Yn it skaad fan de meritokratyske beam

PIER BERGSMA –

De kleau tusken heech en leech oplate minsken, en bygelyks ‘e-matching: durft u het aan, alleen voor hoger opgeleiden’, it binne ûnwinsklike maatskiplike ûntjouwingen. Boppedat hawwe wy al dy saneamde heger oplaten net nedich.

‘De arbeider sei tsjin himsels: ‘Dit bin ik dan, in arbeider. En wêrom bin ik in arbeider? Bin ik foar neat oars yn de widze lein? Wis wol! Mar ik haw nea de kâns krigen om sjen te litten wat ik kin en wurdich bin. Oars wie ik miskien wol dokter of rjochter wurden. Mar ik haw nea de kâns  krigen.’

Sa begjint, yn parafraze, ien fan de trije takomstromans dy’t yn Ingelân skreaun binne yn ’e midden fan de foarige ieu. Nee, net Brave New World of  1984. Dy takomstfisioenen fan Orwell en Huxley binne lokkich net útkaam. Ik haw it oer The rise of the Meritocracy 1870 – 2033, an essay on education and equality. Spitigernôch is der nea in werprintinge kaam fan De juiste man op de juiste plaats. De opkomst van de meritocratie 1870 – 2033, wylst de problemen dy’t de skriuwer fan dat boek oan de oarder stelt tige aktueel binne. It is Michael Young en hy skreau it yn 1953. Hy beskriuwt dat der yn 2033 yn Ingelân in gewelddiedige opstân útbrekt by in ûnderklasse dy’t it ek mei de grutste ynspanningen net slagget om in goede maatskiplike posysje te berikken.

Om te berikken dat eltse boarger op in goed plak telâne komt, wurde yn The rise of the Meritocracy alle bern test as se 7, 9, 11, 13 en 15 jier âld binne. Yn 2015 wurde de bern fan fjouwer jier test en yn 2020 wurde se al test mei trije jier. Yn de Nederlânske oersetting giet it sa fierder: ‘… en gegeven bepaalde huwelijksgewoonten kon nog later voor ieder echtpaar met opvallende nauwkeurigheid het intelligentiepeil van hun nakomelingschap worden vastgesteld… er werd aanhoudend meer geëist van de geschoolde en steeds minder van ongeschoolden, totdat er aan ongeschoolden in het geheel geen behoefte meer bestond.’

Se besykje noch wol om ienfâldige beroppen op te wurdearjen, want ‘… rattenvangers werden verdelgingsfunctionarissen en putjesscheppers inspecteurs van reinheid en hygiëne’. Yn it lêste haadstik, ‘Waartoe leidt dit alles’, giet it mis. De konservative politike partij easket dat it âlde prinsipe fan erflikheid wer yn eare komt, want it leit foar de hân dat it efterstellen fan domme bern út de hegere klasse by yntelliginte bern út de legere klasse, de rike âlden in soad hertsear jout. ‘Meer dan een halve eeuw hebben de lagere klassen gevoelens van wrok die zij niet tot uitdrukking konden brengen opgekropt, totdat thans de uitbarsting is gekomen ….. Immers zonder intelligentie vormen de lagere klassen slechts een ordeloze bende mokkend gepeupel.’ De skriuwer hat by de rellen yn 2033 it libben derby ynsketten, seit it neiwurd.

Young hie as gjin oaren in skerp each foar takomstige ûntjouwingen. It ûnderwizend folk fan tsjintwurdich test de bern withoefaak en wy sjogge ek de rellen yn de efterstânswiken fan Frânske en oare Europeeske stêden. By myn witen wie it Michael Young dy’t foar it earst it wurd ‘meritokrasy’ brûkte. It hinget gear mei it Latynske ‘merere’, dat fertsjinje betsjut. Yn in meritokratyske maatskippij giet it om talinten, fertsjinsten en prestaasjes. Op grûn dêrfan kriget eltsenien wat him of har takomt. Yndie, it liket derop dat maatskiplik sukses tsjintwurdich benammen bepaald wurdt troch eigen kapasiteiten en ynspanning en net mear troch komôf, ras of sekse. Mar it idee dat elts dûbeltsje in kwartsje wurde kin, liedt ta problematyske ûnderwiiskundige ûntwikkelingen, want wat te dwaan mei minsken dy’t troch hokker omstannichheid dan ek yn de eagen fan harrensels of fan oaren mislearje en oan de ûnderkant fan de maatskippij telâne komme en harren fernedere fiele.

