Hoer

Publisearre op 8 januari 2014

Achte hear Van den Berg,

Dat ik mei in stel Friezen yn de kroech sit en it de heale jûn oer Grinslân giet. Dat oerkomt my net faak. En nee, it wie net om flauwe grappen te fertellen as ‘It is read en giet werom yn de tiid. De trein nei Grins.’

Nee, we praten oer jim mei in mingeling fan begrutsjen, bewûndering en hope. Begrutsjen omdat jim sa stadichoan de hoer fan it lân wurden binne. Elkenien makket misbrûk fan jim om syn eigen gerak te heljen, mar ferpoft it om in hân út te stekken no’t jim útmergele yn de greppel lizze.

Bewûndering omdat jim no einlings yn opstân komme. Dat jo as CdK (dochs in tsjinstfeint fan de kroan) planút sizze dat jim it ‘zat’ binne, en dêrmei ymplisyt de minsken grien ljocht jouwe om de barrikaden op, dat fyn ik moedich. We soenen synysk sizze kinne dat jo fierstente lang fierstente skruten west hawwe, mar hawar, dat jo no de kat de bel oanbine is knap.

Hope, dat it jim slagje sil om écht in feroaring op gong te krijen. Om in ein te meitsjen oan dy idioate sitewaasje dat de rykdom yn ús lân foar in grut part oan dat gas te tankjen is, mar dat jim dochs ferwurden binne ta in probleemgebiet.

‘Selsbestjoer!’ rôpen myn kroechmaten ienriedich. Dat is de oplossing. En sy binne de domsten net. Losmeitsje fan de Rânestêd en op eigen krêft fierder. Net allinnich Grinslân, mar wy likegoed, oant East-Fryslân ta. In nije kâns om dy hiele Waadstreek wer te ferbinen ta in selsstannich, autonoom gebiet. Fryslân safolle-punt-nul. Ien moai lân fol fan rykdom oan delfstoffen, lânbougrûn, kennis, kultuer en lânskip.

No bin ik net sa Frysk-aktivistysk oanlein en haw ik te min polityk en ekonomysk ferstân om yn te skatten oft Noard-Nederlân, miskien tegearre mei Noard-Dútslân, op eigen poaten stean kin. Mar dat it foar jim dêr yn Grinslân noait folle minder kin, dat hoege jo de minsken mei de skuorren yn de muorren net mear út te lizzen.

Mar ik sjoch ien probleem: oant no ta stekt Fryslân gjin finger út om jim te helpen. Net iens mei wurden. Net in politikus dy’t seit: “Bêste Grinzers, wy stypje jim yn jim striid want wy fiele dat ûnrjocht mei jim mei.” Deastil is it op de linkerwâl fan De Lauwers. Eangstich stil.

Wylst ús sitewaasje sa ferlykber is mei dy fan jim. Ek hjir gasboarrings, ek hjir grûnfersakkings omdat in pear bûtenlânske yndustriëlen goed jild fertsjinje kinne oan sâlt. Minder slim as by jim, mar lykwols. En it giet mar troch. Koartlyn binne der fergunnings ferliend om te sjen oft djip ûnder Fryske grûn grutskalich ierdwaarmte wûn wurde kin, om it lân skylk te rêden as it gas op is. Yn alle stilte, gjin Fries is frege wat dy derfan fynt, of dat wy it miskien net leaver sels dwaan wolle soenen. En gjin Fries wit oft de boaiem aansen fierder sakje sil troch ditsoart strapatsen.

Wy binne dus likegoed hoer. Miskien wat minder bretaal ferkrêfte, miskien wat minder útwenne. Mar dochs. Lykwols, ynstee fan ús buorfrou te helpen by har striid om rjochtfeardigens en wat mear frijheid, sjogge wy leaver nei ús poaier. We bûgje leaver nei links as dat we de hân rikke nei rjochts.

Miskien moatte jo dêr wat oan dwaan. Domwei troch ús oan te sprekken op ús apaty. Sizze: “Jim gean dochs altyd sa prat op jim eigensinnigens, jim status aparte? No, wý dogge it hjir! En wy kinne wol wat help brûke. Wêr bliuwe jim no? Wy ha dochs in bân? Stiet yn jim skiednisboekjes, dêr’t jim sa grutsk op binne en dêr’t jim de gedachte weihelje dat it wol werris wat wurde kin tusken ús. En ús dan no smoare litte? Jim tinke dochs net dat wy dan aansen in poat nei jím útstekke sille, as by jim boaiem ek begjint yn te klinken en te daverjen? Dit is jim kâns! Hjir, no! Help ús!”

Asjeblyft, no haw ik it al foar jo útskreaun. Jo hoege it allinnich noch mar út te sprekken. By ús yn de kroech kinne jo wol oefenje.

 

Bart Kingma

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]