

Zeilstra: ‘De measten fûnen it leuk. Fan de 53 minsken dy’t wy oer it mad kamen, wiene der trije of fjouwer dy’t der de lol net fan yn seagen.’  Dijkstra: ‘In postboade dy’t wy oerfoelen tidens in telefoangesprek waard lulk, omdat er in grauwe sigaar oan hie en syn frou net witte mocht dat er smookte.’

Zeilstra: ‘Arnold en ik hawwe ús oerjûn oan it tafal mei soms in briljant resultaat. Lykas op de pier fan Holwert. Ik bin dêr opgroeid en wist dat der altyd wol ien oan it útwaaien is op ‘e pier. Wy rieden dêr yn de buert en krigen sin oan wat. Der stie in ambulanse te wachtsjen op in rêdingsboat. Arnold tikke op it rútsje en de bestjoerder draaide it iepen. Wy oerfoelen de mannen mei in machtich moai gedicht fan Nyk de Vries. In tekst oer in man, dy’t yn in famyljehotel altyd nei wat hoerich útsjende froulju sit te loeren. De ambulance-meiwurkers barsten yn laitsjen út. Wylst dy rêdingsboat der yn ‘e fierte oankaam. In moai foarbyld fan hoe’t in gedicht de werklikheid in draai jaan kin.’

Dijkstra: ‘Alles kloppe. De oerfal, de reaksje, it hiele filmke.’

De ferrassingspoëzij hat seis wike op televysje west en is no ôfrûn. Mar as it oan it duo Dijkstra & Zeilstra leit, komt der in ferfolch.

Sjoch hjir foar de filmkes.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.