Yn in meritokratyske maatskippij giet it om talinten, fertsjinsten en prestaasjes. Op grûn dêrfan kriget eltsenien wat him of har takomt.

Jonge bern moatte al betiid fan alles leare. Eltsenien dy’t mei beukers wurket, wit dêrfan mei te praten. Beukers wurde test, der wurdt fan elts bern fan alles fêstlein yn in grut dossier en it lesprogramma moat op papier om strukturearre te wurkjen. Wa’t dêr net oan meidocht, komt oan de skandpeal fan de ûnderwiisynspeksje. It is in ûnsinnige en kwea-aardige ûntjouwing mei negative gefolgen foar beukers dy’t noch boartsjendewei hearre te learen. De idee is dat ast mar goed genôch dyn bêst dochst, as de oerheid mar genôch ynvestearret yn ‘prachtwijken’, as pjutten mei taalefterstân mar sa betiid mooglik ekstra ûnderwiis krije, as bern mar oanhâldend test wurde en skoallen ôfrekkene wurde op dy testresultaten, dan komt de heilssteat wat langer wat tichterby. Mar is dat wol sa ideaal? Wat te dwaan mei de minsken dy’t it net slagget om wurk te finen dat oerienkomt mei harren kapasiteiten en fertsjinsten? Wolle wy dat wol, hieltyd ôfrekkene wurde op wat wy kinne? En hat it effekt? De meritokratyske beam is grut wurden, mar wat te dwaan mei dyjingen dy’t yn it skaad dêrfan bliuwe.

Oant fier yn de foarige ieu waard de maatskiplike posysje dy’t men berikte foar it grutste part bepaald troch ôfkomst. Der is nei Louis Davids syn ‘Als je voor een dubbeltje geboren bent, bereik je nooit een kwartje’ in soad feroare. Dochs wurdt de diskusje oer ûnderwiis noch altyd gizele troch efterstân fan learlingen. De resinte diskusje oer ‘passend onderwijs’ hat dêrmei te krijen. Underwiis is nea passend, omdat âlden, maatskippij en oerheid easken oan it ûnderwiis stelle dêr’t men nea oan foldwaan kin. Nettsjinsteande de grutte druk op skoallen en learlingen om te prestearen, moatte wy tajaan dat de resultaten fan learlingen en skoallen mar foar in lyts part ôfhingje fan dy ynspanningen. Bern komme troch opfieding en oanlis de skoalle al yn as fuotballer, túnker, dokter of dowemelker. Skoallen en âlden hawwe folle minder ynfloed op de ûntjouwing fan bern as dat de optimisten tinke. Boppedat hat it ûngelyk wêzen fan minsken in grutte maatskiplike oerlibbingswearde, om yn termen fan Darwin te praten. Wy soenen de ferskillen tusken minsken just fiere moatte, yn stee fan te problematisearjen.

De grutte klam op prestaasjes en ûnderwiis hat as kearside dat in soad learlingen nea oan de hege easken foldwaan kinne. It ûntbrekt oan kapasiteiten of ambysje. Wat te dwaan mei al dyjingen dy’t yn de rôtrace nei hieltyd mear net meikomme kinne. De ôfrûne jierren waard dêr yn ferskate lannen oer publisearre. Yn Frankryk Qu’est-ce que le mérite (wat is fertsjinste)  fan Yves Michaud, yn Dútslân fan Inge Kloepfer Aufstand der Unterschicht (opstân fan de ûnderklasse) en yn ús eigen lân skreau Dick Pels Wat is er mis met de meritocratie. Tsjalling Swierstra en Evelien Tonkens skreauwen De beste de baas. Prestatie, respect en solidariteit in een meritocratie.

