De Tiidmasine

ATE GRIJPSTRA –

Wittenskiplik sjoen is it net per defininysje ûnmooglik: reizgje troch de tiid. Jo moatte allinne efkes sjen út te finen hoe’t jo it ljocht te fluch ôf wêze kinne. Sels behearskje ik de keunst al jierren. Ik doch gewoan de eagen ticht en

… bin wer yn de healtsjustere keuken. Wy binne út de wenkeamer ferballe troch de kofjedrinkende folwoeksenen. Ferfeling slacht ûnmeilydsum ta, mar ien fan de famkes krijt it idee om mei-inoar te lústerjen nei in spannend harkspul dat op in kasettebantsje fan har heit stiet.

It audioboek-avant-la-lettre krijt ús folslein yn ‘e besnijing mei syn metalen silinders, tentakels, bûtenierdske wêzens, ferneatigingswapens en it systematysk útroegjen fan it minsklik ras. Allegear ûnsin fansels. Mar sa realistysk en sa freeslik benearjend brocht, dat we wiken letter noch bloedreade nachtmerjes ha.

It wie in earste kennismeitsjen mei de lugubere fantasij fan Herbert George Wells (1866-1946). Letter folge The War of the Worlds yn boekfoarm. En The Invisible Man en The Time Machine. Noch wer letter waard de muzyk fan Jeff Wayne ûntdutsen. En ferskate ferfilmingen fansels. Tige fasinearjend…

Werom yn it No oanbelâne, docht bliken dat de wrâld fan Wells ek lang om let yn de Fryske taal tagonklik makke is. Geart fan der Mear sette de novelle The Time Machine oer yn, wat Utjouwerij Elikser oantsjut as, ‘geef Frysk’.

Mei wurden as ‘skrutelens’, ‘fanneed’, ‘rispinge’, ‘ferrinnewearre’ en ‘betsjânsjelje’ kinne jo yndie wol fan in beskate gevens sprekke. Mar it is mar de fraach oft elkenien Fan der Mear syn typearjende ‘mij-hij-sij-wij-bij’ (ynstee fan ‘my-hy-sy-wy-by’) wol standert-skriuwtaal-Frysk fynt.

En wat te tinken fan fokabulêr as ‘heel-oardeel’ (‘hiel-oardiel’), ‘droom-stroom’ (‘dream-stream’) en ‘histearise-gemise’ (‘hystearyske-gemyske’) dat yn dizze oersetting brûkt wurdt? Taalkundich goed oer neitocht, hear, mar it skaait earder nei ‘idiolektysk’ út as nei ‘geef’.

Begryp my goed: sels mei ik der wol oer, sok taalferskaat. De ynhâld fan De Tiidmasine noasket my lykwols noch better. Wy geane sawol werom nei de Fiktoriaanske tiid as hûnderttûzenen jierren de takomst yn. Wy belibje foar it earst of opnij it Wellskiaanske fizioen fan de degeneraasje fan it minskdom. Wy dreame wer ús swartreade dreamen.

Wat wol in bytsje tiidreizger noch mear?

 

H.G. Wells, De Tiidmasine. Oerset troch Geart fan der Mear. Utjouwerij Elikser, Ljouwert, 113 siden, EUR 17,00. Bestel hjir.

Comments
2 reaksjes oan “De Tiidmasine”
  1. Arjan Hut schreef:

    Moai boek, man.

  2. Geart schreef:

    Ate,

    do snapst fansels wol dat ik wat myn nocht ha fan dat al te keunstmjittege en fier-fan-it-sprutsen-Frysk-ôfsteande Afûk-Frysk, mei syn wurden dy’t GJINIEN mear brûkt, lykas EFTER, NEA, EA, SOARGELEAS, DREAM, STREAM, en gean sa mar troch, en mei syn yn it algemien troch HOLLANDOFOBY oanjûne keuze út de ferskillende dialektfoarmen, d.s.w. ALTYD wurdt der keazen foar dy fan twa op himsels geef-Fryske farianten dy’t it MINST op dat frekte Hollâns liket. Sa skreau Waling Dykstra yn de 19e ieu noch HEEL-DEEL etc.- wat helendal geef Frysk is, wylst der sa’t skynt no tocht wurdt dat dat gjin geef Frysk is.Unsin!

    En dy mij-dij-sij-wij-bij kwestje: ek geef Frysk, de mearderheid sprekt dy sa út, do miskien ek wol, en dêr is neat mis mei. ‘Wy’ is Wâld-Frysk, en dat kieze wij, want dan liket it net op dat ferdomde Hollâns, mar oare Wâldfryske foarmen, lykas SATERDI fansels net. De lange Aldfryske lange is wurden as der gjin konsonant op folge, oars is er bleaun. Bijg. TIID, mar TIJ of BIJ (it beestje). De Wâlden hat der yn BIJ – WIJ etc. in koarte fan makke, en dy komt ek oars wol foar yn fluch útsprutsen foarmen yn myn eigen taal: sprek ik sa út.

    Mar goed – ik wol wat tichter bij it praat-Frysk bliuwe, sûnder al te folle konsesjes te dwaan en ik bin grif net komsekwint, mar DREAM etc.giet mij te fier.
    Betink ek dat it Afûk-Frysk NET bestiet as standert – GJINIEN PRAAT IT, en as wij it skriuwe, dogge wij wat nuver.

    O ja, JCP Salverda skriuwt al DROOM yn syn moaie oersetting fan Bürger syn Lenore … en it Grut Frysk Wurdboek tekent it al op yn 1812.

    Oer dy -ysk kwestje wit ik ek noch wol wat te sizzen, mar ik ha op dit stuit myn nocht. Ik hie leaver in echt besprek fan DE TIIDMASINE fan dij lêzen…

    Geart.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.