In oare fraach is oft wy ferlet hawwe fan safolle saneamde heech oplaten. Yn Frankryk bestiet op dit stuit in lytse tritich persint fan de beropsbefolking út arbeiders mei of sûnder oplieding. It wurd ‘ouvriers’, arbeiders, brûke se net foar harrensels. Se hawwe it bygelyks oer ‘operateurs’. Harren politike macht is benammen nei it teloargean fan de kommunistyske partij minimaal. Yn ús lân hawwe wy deselde ferskowingen yn taalgebrûk. De measte beroppen binnen ûndertusken optúgd mei yngewikkelde omskriuwingen. Dêr wurde de minsken net snoader fan. Net yn Frankryk en net yn Nederlân. It is koartsichtich om yn beide lannen sa’n bytsje wurdearring te hawwen foar minsken dy’t mei de hannen wurkje, hoewol’t Frankryk der wat dat oangiet better foar stiet.

In soad minsken mei in lege oplieding hawwe muoite om in baan te finen. De konklúzje dy’t dêrút lutsen wurdt, is dat men blykber te min oplieding hat, mar foar in soad beroppen is hielendal net in hegere oplieding nedich. Wurk dat yn it ferline dien waard troch ien mei in ULO-diploma wurdt no dien troch minsken mei in universitêre eftergrûn. Der is in enoarme ferkringing, mei as gefolch dat minsken mei minder oplieding datselde wurk net krije. Sadwaande is it begryplik dat de jongerein ‘studearret’ by it MBU of HBU. Hegeskoallen en universiteiten meitsje mar al te graach gebrûk fan dy jacht nei ‘hege’ opliedingen. De útwaaksen by Inholland fan in pear jier lyn, om mar safolle mooglik learlingen oan in diploma te helpen, binne tsjin dy eftergrûn goed te ferklearjen. Mei it diploma ‘Media en Entertainment’ hast boppedat mear kans om fia ‘e-matching’ in partner op nivo te finen. Ommers, dat is in side ‘allinne foar heger oplaten’.

Wurk dat yn it ferline dien waard troch ien mei in ULO-diploma wurdt no dien troch minsken mei in universitêre eftergrûn.

Sa liedt it stribjen nei hieltyd mear skoalling ta problemen. De druk fan âlden om harren bern talitten te krijen op gymnasia is grut. Foar de CITO-eintoets yn it basisûnderwiis wurde oefenprogramma’s oantúgd. Dy gong fan saken wurdt noch fersterke troch de media. Sa woe Prem in pear jier lyn yn it televyzjeprogramma ‘De school van Prem’ oantoane datst mei in oare oanpak en tsien wiken oefenjen de CITO-skoare omheechhelje koest. Skoallen sels dogge ek mei, want wa soe troch de koer falle wolle mei lege resultaten? Sa wurde bern oeren en nochris oeren taret om mar in hegere skoare te krijen. Gjin wûnder dat in soad bern letter stroffelje yn it fuortset ûnderwiis.

Mar wat te ferwachtsjen wannear’t de oerheid ivich hammert op it belang fan de kennisekonomy. Us fuortset ûnderwiis is sadwaande in gigantysk jildfersmitend en yneffisjint bedriuw wurden. Foar in grut part in ‘teenage sitting’-organisaasje dy’t besiket om de jongerein fan de strjitte te hâlden. Dat slagget mar foar in part, want alle jierren ferlitte tûzenen it ûnderwiis sûnder diploma’s. It bêste soe wêze om de doer fan it ûnderwiis werom te bringen, yn alle gefallen foar mear praktysk ynstelde learlingen. Dy soenen mar al te graach oan it wurk wolle yn in fak dat der ta docht.

Dat alles spoart net mei de myte fan ús westerske wrâld dat eltsenien gelyk is en deselde kânsen krije moat. As dat al mislearret, dan leit it oan de skoallen. Sa skreau ûnderwiissosjolooch Jaap Dronkers foar de Wiardi Beckman Stichting Ruggengraat van ongelijkheid. Dat is neffens him it ûnderwiis. It ûnderwiis as ‘de rêchbonke fan de ûngelikens’ is in fatale opfetting. It is de minsklike natuer dy’t de rêchbonke fan ûngelikens wêzen is, want minsken binne lokkich net gelyk. Dronkers syn ideeën binne net nij. Yn de ûnôfhinklikheidsferklearring fan de USA fan 1776 waard opnaam dat alle minsken gelyk berne binne, en it devys fan de Frânske revolúsje wie ‘Liberté, égalité et fraternité’. It is dy ‘égalité’ dy’t just it Frânske ûnderwiis yn grutte problemen bringt. It ‘Collège Unique’, mei itselde ûnderwiisoanbod foar alle bern, foar bern fan alve jier ôf, bestiet sûnt 1975. De ein dêrfan is yn sicht. Le Nouvel Observateur skreau in artikel ûnder de kop ‘Faut-il brûler le collège unique? ‘ (Moatte we der de brân yn stekke?). Yn werklikheid bestiet  dy ienheidsskoalle al lang net mear, mar noch altyd wurdt der tefolle oanbean op itselde nivo oan alle learlingen, mei as gefolch dat 34% fan de learlingen de skoalle nei fjouwer jier ferlit en trije fan de fiif learlingen bliuwt yn de seis jier nei de basisskoalle in kear sitten. Ien op de tsien ferlit de skoalle sûnder in diploma. Learlingen dy’t bûten de boat falle, wurdt oanpraat dat se te min wite of kinne, mar it is de fiksje fan it gelyk wêzen dy’t de problemen jout.

It is spitich dat politisy net lêze, alteast dêr is noait wat fan te fernimmen. Se hawwe it te drok mei harren optreden yn de media en it twitterjen.

It is net maklik om op it goede spoar te kommen. De belangen binne grut. Politisy wolle graach in stânbyld foar harren ûnderwiispolityk. Dan is neat dwaan gjin opsje. Minister Van Bijsterveldt prate yn dit ferbân oer ‘het zetten van een stip op de horizon’ en ‘de lat moet omhoog’. Us nije steatssekretaris Sander Dekker wol tuskentoetsen yn it fuortset ûnderwiis, wethâlder Pieter Hilhorst wol yn Amsterdam alle lytse bern fan noch gjin trije jier nei skoalle hawwe. Se bedoele dêrmei dat wannear’t skoallen der mar genôch oan dogge, de bern folle mear leare sille. Dan is der yn ús lân in enoarme koarste om skoallen hinne fan minsken dy’t dêroan fertsjinje. Al dy tûzenen hawwe gjin belang by it hanthavenjen fan de tastân. Hoe mear ûnderwiis en hoe mear feroaring, hoe better oft it foar de ynkomsten is. Ommers der binne altyd bern en learlingen dy’t net beäntwurdzje oan de ferwachtings fan âlden en mienskip. Ik mei hoopje dat soks sa bliuwt.

It is spitich dat politisy net lêze, alteast dêr is noait wat fan te fernimmen. Se hawwe it te drok mei harren optreden yn de media en it twitterjen. Se soenen te riede gean moatte by Michel Eyquem de Montaigne yn syn Essais fan 1580: ‘Toch laat iemands natuurlijke aanleg zich niet gauw geweld aandoen. Als wij niet de goede weg voor kinderen hebben gekozen, sloven wij ons vaak uit voor niets en verspillen veel tijd om hun iets bij te brengen dat ze niet onder de knie kunnen krijgen.’

Fansels heart it ûnderwiis dernei te stribjen om bern, learlingen en studinten safolle mooglik by te bringen. In mear realistyske opfetting oer wat ûnderwiis wol of net ta stân bringe kin, soe lykwols in soad jild en enerzjy besparje en ús mienskip wizer meitsje. Boppedat soe der folle mear wurdearring wêze moatte foar minsken dy’t mei de hannen wurkje. Wy hawwe al dy heger oplaten hielendal net nedich. Mocht ús dat net slagje, dan soe it takomstfisioen fan de opstân fan harren dy’t bûtensluten wurde wolris wierheid wurde kinne, mei alle jammerdearlike gefolgen dêrfan. Wy hawwe dêr de ôfrûne jierren yn tal fan Europeeske stêden foarbylden fan sjoen. It is te hoopjen dat de brânstiftingen yn de Frânske banlieues net ús foarlân binne.

Dit essee waard earder yn ferkoarte foarm opnaam yn NRC en NRC.next, ûnder de titels: ‘Schaam je niet voor een lage opleiding’ en ‘Nederland heeft al die hogeropgeleiden helemaal niet nodig’.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.